24 Hours to Live
24 Hours to Live | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Brian Smrz | |
produsint | Mark Gao Basil Iwanyk Gregory Ouanhon | |
senario | Zach Dean Jim McClain Ron Mita | |
kamerarezjy | Ben Nott | |
muzyk | Tyler Bates | |
filmstudio | Thunder Road Films Fundamental Films Film Afrika Worldwide | |
distribúsje | Saban Films | |
spilers | ||
haadrollen | Ethan Hawke Xu Qing | |
byrollen | Paul Anderson Tyrone Keogh Liam Cunningham Rutger Hauer | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Sina Súd-Afrika | |
premiêre | 1 desimber 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Sineesk) | |
spyltiid | 93 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ûnbekend | |
opbringst | $5,8 miljoen |
24 Hours to Live (útspr. as Twenty-four Hours to Live) is in Amerikaansk-Sineesk-Súdafrikaanske aksjefilm mei science fiction-eleminten út 2017. De film stie ûnder rezjy fan Brian Smrz, en de haadrollen waarden spile troch Ethan Hawke en Xu Qing. De titel betsjut "24 Oeren te Libjen". It ferhaal draait om in hierling dy't in tsjûgenis ôflizze wol tsjin syn eardere wurkjouwer, it bedriuw Red Mountain, dat medyske eksperiminten op earme Afrikanen útfierd hat. Hy wurdt beskerme troch de Hongkongske Interpol-aginte Lin Bisset. Red Mountain stjoert de hiermoardner Travis Conrad om him út te skeakeljen foar't it tsjûgenis plakfine kin. 24 Hours to Live krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. De film waard mar beheind yn 'e bioskopen útbrocht.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de grins fan Namybje mei Súd-Afrika ferfiert in konfoai fan auto's fan Interpol de eardere hierling Keith Zara, in klokkelieder dy't dermei ynstimd hat om in tsjûgenis ôf te lizzen tsjin syn eardere wurkjouwer Red Mountain (in dúdlike ferwizing nei Blackwater), in bedriuw dat hierlingen traint en útsutelet. As it konfoai by de dûanepost stiet te wachtsjen, wurdt it ûnferhoeds fan alle kanten oanfallen troch swierbewapene manlju. Hast alle aginten fan Interpol komme om, mar de Hongkongske aginte Lin Bisset wit mei Zara te ûntkommen.
Op 'e Florida Keys hâldt Travis Conrad fakânsje wylst er útfanhûzet by syn skoanheit Frank. Se geane tegearre te angelfiskjen en te drinken en struie de urnen mei de jiske fan Conrad syn frou Kate en harren soan Adam út yn see. Dy jûns, nei't er Frank thúsbrocht hat, giet Conrad nei in pleatslike stripklub, dêr't er kokaïne keapet. As er fernimt dat er folge wurdt troch in pear poatige keardels, lokket er dyselden nei it húske ta, dêr't er harren sûnder muoite útskeakelet. Se binne fan Red Mountain en it boadskip is dat Morrow him te wurdt wol. Conrad wiist derop dat er op fakânsje is, mar de mannen sizze dat it in needgefal is. Conrad oppenearret dat it mei Red Mountain altyd in needgefal is.
Nettsjinsteande dat siket er syn âlde freon Morrow op, dy't ûnderwilens oan 'e bar sitten gien is te wachtsjen. It docht bliken dat Conrad in hiermoardner is. Morrow biedt him út namme fan Red Mountain $1 miljoen oan as er Keith Zara en Lin Bisset fermoardet foar't Zara syn tsjûgenis ôflizze kin. Hoewol't er earst tsjinakselet, seit Conrad úteinlings dat er it putsje oannimt as er $2 miljoen kriget. Morrow regelet dat foar him.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Conrad reizget nei Hongkong, dêr't er, him foardwaand as goekunde fan Lin, kontakt makket mei har jonge soan Christopher. Hy stelt de mobile tillefoan fan 'e jonge, sadat er útfine kin wêr't Lin har befynt. Hy reizget nei Kaapstêd, dêr't er har opwachtet op 'e lofthaven en in 'tafallige' moeting yn in bar beävensearret. Hy lit troch Red Mountain har flecht annulearje, sadat se sechstjin oeren om in folgjende flecht wachtsje moat. Dêrnei ferliedt er har en sliept er mei har. De oare moarns, as Lin ûnder de dûs stiet, trochsiket Conrad har mobile tillefoan en fynt de lokaasje dêr't Zara syn tsjûgenis ôflizze sil. Hy beslút Lin net te deadzjen en ferlit stilwei de hotelkeamer. Ear't er lykwols de lokaasje fan it tsjûgenis oan Red Mountain trochjaan kin, komt Lin, dy't beseft dat se brûkt is, him efternei. Conrad besiket har dochs noch dea te sjitten, mar sy is him te fluch ôf en sjit him twaris yn it boarst. Hy knoffelet del wylst syn libben foar syn eagen foarby flitst. Letter wurdt er yn in lyksek ôffierd.
In ûnbeskate hoemannichte tiid letter wurdt Conrad wer bybrocht troch in froulike dokter dy't Helen hjit. It docht bliken dat sy foar Red Mountain in manear ûntwikkele hat om minsken werom te bringen út 'e dea. Morrow en Wetzler, de eigner fan Red Mountain, binne der ek by. Wetzler wol fan Conrad de lokaasje witte dêr't Zara syn tsjûgenis ôflizze sil. Conrad jout him dy ynformaasje. Dêrop fertelt Morrow him dat it werombringen út 'e dea in tydlike saak is, en dat se him no pineleas eutanasearje sille. Conrad is it dêr net mei iens, en mei in sloarderich omtommeljende skalpel snijt er de rimen troch dêr't er mei fêstmakke is.
As dokter Helen weromkomt om him in spuitsje te jaan, oermasteret er har en makket er de hierling dy't har bewekket dea. Fan 'e dokter komt er te witten dat minsken dy't werombrocht binne út 'e dea net lang libje kinne, om't se geastlik ynstabyl binne. Wat langer se libje, wat mear se bleatsteane oan hallusinaasjes. Boppedat is der foar de wissichheid in timer yn syn pols ynboud dy't him maksimaal 24 oeren jout oant er út himsels deagean sil. Conrad ûntsnapt mei in protte geweld út 'e fasiliteit dêr't er fêstholden wurdt en bringt dêrby tsientallen wurknimmers fan Red Mountain om it libben. De dokter lit er lykwols libje wylst er tsjin har seit dat se der mar better foar soargje kin dat er der gjin spyt fan kriget dat er har net deadien hat. Hy stelt in taksy en set ôf om út wraak Wetzler te dwerseidzjen troch de oanslach op Zara te ferideljen.
Yn in hotelkeamer yn Kaapstêd leit Zara syn tsjûgenis tsjin Red Mountain ôf foar in ûndersykster fan 'e Feriene Naasjes en yn oanwêzigens fan Lin en in swierbewapene team fan Interpol. Hy fertelt dat er yn 'e tsjinst fan Red Mountain opdracht krige om in stikmannich seecontainers te leegjen, dy't fol sieten mei de liken fan mear as santich earme Afrikaanske manlju, froulju en bern, dêr't medyske eksperiminten op útfierd wiene. Allegearre hiene se âlde skotwûnen yn it boarst, en by allegearre miste in stik út 'e pols wei. Zara en syn maten moasten mei in shovel in massagrêf dobje, dêr't se de liken yn dumpten en ferbaarnden foar't se it grêf tichtgoaiden.
Wylst it tsjûgenis noch oan 'e gong is, iepenet Morrow it fjoer út in foaroerlizzende toer wei mei in skerpskuttersgewear dat laden is mei pânsertrochboarjende munysje. Dêrmei kin er dwers troch de muorren fan it hotel hinne sjitte. Hy deadet sa de ûndersykster en in grutste part fan 'e Interpol-aginten, mar Lin wit op 'e nij mei Zara te ûntkommen. Oare wurknimmers fan Red Mountain kringe it hotel binnen en by it dêropfolgjende fjoergefjocht komme alle restearjende Interpol-aginten útsein Lin om. Lin wit mei Zara de yngong fan it hotel te berikken, dêr't se opwachte wurdt troch twa hierlingen fan Red Mountain. Ear't dy de kâns krije om harren dea te sjitten, arrivearret Conrad, dy't mei syn taksy oer de beide mannen hinne riidt. Lin en Zara jouwe har by him yn 'e taksy en trijeresom pike se út. By in wylde efterfolging komme nochris ferskate Red Mountain-wurknimmers om, mar Morrow wachtet de taksy op in krusend fiadukt op en sjit Zara dea. Hy keart werom nei it Kaapstedske haadkertier fan Red Mountain, dêr't lykwols bliken docht dat de kamera dêr't it tsjûgenis fan Zara mei opnommen is, en dy't troch it team fan Red Mountain yn it hotel stellen is, gjin ûnthâldskaart mear befettet.
Net folle letter kriget Conrad in tillefoantsje fan Morrow mei it berjocht dat Red Mountain Christopher, de soan fan Lin, ûntfierd hat om 'e jonge út te ruiljen tsjin 'e ûnthâldskaart, dy't Lin yn har besit hat. Noch Conrad, noch Lin meitsje har lykfol hokker yllúzjes dat Red Mountain de jonge wier gean litte sil: as se besykje de ûnthâldskaart oer te dragen, sil Red Mountain gewoan Lin en har soan út 'e wei romje om gjin losse eintsjes nei te litten. Conrad bewissiget Lin derfan dat er har helpe sil har soan werom te krijen. Hy hellet fjoerwapens en springstof op út in safehouse fan sines en beävensearret dan yn in swarte township in moeting mei kunde fan him, de gangster Amahle. Dy seit syn helpt ta as Conrad fertelt dat de minsken út 'e township dy't de lêste jierren spoarleas ferdwûn binne, troch Red Mountain brûkt binne foar medyske eksperiminten om 'e weropstanning út 'e dea mooglik te meitsjen, wêrfan't Wetzler mient dat it de moderne oarlochfiering folslein feroarje sil.
Om't er jierren foar Red Mountain wurke hat, wit Conrad persiis hokker protokollen wurknimmers fan it bedriuw har oan hâlde. Sadwaande kin er útriddenearje wêr't er it konfoai opwachtsje moat dat Christopher fan 'e lofthaven nei it haadkertier fan Red Mountain bringt. Mei help fan Amahle en syn mannen lokje hy en Lin it konfoai yn in mûklaach, deadzje de hierlingen fan Red Mountain en befrije Christopher. Tsjin dy tiid jout de timer yn Conrad syn pols oan dat er noch in healoere te libjen hat. Hy beslút dy tiid te brûken om Red Mountain dwaande te hâlden wylst Lin har soan yn feilichheid bringt en it tsjûgenis fan Zara oan 'e autoriteiten oerdraacht.
Hy twingt de iennichste oerlibjende Red Mountain-wurknimmer fan it konfoai om him nei it haadkertier te riden mei in swarte pûde oer de holle as wied er Christopher. As by de tagongspoarte blykt dat er de jonge net is, slagget it de bewekkers fan Red Mountain net mear om him bûten it kompleks te hâlden. Hy riidt syn auto dwers troch de foargevel it gebou binnen en bringt syn springstof ta ûntploffing, wêrmei't er gâns Red Mountain-personiel deadet en de befeiligingssystemen fan it gebou bûten wurking stelt. Underwilens hawwe Wetzler en Morrow har mei in stik as wat mannen yn Wetzler syn kantoar weromlutsen. Conrad falt it kantoar oan en weeft mei de hierlingen fan Red Mountain ôf, wylst Wetzler plannen makket om mei in helikopter fan it dak te ûntsnappen en Morrow in drankje nimt en gjin hân útstekt om Conrad tsjin te hâlden.
As Wetzler besiket út te piken, sjit Conrad him yn 'e skonk sadat er nearne mear hinne giet. Dêrop besiket Wetzler te stokeljen tusken de âlde freonen Morrow en Conrad. Hy bringt út dat Conrad syn frou en soan net fermoarde binne troch wraaksuchtige fijannen, mar troch Red Mountain sels, om't Conrad syn frou Kate him oanfitere om op te hâlden mei syn wurk foar Red Mountain en om't Conrad nei har begûn te harkjen. It befel dêrta waard jûn troch Wetzler, mar Morrow wist derfan en die neat om it tsjin te kearen. Morrow seit dat it Conrad syn gesin wie of syn eigen, en dat er foar syn eigen keazen hat. Hoewol't Conrad lulk is op Morrow, wegeret er om krekt foar syn dea syn eigen siel noch fierder te belêstgjen troch syn bêste freon te deadzjen. Morrow lûkt dêrop syn pistoal en rjochtet dat op 'e foarholle fan Wetzler. Op dat stuit falt in team fan Red Mountain it kantoar binnen. Morrow wurdt befelle om syn wapen del te lizzen. Ynstee sjocht er om en sjit dan Wetzler troch de holle, wêrnei't er trochsingele wurdt mei kûgels fan it arrivearjende hierlingeteam.
Conrad syn fjouwerentweintich oeren binne om en hy giet dea. Hy kriget in fizioen fan in strân, dêr't er syn gesin weromsjocht. Hy winkt syn soan, mar it jonkje draaft fuort. Conrad sil him folgje, mar op dat stuit heart er de stim fan dokter Helen, dy't him weromskuort nei it lân fan 'e libbenen. Hy komt wer ta libben yn deselde fasiliteit dêr't er foar it earst út 'e dea opwekke waard.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Travis Conrad | Ethan Hawke |
Interpol-aginte Lin Bisset | Xu Qing |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jim Morrow | Paul Anderson |
Keith Zara | Tyrone Keogh |
Wetzler | Liam Cunningham |
Frank | Rutger Hauer |
Amahie | Hakeem Kae-Kazim |
dokter Helen | Nathalie Boltt |
Christopher Bisset | Jeremy Yong |
Vicky Liu | Susan Ling Young |
Zee | Brendan Sean Murray |
ôfnimster tsjûgenis | Claire Berlein |
wurknimmer Red Mountain #1 | Richard Lothian |
Kate Conrad | Jenna Upton |
Adam Conrad | Owen de Wet |
Jasmin Morrow | Tanya van Graan |
wurknimmer Red Mountain #2 | Clayton Evertson |
A.I. "Tech" | Jeremeo Le Cordeur (stim) |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]24 Hours to Live waard regissearre troch Brian Smrz nei in senario fan Zach Dean, Jim McClain en Ron Mita. As produsinten wiene Mark Gao, Basil Iwanyk en Gregory Ouanhon by it projekt belutsen foar de filmstudio's Thunder Road Films, Fundamental Films en Film Afrika Worldwide. Dêrmei wie 24 Hours to Live in Amerikaansk-Sineesk-Súdafrikaanske ko-produksje. It is ûnbekend hoe'n heech budget der foar de film beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Nott, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tyler Bates. De opnamen foar 24 Hours to Live fûnen begjin 2017 plak en fûnen foar it meastepart plak yn Kaapstêd en omkriten yn Súd-Afrika. Inkele sênes waarden filme yn Hongkong.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan 24 Hours to Live waard fersoarge troch Saban Films. De film waard foar it earst fertoand op 26 oktober 2017 op it Filmfestival fan Austin, en gie dêrnei op 1 desimber fan dat jier yn in beheind tal Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Dêrnjonken waard 24 Hours to Live útbrocht fia video-on-demandtsjinsten op it ynternet.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige 24 Hours to Live mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 21 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet 24 Hours to Live in goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 6 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]24 Hours to Live brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $5,8 miljoen op. De ferkeap fan dvd's en blu-rays hie dêr anno 2018 nochris in opbringst fan nochris $1,7 miljoen ta dien. It is ûnbekend oft de film dêrmei winst of ferlies makke, mei't geheim holden is hoe heech it budget wie.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske aksjefilm
- Amerikaanske science fiction-film
- Sineeske aksjefilm
- Sineeske science fiction-film
- Súdafrikaanske aksjefilm
- Súdafrikaanske science fiction-film
- Science fiction-aksjefilm
- Unôfhinklike film
- Ingelsktalige film
- Film fan Thunder Road Films
- Film fan Saban Films
- Film út 2017
- Film oer in hierling
- Film oer in hiermoardner
- Film oer in plysjeman
- Film oer Interpol
- Film oer weropstanning
- Film oer rouferwurking
- Film oer wraak
- Film oer eksperiminten op minsken