Springe nei ynhâld

De Hoop (Dokkum)

Ut Wikipedy
De Hoop
mûne / mole
De Hoop yn 2020
De Hoop yn 2020
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Dokkum
adres Suderbolwurk
koördinaten 53° 19' N 5° 59' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
oarspr. gebrûk nôt- en pelmûne
flecht 22,75 meter
boujier 1849
oare ynformaasje
eigner Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 13186
Webside
St. Monumintebehâld NEF
Kaart
De Hoop (Dokkum)
De Hoop

De Hoop (yn 'e folksmûle ek Broekema's mûne) is in nôtmûne út 1849 yn Dokkum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De mûne is mei de Zeldenrust tige wichtich foar it stedsoansjen fan Dokkum.

De mûne waard as nôt- en pelmûne boud op it bolwurk, dêr't oant 1840 in standermûne mei de namme 'De Grutte Mûne' stie. Troch ferkeap kaam de mûne yn 1924 yn hannen fan de famylje Broekema, dy't de mûne santich jier draaie liet. Dêrom waard de mûne ek wol Broekema's mûne neamd. Yn 1994 kocht de gemeente de mûne oan, dy't de mûne ûnderbrocht yn de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel, dy't sûnt de gemeentefúzje yn 2022 de Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân hjit.

Restauraasjes fûnen yn 1965, 1995 en 2022-2023 plak.[1]

De boppekruier is in achtkante stellingmûne, wêrfan't de stelling op in hichte fan 7,44 meter oanbrocht is. De mûne hat in houten ûnderbou en in reiddutsen boppebou mei kape. De binnenroede is Aldhollânsk ophekke en hat fokken mei in útnimber wynboerd. De bûtenroede hat Ten Have remkleppen en in Van Bussel streamlinenoas. De Hoop hat in flecht fan 22,75 meter en is de âldste fan de twa Dokkumer bolwurkmûnen.

De Wikipedy hat ek in side De Zeldenrust (Dokkum).

De oare Dokkumer mûne is de Zeldenrust, dy't tichteby op it Baantjebolwurk stiet.

Yn 2015 presintearren de Dokkumers Warner Banga en Karel Jongsma fan de wurkgroep 'Molenerf' in plan om in tredde mûne op ien fan de Dokkumer bolwurken te bouwen. De doetiidske gemeente Dongeradiel wiisde oardel jier letter it inisjatyf fan de wurkgroep ôf, om't it plan net passe soe yn de romtlike oardering en it bestimmingsplan. De gemeente omskreau in rekonstruksje fan de mûne op it plak as in 'nijboud dekôrstik'.[2][3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: