Springe nei ynhâld

Albrecht fan Saksen

Ut Wikipedy
Albrecht III de Kloekmoedige
libben
berne? - 1443
ferstoarn? - 1500
heitFreark II fan Saksen
memMargareta fan Eastenryk
Hartoch fan Saksen
perioade1485 - 1500
foargongerFreark II fan Saksen (Freark II de Sêftmoedige)
opfolgerJoris mei it Burd
Lângreve fan Tueringen
perioade1482 - 1485 (tegearre mei Ernst)
foargongerWillem III fan Saksen
opfolgerErnst fan Saksen

Albrecht III (Grimma, 27 jannewaris 1443Emden, 12 septimber 1500), byneamd de Kloekmoedige, wie fan 1485 oant 1500 hartoch fan Saksen. Hy wie de jongere soan fan karfoarst Freark de Sêftmoedige en earste hearsker fan de Albertynske liny fan de lettere keningen fan Saksen. Yn 1498 waard hy troch de Dútske keizer beneamd ta gûverneur (potestaat) fan Fryslân, de Ommelannen ynbegrepen, wat wol sjoen wurdt as de ein fan de Fryske frijheid.

Op tolvejierrige leeftyd waard hy tegearre mei syn broer Ernst fan Saksen ûntfierd troch in Kunz fan Kaufungen, mar hy wist te ûntkommen, en brocht inkele jierren troch oan it hôf fan Hillich Roomske Keizer Freark III yn Wenen.

Yn 1464 troude hy Sidoania, dochter fan George fan Podiebrad, kening fan Bohemen, mar hy krige net de kroan fan Bohemen doe't Georg yn 1471 ferstoar.

Letter yn 1464 stoar karfoarst Freark II, en Albrecht en Ernst besletten tegearre oer Saksen te hearskjen. Yn 1485 waard Saksen lykwols oanfallen troch Thüringen. By it Ferdrach fan Leipzig waard Saksen yn twaen splist: Albrecht krige it westlik gedielte fan Saksen (Meißen), syn broer bleau Karfoarst fan Saksen, en hold de kontrôle oer de eastlike dielen fan Saksen (Wittenberch). Omdat Saksen-Meissen folle riker wie as de Ernestynske dielen fan Saksen, en Albrecht no ek it noarden fan Thüringen yn wist te liivjen, waard Albrecht ferplichte 100.000 florijnen te beteljen oan Ernest as skeafergoeding. Dy ûngelike dieling fan Saksen late 80 jier letter ta in konflikt tusken de beide lynjes.

Albrecht fan Saksen

Yn 1475, yn de kampanje tsjin Karel de Stoute fan Boergonje krige Albrecht in soad lof as in kapabel militêr lieder, en yn 1487 late hy in ekspedysje tsjin Kening Matthias Corvinus fan Hongarije, dy't lykwols mislearre omdat keizer Freark III te min steun tasei.

Yn 1488 holp Albrecht om Maksimiliaan I te befrijen neidat rebellen yn Brugge him finzen set hienen. Yn 1489 waard Albrecht efterlitten as syn plakferfanger om de oarloch fuort te setten, en hy wist foar Maksimiliaan de greefskippen Hollân, Flaanderen en Brabân werom te feroverjen, mar omdat him net tastien waard dy distrikten te plonderjen, late soks ta in grut finansjeel ferlies.

Yn Fryslan en Grinslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As betelling foar syn tsjinsten makke Maximiliaan Albrecht yn 1498 ta gûverneur (potestaat) fan Fryslân. Fryslân, de Ommelannen ynbegrepen, hie himsels altyd as frij sjoen. It makke wol diel út fan it Hillige Roomske Ryk, mar seach himsels as ryksûnmidlik. It hie nea in Hear kend. De Fryske lannen waarden oan de ein fan de 15e iuw it striidtoaniel fan de konflikten tusken Skieringers en Fetkeapers. De stêd Grins like yn dy konflikten de ienige machtsfaktor dy't aktyf optrede koe en wreide har macht út oant sawat hiel Fryslân en Grinslân. Om de macht fan de stêd te beheinen waard Albrecht troch guon yn Fryslân mei iepen earmen ûntfongen. Hy wist Fryslân foar it grutste part ûnder kontrôle te krijen en waard ek troch Grinslân as hear erkend. Sa gau as't er werom gien wie nei Saksen-Meissen bliek syn erkenning lykwols benammen in lippetsjinst. Grinslân waard binnenfallen troch de greve fan East-Fryslân.

Koart dêrnei stoar Albrecht tichteby Emden, en waard begroeven yn Meissen. Hy waard opfolge troch syn soannen Hindrik V fan Saksen en Joaris mei it Burd.

De ferovering troch Albrecht III fan de Fryske lannen markearre wol de definitive ein fan de Fryske Frijheid. Ek de Fryske taal waard dêrnei as bestjoerstaal ferfongen troch it Nederdútsk.