Springe nei ynhâld

Geheim Evangeelje fan Markus

Ut Wikipedy
Geheim Evangeelje fan Markus
algemiene gegevens
auteur ûnbekend (ferlern gien?)
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ûnbekend (ferlern gien?)

It Geheime Evangeelje fan Markus, dat net betize wurde moat mei it kanonike Evangeelje fan Markus, is mooglik in ferlern giene kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is allinnich mar bekend út it saneamde Mar Saba-brief, wêryn't it Geheime Evangeelje fan Markus omskreaun wurdt as in útwreide ferzje fan it kanonike Evangeelje fan Markus, bedoeld foar in elitêre groep ynwijden yn 'e djippere wierheden fan it kristlik leauwe.

It kleaster Mar Saba om 1900 hinne.

It Mar Saba-brief

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1973 bewearde Morton Smith (1915-1991), in perfester âldheidkundige skiednis oan 'e Columbia University fan New York, in oant doe ta ûnbekend brief ûntdutsen te hawwen yn it kleaster Mar Saba, yn it Westjordaanlân. It brief, dat skreaun wêze soe troch de tsjerkfaar Klemins fan Aleksandrië, wie in kopy fan taheakke oan in santjinde-iuwske printinge fan 'e wurken fan Ignatius fan Antiochië. Mei't de oarspronklike tekst koart nei de ûntdekking skynber oerbrocht waard nei in oar kleaster en dêr op riedselige wize ferdwûn, koe foar fierder ûndersyk inkeld gebrûk makke wurde fan foto's en kopyen, dy dy't Smith sels makke hie ynbegrepen.

De ûntdekking fan it Mar Saba-brief soarge yn akademyske fermiddens foar hiel wat sensaasje, mar doe't bliken die dat it weirekke wie, waard dat daliks folge troch beskuldigings fan ferfalsking en misrepresintaasje. Lettere bestudearring, dy't û.m. hânskriftanalyze fan 'e dúdlikste foto's omfette en dêr't de resultaten fan publisearre waarden yn 2000, smiet foar it earst taastbere oanwizings op dy't sterk yn 'e rjochting fan in ferfalsking wiisden. Foaroansteande wittenskippers, lykas Craig A. Evans en Emanuel Tov, kamen op grûn dêrfan ta de konklúzje dat immen besocht hie de boel te bedonderjen, en dat dy persoan foar 't neist Smith sels wie. Der binne lykwols noch altyd in protte saakkundigen dy't úthâlde dat it Mar Saba-brief wis wol echt wie. Às dat sa is, folget dêrút dat it Geheime Evangeelje fan Markus ek bestien hawwe moat, al sil it dan wierskynlik in pseudedpigrafyske en apokrife tekst ûnder de namme fan 'e apostel Jehannes Markus west hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus