Bertrix
Bertrix | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | België |
Dielsteat | Walloanje |
Provinsje | Lúksemboarch |
Sifers | |
Ynwennertal | 8.550 (2014) |
Oerflak | 137,7 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 62,09 / km² |
Stêdekloft | n.f.t. |
Oar | |
Webside | Webstee fan de gemeente |
Bertrix (Waalsk: Bietris) is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje Lúksemboarch.
Yn de gemeente Bertrix leit de NATO-loftmachbasis Jehonville Air Base.
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 11 maaie 1940, de twadde dei fan de westlike kampanje, waard Bertrix om 16.00 oere hinne ynnommen troch troepen fan de Wehrmacht (1e Panzer Division), dy 't as doel hiene de Maas by Sedan oer te stekken, wat fluch slagge. Earder wiene Frânske kavalery-ienheden op harren weromtocht troch Bertrix gien. Se hiene dêr in pear Hotchkiss H-39 lichte tanks efterlitten - omdat de H-39 mar in 37 mm kanon hie, koe er gjin bedriging foarmje foar de Dútske Panzer III en Panzer IV.
België wie beset troch de Wehrmacht oant de winter fan 1944/45. Bertrix en omkriten waard ek troffen troch it Ardennenoffensyf fan 16 desimber 1944.[1]
Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bertrix leit oan it spoar en hat treinferbinings mei Libramont, Dinant en Virton. Utsein it wykein ride der treinen oer Virton en Aubange nei Arlon.
Dielgemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]# | Namme | Oerfl. (km²) |
Ynwenners (2020) |
Ynwenners de km² |
NIS-koade |
---|---|---|---|---|---|
1 | Bertrix | 47,17 | 6.100 | 129 | 84009A |
2 | Jehonville | 32,70 | 742 | 23 | 84009B |
3 | Orgeo | 33,08 | 1.301 | 39 | 84009C |
4 | Cugnon | 11,76 | 360 | 31 | 84009D |
5 | Auby-sur-Semois | 13,80 | 339 | 25 | 84009E |
Wenkearnen yn de gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Gemeentehûs fan Bertrix
-
De St. Stefanustsjerke
-
Tsjerke fan Jehonville
-
Tsjerke fan Assenois
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bertrix fan Wikimedia Commons. |