Krúsbek
krúsbek | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Loxia curvirostra | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmergast stânfûgel wintergast dwaalgast |
De krúsbek (Loxia curvirostra) is in sjongfûgel út de famylje fan finkfûgels (Fringillidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krúsbek is in fûgel fan 15 oant 17 sm mei in spanwiidte fan 27 oant 30,5 sm en dêrmei is de fûgel likernôch 15% grutter as de skelfink en grienfink. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes, mar hawwe itselde gewicht fan likernôch 40 g. It mantsje hat fral reade fearren mei in wat ljochter boarst en in brune sturt en brune fleugels. It wyfke hat in oliifgriene boppekant en in gieleftige stút en ûnderkant.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet út sied fan nullebeammen, fral fan spjirrebeammen, mar yn 'e it súdlike diel fan it wengebiet ek fan dinnebeammen. Hingjend oan 'e kegels kinne se it sied ferwiderje, alhoewol't se somtiden ek in hiele kegel ôfbite en meinimme nei in tûke om dêr it sied te ferwiderjen. Hja kinne dêrby somtiden mei kegels fleane dy't like swier binne as sy sels. De siedden fan dinnen sitte yn gruttere en hurdere kegels en fûgels dy't fral op sokke kegels oanwiisd binne, hawwe fakentiden in swierdere snaffel. By brek oan iten sille fûgels dy't fral spjirresied ite oergean op dinnesied.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet op it noardlike healrûn op de plakken mei in soad nullebeammen. Yn 'e súdlike streken foarmje de berchtmes it leefgebiet fan 'e krúsbek. Bûten de briedtiid libbet de fûgel faak yn groepen.
Yn 'e jierren dat de spjirren yn Noard-Europa minder sied produsearje, sykje de krúsbekken massaal in hinnekommen nei West- en Midden-Europa. Dat dogge krúsbekken om't de spjirren fan West- en Midden-Europa net tagelyk mei dy fan Noard-Europa sied jouwe. Eartiids wie de krúsbek foar Nederlân dan ek in echte ynfaazjefûgel, dy't nei it brieden kaam en dan oant de winter bleau. Dat feroare yn 'e jierren 1970, doe't de earste pearkes yn Nederlân brieden. De oantallen binne dêrnei foars tanommen.
Hjoed-de-dei (2023) is de krúsbek lokaal yn Nederlân in briedfûgel en dan fral yn Drinte en op 'e Feluwe en de Utertske Heuvelrêch. Foar Fryslân giet it mar om in pear briedgefallen yn it súdeasten fan 'e provinsje en op 'e Waadeilannen. Winterdeis binne de oantallen krúsbekken yn 'e Nederlânske nullebosken heger, lykas yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld. Mei it ferfangen fan nullebosken troch bygelyks it oanplantsjen fan leafbeammen of de oanlis fan heide ferdwynt ek it biotoop fan 'e krúsbek.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krúsbek leit ien of twa kear yn 't jier likernôch trije oant fjouwer griisblauwe aaikes, dy't troch it wyfke yn twa wiken útbret wurde. Beide âlden fuorje de jonge fûgels, dy't de earste sân oant tsien dagen troch it wyfke waarm holden wurde en nei trije wiken útfleane. Dêrnei wurde de jonge fûgels noch trije oant seis wiken fuorre.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krúsbek hat njoggentjin ûndersoarten:
- L. c. curvirostra: fan noardlik, westlik en sintraal Europa oant noardeastlik Sibearje en noardelik Mongoalje.
- L. c. balearica: Sintraal- en Súd-Spanje en de Balearen.
- L. c. corsicana: Korsika.
- L. c. poliogyna: Súd-Italië en Noardwest-Afrika.
- L. c. guillemardi: fan 'e eastlike Balkan en Turkije oant de Kaukasus en it suden fan 'e Oekraïne.
- L. c. altaiensis: Noardeast-Kazachstan, súdwestlik Sibearje en westlik Mongoalje.
- L. c. tianschanica: fan súdeastlik Kazachstan oant Tadzjikistan en noardwestlik Sina.
- L. c. himalayensis: fan 'e Himalaya oant it suden fan Sina.
- L. c. meridionalis: Súd-Fietnam.
- L. c. japonica: súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina, Korea, Sachalin, de Koerilen en Japan.
- L. c. luzoniensis: Luzon fan 'e noardlike Filipinen.
- L. c. minor: súdeastlik Kanada en it noardeasten fan 'e Feriene Steaten.
- L. c. percna: Newfoundland.
- L. c. sitkensis: fan 'e súdkust fan Alaska oant de westkust fan 'e Feriene Steaten.
- L. c. bendirei: ynlânsk súdwestlik Kanada en de ynlânske noardwestlike Feriene Steaten.
- L. c. benti: de sintrale Rocky Mountains.
- L. c. grinnelli: fan 'e westelik-sintrale oant de súdwestlike Feriene Steaten.
- L. c. stricklandi: fan 'e súdwestlike Feriene Steaten oant súdlik Meksiko.
- L. c. mesamericana: fan Gûatemala en Belize oant Nikaragûa.
De ûndersoarte L. c. sinesciuris: De krúsbekken fan South Hills en de Albion Moutains (Idaho) wurde sûnt 2017 as de Idahokrúsbek as in aparte soarte beskôge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Krúsbek
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Tuneezje