Springe nei ynhâld

Fotoanika

Ut Wikipedy

Fotoanika of opto-elektroanika is in wittenskiplike en technyske dissipline dy't him taleit op 'e wikselwurking tusken ljocht (fotoanen) en elektroanika (elektroanen). Ienfâldich gearfet draait it om eleminten dy't elektryske stroom omsette yn ljocht en eleminten dy't ljocht omsette yn elektryske stroom. Under de ljochtboarnen dy't troch de fotoanika bestudearre wurde, binne benammen led (ljocht emittearjende diodes), laser en lcd (likwide kristallene displays). Praktyske tapassings fan dizze stúdzje kinne yn in grut tal sektoaren fûn wurde. Dêrby moat men tinke oan byldskermen fan kompjûters en mobile tillefoans, mar ek oan webcams, bewekkingskamera's, ynfrareadkikers, lasertechnyk om cd's en dvd's mei te beskriuwen en sinnesellen foar sinnepanielen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.