Springe nei ynhâld

Pentagram

Ut Wikipedy
By de fjouwer lingtes yn it pentagram (oanjûn mei ferskillende kleuren) jildt dat, yn folchoarder fan grutte setten, opienfolgjende har hieltyd ferhâlde as de gouden fyk

It pentagram is in fiifpuntige stjer en ien fan de âldste symboalen fan de wrâld. It symboal wurdt op in soad plakken brûkt, ûnder oare yn logo's fan militêre organisaasjes, op skûtsjes[1], op nasjonale flaggen mar ek by in soad religieuze en sekuliere libbensskôgings.[2] As wiskundich figuer hat it pentagram inkele bysûndere eigenskippen wêrtroch't men yn de rin fan de iuwen der ek bysûndere of mystike betsjuttings oan jûn hat.

In pentakel is in pentagram mei in sirkel der omhinne. [3]

Wiskundich figuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It pentagram kin sjoen wurde as in regelmjittige stjermearhoeke, mei 5 siden en 5 hoekpunten mei hoeken fan 36°. De 5 snijpunten wurde net ta de hoekpunten rekkene. By in omgong tsjin de klok yn giet men stees 144° nei links, dit is yn totaal twa kear yn de rûnte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Skûtsjesilen útlein: de stjer Ljouwerter Krante 28 novimber 2020
  2. Betsjutting Pentagram 29 augustus 2021
  3. Pentacle versus Pentagram, 29 augustus 2021