Alexis Boyer
Alexis Boyer, fan 1810 ôf Alexis baron Boyer (Uzerche, 1 maart 1757 - Parys, 25 novimber 1833) wie in Frânske anatoom en sjirurch.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan in skroar en krige syn earste medyske ûnderrjocht yn de winkel fan in barbier-sjirurgyn. Doe't er nei Parys ferhuze om learling-barbier te wurden hie er it gelok dat er de oandacht luts fan de ferneamde sjirurgen Antoine Louis (1723-1792) en Pierre-Joseph Desault (1744-1795). Boyer bleau trochsetten yn syn fak en waard ferneamd om syn anatomyske kunde en sjirurgyske betûftens. Hy wie 37 jier doe't er beneamd waard ta twadde sjirurg fan it Hôtel-Dieu yn Parys. By de oprjochting fan de École de Sante krige Boyer de learstoel operative sjirurgy, mar dy wiksele er rillegau yn foar de learstoel fan de klinyske sjirurgy. Boyer spesjalisearre him yn de urologyske patology, benammen oandwanings fan it urinearjen.
Boyer wie in hoeden en kritysk dokter, dy't net gau fertrouwen yn nije behannelingsmetoaden hie. Hy praktisearre handich en ferstandich en koe ek goed skriuwe. Syn twa masterwurken binne Trait complet de l'anatomie (yn 4 dielen, 1797-1799), dêr't yn 1815 in fjirde druk fan ferskynde, en Trait des maladies chirurgicales et des operations qui leur conviennent (yn 2 dielen, 1814-1826), wêrfan't yn 1844-1853 in nijere útjefte yn sân dielen ferskynde mei oanfollingen fan syn soan, de sjirurch Philippe Boyer (1801-1858).
Yn 1805 befoardere Napoleon Boyer ta keizerlik famyljesjirurg (premier chirurgien de l'Empereur) en nei de suksesfolle fjildtochten fan 1806 en 1807 skonk er him it Légion d'honneur, mei de titel fan baron fan it keizerryk en in salaris fan 25.000 francs.
Nei de fal fan Napoleon bleau Boyer fanwege syn fertsjinsten yn de geunst fan de opfolgjende Frânske foarsten en waard er riejaand sjirurch fan Louis XVIII, Charles X en Louis Philippe. Yn 1825 folge Boyer J.F.L. Deschamps (1740–1824) op as haadsjirurch oan it Hôpital de la Charité en waard er ta lid fan de Académie des sciences (de l’Institut de France) keazen.
As entûsjast patriot die er mei oan de bestoarming fan de Bastille (op 14 july 1789) mei de studinten fan de medyske fakulteit.
Hy stoar yn 1833 yn Parys yn de âldens fan 76 jier.
Wurken (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Traité complet d'anatomie (Parys 1797–1799)
- Traité des maladies chirurgicales (Parys 1814–1826)
- Lecons sur les maladies des os (Parys 1803)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|