Bernard Slicher van Bath
Bernard Hendrik Slicher, bekend as Bernard Hendrik Slicher van Bath (Ljouwert, 12 febrewaris 1910 – Wageningen, 27 septimber 2004) wie in Nederlânse histoarikus, spesjalisearre yn agraryske skiednis. Syn fan wie offisjeel Slicher, mar doe't er titulêr hear fan it Siuwske Bath waard nei de dea fan syn pake, heakke er van Bath offisjeus oan syn namme ta.[1]
Bernard Slicher van Bath studearre oan de Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit Utert en promovearre yn 1945 bij Jan Romein te Amsterdam op Mensch en Land in de Middeleeuwen. Bijdrage tot een geschiedenis der nederzettingen in Oostelijk Nederland. Hy wurke dêrnei yn it argyfwêzen, as heechlearaar yn Grins, by de Lânbouhegeskoalle Wageningen en, nei syn pinsjoenearring, oan de Ryksuniversiteit Leien (1976-1981) en oan de Katolike Universiteit Nimwegen. Slicher van Bath syn meast bekende wittenskiplik wurk is it gesachhawwende De agrarische geschiedenis van West-Europa 500-1850 uit 1960.
Yn 1974 krige Bernard Slicher van Bath de Priis foar Masterskip. Hy stoar mei 94 jier yn syn went te Wageningen.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- B.H. Slicher van Bath: Mensch en land in de Middeleeuwen. Bijdrage tot een geschiedenis der nederzettingen in oostelijk Nederland. 2 Dielen. Assen, 1944.
- B.H. Slicher van Bath: Een samenleving onder spanning. Geschiedenis van het platteland in Overijssel. 1956
- B.H. Slicher van Bath: De agrarische geschiedenis van West-Europa (500-1850). 6e printinge. Utert, 1987. (1e pr. 1960) ISBN 90-274-5319-5 (5e pr.), ISBN 90-274-1821-7 (6e dr.)
- B.H. Slicher van Bath: De bezinning op het verleden in Latijns-Amerika, 1493-1820. Auteurs, verhalen en lezers. 1988. ISBN 90-801871-8-6
- B.H. Slicher van Bath: Leven met het verleden. Grins, 1998. ISBN 90-801871-9-4
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nominatie Grootste Wageninger: Slicher van Bath. Wb, Wykblêd foar Wageningen UR, 18 novimber 2004.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk skiedkundige
- Frysk lânboukundige
- Frysk heechlearaar
- Frysk publisist
- Nederlânsk skiedkundige
- Nederlânsk lânboukundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1910
- Persoan stoarn yn 2004