Bisdom Sankt Pölten
It Bisdom Sankt Pölten (Latyn: Dioecesis Sancti Hippolyti) is sûnt 1785 in roomsk-katolyk bisdom mei de sit yn Sankt Pölten. It bisdom falt ûnder de tsjerkeprovinsje Wenen en omfiemet it westlike diel fan Neder-Eastenryk, dus it Wald- en Mostviertel.
Oant 1785 foel it westen fan Neder-Eastenryk ûnder it prinsbisdom Passau. Keizer Joazef II twong Passau mei in dekreet fan 4 augustus 1784 om de parochy's fan Neder-Eastenryk ôf te stean en brocht dy ûnder yn it nij stifte bisdom Sankt Pölten.
Mei de bul fan 28 jannewaris 1785 folge de tsjerklike bekrêftiging troch paus Pius VI. De biskop krige de gebouwen fan it krekt foar dy tiid ophefte Augustinerkoarhearen stift tawiisd, as katedraal tsjinne de Marije-Himelfearttsjerke fan it eardere stift. De lêste biskop fan Wiener Neustadt waard de earste biskop fan Sankt Pölten: de oarspronklik út Nederlân ôfkomstige Hendrik Jan Kerens.
Katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Domtsjerke Marije-Himelfeart, Sankt Pölten
Patroanhillige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hippolytus fan Rome († 235)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|