Springe nei ynhâld

Arthur Lowe

Ut Wikipedy
Arthur Lowe
akteur
Stânbyld fan Lowe as Captain Mainwaring
Stânbyld fan Lowe as Captain Mainwaring
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Berjocht:GBRnajs
berne 22 septimber 1915
berteplak Hayfield, Derbyshire
stoarn 15 april 1982
stjerplak Birmingham
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf 1945-1982
offisjele webside
IMDb-profyl

Arthur Lowe (Hayfield, Derbyshire, 22 septimber 1915 - Birmingham, 15 april 1982) wie in Ingelsk akteur.

Lowe waard ûnder oare bekend fan syn rol as Captain Mainwaring yn de telefyzjerige Dad's Army en spile wit hoe folle rôlen yn (fral komyske) Britske telefyzjesearjes. Hy waard nominearre foar sân BAFTAs en waard ien fan de bekendste gesichten op telefyzje.

Arthur Lowe waard grutbrocht yn Manchester en wie yn de Twadde Wrâldoarloch as militêr radartechnikus yn de Egyptyske woastyn. Hy die dêr út en troch mei oan toaniel- en kabaretfoarstellingen foar de troepen. Doe't er de tsjinst ferliet as sersjant-majoar hie er de smaak fan it aktearjen te pakken krige.

Lowe debutearre yn 1948 mei in roltsje yn de spylfilm London Belongs to Me, in dramafilm mei Richard Attenborough yn de haadrol. Ein jierren 40 en de jeirren 50 fan de 20e iuw bleau er lytse rollen spyljen yn films, lykas One Way Out (1955) en The Green Man (1956).

Yn 1958 spile er foar it earst yn in telefyzjerige, Leave It to Todhunter, in BBC-detektivesearje fan seis dielen, mei û.o. ek Ballard Berkeley (bekend as de senile majoar út Fawlty Towers). Noch itselde jier en it jier dêrop spile er yn de 26-dielige komedysearje All Aboard. Tusken 1960 en 1965 spile er de rol fan Leonard Swindley yn de langduorjende searje Coronation Street.

Lowe hie it drok yn de jierren 60. Hy hie gastrollen yn ûnder oaren Z Cars, The Avengers en Maigret en spile yn sylfilms. Teffens krige syn personaazge út Coronation Street yn 1965 syn eigen telefyzjerige mei de namme Pardon the Expression. De searje wie ien fan mar in pear spin-offs fan in soap, dy't omset waard yn in sitcom. Der waarden 36 ôfleveringen fan makke en yn 1967 waard der noch in searje fan 6 ôfleveringen om de persoan fan Leonard Swinley makke.

Sûnt 1968 spile Lowe syn bekende rol fan Captain Mainwaring yn Dad's Army. Yntusken die er noch folle mear, om't yn Ingelân it seizoen meast mar 6 ôfleveringen makke waarden. Yn 1971 waard der in spylfilm fan Dad's Army makke, mei sa'n bytsje alle akteurs fan de searje. Lowe bleau gastrollen spyljen yn oare searjes lykas de telefyzjerige Doctor at Large, de komedysearje The Last of the Baskets en de rige It's Murder But Is It Art. E siet er yn 1976 yn de 11-dielige searje Bill Brand.

In oare rol wêr't er yn Nederlân bekend fan is, is dyn fan Pastoar Charles Clement Duddleswell yn de komedysrige Bless Me Father (yn Nederlân Alle zegen komt van boven). Tusken 1978 en 1981 waarden der 21 ôfleveringen makke. Ek de rol fan Redvers Potter yn de telefyzjerige Potter (1979-1980) is frijiwat bekend.

De lêste searje fan Lowe waard koart foar syn dea opnaam en earst nei syn ferstjerre útstjoerd; it wie de komedysearje A.J. Wentworth, BA, dy't te sjen wie op ITV. Lowe's lêste wapenfeit wie de grut opsette minyrige Wagner, dy't yn 1983 útstjoerd waard. Hy spile de rol fan Meser.

Op 10 jannewaris 1948 boaske Lowe oan aktrise Joan Cooper, mei wa't er oant syn dea troud bliuwe soe. Hy moete har by it reizgjend teäterselskip dêr't er sels ek by siet. Lowe en Cooper krigen yn 1953 in soan, Stephen. De lêste jierren fan syn libben waard Lowe's sûnens hieltyd minder, mei troch syn alkoholgebrûk. Hy wie oanhelle mei narkolepsy en hie ûnder mear lest fan hege bloeddruk. Fral om it syn frou nei it sin te meitsjen, dy't nei lange ôfwêzigens werom yn it teäter wie, bleau er hurd oan 't wurk.

Doe't Lowe 1982 yn syn klaaikeamer yn Birmingham hommels ferstoar oan in beroerte, wie er op teätertoernee. Lowe waard 66 jier. Eltsenien wie ferbjustere doe't Lowe's widdo der op oanstie dat de foarstelling fan dy jûn en ek folchjende gewoan troch gie. Se spile sels yn dat stik en woe der net fan ôfstappe.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1948 London Belongs to Me Forins yn trein Net op ôftiteling (n.o.o.)
1949 Floodtide Pianist n.o.o.
Stop Press Girl Archibald n.o.o.
Kind Hearts and Coronets De ferslachjouwer
Poet's Pub Coach Guide n.o.o.
The Spider and the Fly Gemeentesiktaris
Cage of Gold Koarte man n.o.o.
Gilbert Harding Speaking of Murder 3e dramakritikus
1954 Final Appointment Mr. Barrett
1955 Reluctant Bride Mr. Fogarty
The Woman for Joe George's agint n.o.o.
One Way Out Sam
Murder Anonymous Fingerôfdrukekspert n.o.o.
Windfall n.o.o.
1956 Who Done It? Bit Part n.o.o.
Breakaway Mitchell
The Green Man Radioferkeaper
High Terrace n.o.o.
1957 Hour of Decision Saakkundige kalligrafy
Stranger in Town Jewelier
1958 Blind Spot Automonteur n.o.o.
Stormy Crossing Garaazje-eigener
1959 The Boy and the Bridge Brêgetechnikus
1960 The Day They Robbed the Bank of England Bankbestjoerder n.o.o.
Follow That Horse! Feilingmaster n.o.o.
1962 Go to Blazes Sipier
1963 This Sporting Life Charles Slomer
1965 You Must Be Joking! Oare helte
1967 The White Bus Boargemaster
1968 If.... Mr. Kemp: Staff
1969 It All Goes to Show Riedslid Henry Parker
The Bed-Sitting Room Heit
1970 Spring and Port Wine Mr. Aspinall
Some Will, Some Won't Plysjeman
The Great Inimitable Mr. Dickens John Dickens
Fragment of Fear Mr. Nugent
The Rise and Rise of Michael Rimmer Ferret
1971 A Hole Lot of Trouble Whitehouse
Dad's Army Kaptein Mainwaring
1972 The Ruling Class Daniel Tucker
Adolf Hitler – My Part in His Downfall Majoar Drysdale
1973 Theatre of Blood Horace Sprout
O Lucky Man! Mr. Duff / Charlie Johnson / Dr. Munda
No Sex Please, We're British Mr. Bromley
1974 Man About the House Spiros
1976 The Bawdy Adventures of Tom Jones Dr. Thwackum
1977 The Strange Case of the End of Civilization as We Know It Dr. William Watson, M.D.
1979 The Lady Vanishes Charters
1980 Sweet William Captain Walton
1982 Britannia Hospital Besite fan pasjint
Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
televyzje
1960–65
1965–1966
1967
Coronation Street
Pardon the Expression
Turn Out the Lights
Leonard Swindley
1968–1977 Dad's Army Captain Mainwaring
1970 Rookery Nook Harold Twine
1971 Doctor at Large Dr Maxwell
1971–1972 The Last of the Baskets Redvers Bodkin
1972 It's Murder, But Is It Art? Phineas Drake
1974 Microbes and Men Louis Pasteur
David Copperfield Wilkins Micawber
1977 Car Across the Pass Galton & Simpson Playhouse
1978–1981 Bless Me, Father Pastoar Charles Clement Duddleswell
1979 The Plank Slapstick foar telefyzje
1979–1980 Potter Redvers Potter
1982 A J Wentworth, BA Arthur James Wentworth, B.A. postúm