Bûter
Appearance
Bûter is in smarbere en almeast ytbere stof, op basis fan molke. Letter is besocht om bûter yn fabriken nei te meitsjen op basis fan oalje en fetten, dat wurdt margarine neamd. Letter waarden de begripen wolris troch elkoar brûkt en seinen in soad minsken bûter tsjin margarine. Om oan te tsjutten dat it om bûter op basis fan fette molke gie waard bûter dan ek wol as 'rjemmebûter' of 'boerebûter' oantsjutten. De persize soarte bûter wurdt oantsjut troch de grûnstof der yn de namme foar te setten. Foar rjemmebûter, bûter op basis fan rjemme, wurdt ornaris gewoan bûter sein.
Ferskate soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne ferskate bûtersoarten, basearre op ferskate soarten fet as oalje:
- Rjemmebûter, de tsjerne rjemme fan komolke;
- Ghee, in Yndiaaske foarm fan klearde bûter;
- Jakbûter, bûter makke fan Jak-molke;
- Kakaobûter, it fet dat fan natuere foarkomt yn de kakaobean;
- Karitebûter, bûter makke fan de drûge nuten fan de bûterbeam;
- Kuolhûsbûter, lang yn in kuolhûs bewarre bûter dy't dêrom gjin wetlik gjin 'rjemmebûter' neamd wurde mei;
- Mangobûter, it giel-krêmkleurige fet yn de pit fan de mango;
- Margarine of halvarine, ferfangers fan bûter, ornaris op p lantebasis;
- Tonkabûter, bûter fan de oalje fan de tonkabean.
Oare soarten binne bûter mei wat deroan tafoege:
- Krûdebûter, bûter dêr't túnkrûden as petersealje, bieslook en knyflok yn ferwurke binne;
- Wytbûter, bûter dêr't THC, in psychoaktive stof, yn oplost is.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Butter fan Wikimedia Commons. |