Springe nei ynhâld

De Froulju fan Trakhis

Ut Wikipedy
De Froulju fan Trakhis
algemiene gegevens
oarspr. titel Τραχίνιαι
auteur Sofoklês
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun <442 f.Kr.
1e opfiering 4?? f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Froulju fan Trakhis
publikaasje (net útjûn)
oersetter Klaas Bruinsma

De Froulju fan Trakhis, yn it oarspronklike Aldgryksk: Τραχίνιαι, Trachiniai, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't ferhellet oer hoe't Heraklês, de held en healgod út 'e Grykske mytology, oan syn ein komt troch tadwaan fan syn eigen frou. It is ûnbekend wannear't Sofoklês dit toanielstik krekt skreaun hat, al moat dat foàr it jier 442 f.Kr. west hawwe. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma datearret fan 1991.

De Froulju fan Trakhis begjint as Deïaneira, de frou fan Heraklês, yn in monolooch foar har hûs te Trakhis ferhellet oer har jonkheid en hoe't se har oanpasse moatten hat nei har houlik. No sit se yn oer Heraklês syn ferwaarleazging fan syn gesin: hy is aloan en alwer op 'en paad en behelle yn it iene aventoer nei it oare, mar hy taalt suver net nei syn frou en bern. No sit se yn noed oer de profesijen dy't geane oer Heraklês en it lân dêr't er op it stuit tahâldt, dat se stjoert harren soan Hullos om him te finen. Fuort nei't Hullos ôfset is, arrivearret der in boadskipper mei it berjocht dat Heraklês de oerwinning behelle hat yn in oarloch en dat er no mei gauwens thúskomme sil.

Likhas, in heraut fan Heraklês, bringt koart dêrnei de bút fan 'e oarloch by Deïaneira thús: in espel slaven. Hy makket Deïaneira wiis dat Heraklês de stêd Oekhalia, op Euboea, belegere hie om't Eurutos, de kening fan dat plak, besocht hie Heraklês ta slaaf te meitsjen. Heraklês swarde doe fansels wraak tsjin dy smjunt en al syn folk, en sadwaande rekke er behelle yn in oarloch tsjin Oekhalia. Deïaneira komt lykwols al rillegau efter de wierheid. Ien fan 'e slaven is Iole, de dochter fan kening Eurutos; Heraklês hie in eachje op har en hat in hiele stêd ferrinnewearre en al it folk dêr deaslein of ta slaaf makke inkeld en allinne om it tsjeppe fanke ta bysliep nimme te kinnen.

Om't Deïaneira it net útstean kin dat Heraklês fan in oare en ek noch in jongere frou hâldt as sy, beslút se om in leafdesbetsjoening te brûken. Jierren lyn wie se ris in rivier oer droegen troch de sintaur Nessos. Healwei de oare kant besocht er him lykwols oan har te fergripen. Mar Heraklês kaam har te help en skeat de sintaur del mei in pylk wêrfan't de punt yn it (giftige) bloed fan 'e Hydra fan Lerna dipt wie. Wylst Nessos stoar, sei er tsjin Deïaneira dat it mingsel fan syn bloed en it gif fan 'e hydra meitsje soe dat se Heraklês syn leafde nea ferlieze soe, as se syn oanwizings mar opfolge. Deïaneira hie dêr foarhinne nea de needsaak fan ynsjoen, mar no't se har bedrige fielt troch Heraklês syn ferealens op Iole, beslút it dochs te dwaan. Se fervet in mantel mei it mingsel fan bloed en gif en lit Likhas dy nei Heraklês ta bringe, mar draacht him op dat inkeld Heraklês de mantel omdwaan mei en dat it ding oant dy tiid yn it tsjuster bewarre wurde moat.

Herkules op syn kremaasjebrânsteapel, troch Hans Sebald Beham.

Nei't Likhas ôfset is, begjint Deïaneira twifels oer de hiele saak te krijen. Se smyt it oerbleaune bytsje fan it mingsel yn 'e sinne, en dan sjocht se dat it guod in siedend soer allyk is. Se kriget foar it ferstân dat Nessos har bedragen hat. Ear't se fierdere aksje ûndernimme kin, komt Hullos thús, dy't har ferteld dat Heraklês troch har geskink no yn 't stjerren leit. Doe't er de mantel omdie, litte er drekt al sa'n slimme pine, dat er der breinroer fan waard en de ûngelokkige Likhas, dy't him it ding brocht hie, de harsens yn sloech.

Deïaneira skammet har djip en hat botte spyt fan har die. As dêr de skerpe wurden fan Hullos noch by komme, jout se har ôf en slacht de hân oan harsels. Pas dêrnei ûntdekt Hullos dat it har bedoeling net wie om Heraklês te deadzjen. De stjerrende Heraklês wurdt ûnderwilens nei hûs ta droegen. Hy lijt ferskriklike pine en is poerrazen oer wat er mient dat in moardoanslach op him troch syn eigen frou is. As Hullos him de wierheid útleit, beseft er lykwols dat de profesijen oer syn dea útkommen binne: der waard fan him sein dat er fermoarde wurde soe troch in deade, en sa is it ek gien, want de Nessos hat fan oare kant it grêf de hân útstutsen om him te fermoardzjen. Uteinlik wurdt de pine sa slim dat er smeket om út syn lijen ferlost te wurden. Syn lêste winsk is dat Hullos mei Iole trouwe sil. It toanielstik einiget as Heraklês fuortdroegen wurdt om libben kremearre te wurden.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan De Froulju fan Trakhis waard, neffens in artikel dat yn 'e Ljouwerter Krante ferskynde[1] yn 1991 makke troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't ek ferantwurdlik is foar de Fryske oersettings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan 'e oare seis oerlevere toanielstikken fan Sofoklês. De Froulju fan Trakhis is lykwols nea as sadanich útjûn, en is boppedat ek net werom te finen yn 'e katalogus fan Tresoar. Dat spitigernôch leit er foar 't neist noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske.

Boarnen

  • Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske, yn: de Ljouwerter Krante, 13 sept. 1991.

Foar fierdere sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Commentaries en References, op dizze side.

de oerlevere toanielstikken fan Sofoklês
Aias | Elektra | Filoktêtês | De Froulju fan Trakhis | de Tebaanske Trilogy (Kening Oidipoes • Oidipoes yn Kolonos • Antígoné)