Gallo-Romaanske talen
Gallo-Romaanske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Súd- en Noardwest-Jeropa, dielen fan Noard-Amearika en Afrika | |
tal talen | ±9-35 | |
tal sprekkers | ±90 miljoen (2017) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Latynsk-Faliskysk ● Latyn ● Romaansk ● Westromaansk ● Gallo-Romaansk | |
subgroepen | ● Franko-Provansaalsk ● Gallo-Italyske talen ● Oïlyske talen ● ?Oksitano-Romaanske talen ● Reto-Romaanske talen |
De Gallo-Romaanske talen foarmje (mei de Ibearo-Romaanske talen) ien fan 'e beide taalgroepen fan 'e Westromaanske talen. De Gallo-Romaanske taalgroep is opboud út ferskate lytsere groepen. De grutste Gallo-Romaanske taal is it Frânsk, mei yn 2014 wrâldwiid sa'n 77 miljoen memmetaalsprekkers. Yn totaal binne der 9 oant 35 Gallo-Romaanske talen, ôfhinklik fan wêr't men de grins leit tusken taal en dialekt, dy't mei-inoar sa'n 90 miljoen memmetaalsprekkers hawwe.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan 'e Gallo-Romaanske talen giet werom op Galje. Dat wie yn 'e Romeinske Tiid de namme foar in oarspronklik fierhinne troch de Kelten bewenne gebiet dat it hjoeddeistige Frankryk, Belgje, Switserlân en noardlik Itaalje omfette.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike fersprieding fan 'e Gallo-Romaanske talen beslacht dielen fan Súd- en Noardwest-Jeropa. It giet dêrby yn it foarste plak om Frankryk útsein Bretanje, Frânsk-Baskelân en de Elzas, mar oanfolle mei Walloanje, Romanje (it Frânsktalige diel fan Switserlân) en dielen fan noardlik Itaalje en súdlik en súdeastlik Switserlân. As it Katalaansk ta de Gallo-Romaanske talen rekkene wurdt, heart ek de eastkust fan it Ibearysk Skiereilân ta it oarspronklike ferspriedingsgebiet.
Sûnt de sechstjinde iuw hat it Frânsk him as iennichste fan 'e Gallo-Romaanske talen ferspraat nei oerseeske gebieten: Kebek, inkele oare dielen fan Kanada, Louisiana en Sint-Pierre en Miquelon yn Noard-Amearika, Martinyk, Gûadelûp, Frânsk-Sint-Marten en Sint-Bartelemy yn it Karibysk Gebiet, Frânsk-Guyana yn Súd-Amearika en Reünion yn 'e Yndyske Oseaan. Yn beskate oare dielen fan 'e wrâld, lykas West-Afrika, Sintraal-Afrika, de Magreb, Madagaskar, Nij-Kaledoanje en Frânsk-Polyneezje wurdt it Frânsk fral as twadde taal sprutsen.
Underferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Gallo-Romaanske taalgroep bestiet út ferskate subgroepen:
- it Franko-Provansaalsk
- de Gallo-Italyske talen
- de Oïlyske talen
- de Oksitano-Romaanske talen
- de Reto-Romaanske talen
It swiertepunt fan 'e taalgroep wurdt foarme troch de Oïlyske talen, dêr't it Frânsk ta heart. De Gallo-Italyske talen wurde yn noardwestlik Itaalje sprutsen en wurde faak foar dialekten fan it Italjaansk (in Eastromaanske taal) oansjoen. De Reto-Romaanske talen wurde yn noardeastlik Itaalje en de súdlike Alpen sprutsen. It Franko-Provansaalsk is in oergongstaal tusken de Oïlyske groep yn it noarden en it Oksitaansk en it Gallo-Italysk yn it suden.
It Oksitaansk heart mei it Katalaansk ta de Oksitano-Romaanske talen. De yndieling fan dy groep is problematysk, mei't it Katalaansk folle mear gemien hat mei de Ibearo-Romaanske talen (û.m. Spaansk en Portegeesk) as mei de alle oare Gallo-Romaanske talen útsein it Oksitaansk. It Oksitaansk hat lykwols folle mear gemien mei de Gallo-Romaanske talen as mei de Ibearo-Romaanske talen. Sadwaande wurde de Oksitano-Romaanske talen noris by de Gallo-Romaanske talen en dan wer by de Ibearo-Romaanske talen yndield. In radikale oplossing soe wêze kinne om it Oksitaansk by de Gallo-Romaanske talen yn te dielen en it Katalaansk by de Ibearo-Romaanske talen. Mar dat doocht taalhistoarysk net, om't it Oksitaansk en it Katalaansk sûnder mis út in mienskiplike oarsprong ûntstien binne.
|
Taalkundige skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It taalkundich skaaimerk dat de Gallo-Romaanske talen ûnderskiedt fan 'e oare Westromaanske talen, is it iere ferlies fan alle wurdeinige fokalen útsein /-a/. Oare skaaimerken fan dizze talen binne:
- In fierdere reduksje fan wurdeinige fokalen yn 'e Oïlyske en de measte Gallo-Italyske talen, wêrby't in froulike /-a/ en in epentetyske /-e/ ferraanden ta de sjwa /-ə/, dy't neitiid faak ek weiwurden is.
- In iere, grutskalige reduksje fan fokalen sûnder klam middenyn wurden.
- As gefolch fan it ferlies fan 'e wurdeinige fokaal waard de fokaal yn it iepen wurdlid dêrfoar ferlinge. Yn 'e measte Gallo-Italyske talen bleau dy sitewaasje beholden, mar yn oare Gallo-Romaanske talen gie de lange fokaal letter wer ferlern. Om't de lange fokaal tsjin dy tiid ta in twalûd wurden wie, bleau it ûnderskie lykwols hanthavene. Dat proses fan diftongisearring wie benammen yn 'e Oïlyske talen tige sterk.
- Rûne foarlûden lykas [y] (ú fan "tút"), [œ] (u fan "put") en [ø] (eu fan "leuk") komme yn talen fan alle fjouwer Gallo-Romaanske subgroepen foar.
- De Oïlyske talen, it Retoromaansk fan Switserlân en in protte noardlike Oksitaanske dialekten hawwe in sekundêre palatalisaasje fan 'e /k/ en de /ɡ/ ûndergien, dy't karakterisearre wurdt troch oare resultaten as de primêre palatalisaasje fan alle Romaanske talen. Foarbylden út it Frânsk binne fan 'e primêre palatalisaasje: cent [sɔ̃ː] fan it Latynske centum [ˈkɛntum] ("hûndert"); en fan 'e sekundêre palatalisaasje: chant [ʃɔ̃ː] fan it Latynske cantum [ˈkantum] ("sang").
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |