Achlumer Mole
Achlumer Mole | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2009 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Achlum | |
adres | Hitsumerwei 3 | |
koördinaten | 53° 8' N 5° 29' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | Muonts | |
funksje | Poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen fan de Achlumer Noardpolder | |
flecht | 18,60-18,70 meter | |
boujier | 1851 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting De Fryske Mole | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15821 | |
Webside | ||
De Fryske Mole | ||
Kaart | ||
De Achlumer Mole stiet by Achlum en is in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Achlumer mole waard yn 1851 boud om de Noardpolder te bemeallen en is de lêste fan de eartiids fjouwer poldermûnen om Achlum.[1]
De houten achtkant waard troch de foarrige eigner Haye Thomas skonken oan de 'Stifting De Fryske Mole'. Fan dy mole stie doe allinnich de romp noch. De mole hat in flecht fan 18.60 / 18.70 m
Yn 2007 is hy folslein restaurearre. De al yn 1954 weihelle keningsspil, it sturtwurk, it geflecht en de kape waarden opnij oanbrocht. Sûnt 1950 draaide de skroef op in elektromotor. Mei Wetterskip Fryslân is ôfpraat dat de mole no wer mei wynenerzjy ynsetten wurde sil foar it bemeallen fan Achlumer Noardpolder. By de mole stiet de eardere moolnerswente, dy't no foar rekreaasje brûkt wurdt.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|