Ratko Mladić
Ratko Mladić (Servysk: Ратко Младић) (Kalinovik, 12 maart 1943) wie fan 1992 oant 1995 heechste befelhawwer fan de Bosnysk-Servyske troepen.
Bosnje-kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mladić waard 12 maaie 1992 heechste befelhawwer fan it doe krekt foarme leger fan de Servjers dy't yn Bosnje wennen. De Servjers woenen dat Bosnje by Servje (Joegoslaavje) bleau. Under de lieding fan Radovan Karadžić hat er in protte etnyske suveringen yn Bosnje útfierd, sa as dyn nei de fal fan Srebrenica. It op fideo fêstleine petear dat er nei de delfal fan de enklave mei oerste fan de Dutchbatters Thom Karremans hie is tige bekend wurden. De deis fan syn beneaming warskôge Mladić syn politike sjef Radovan Karadžić dat dy syn plannen om oarloch te fieren tsjin de Bosnyske Moslim- en Bosnysk-Kroatyske boargerbefolking op massamoard delkomme soe. Hy ferklearre doetiids: 'Mensen zijn geen sleutels die je uit de ene in de andere zak kan verplaatsen. Dit, mijn heren, is massamoord, ik weet niet hoe de heren Karadžić en Krajisnik dit later aan de wereld willen uitleggen'. (It beslút fan 12 maaie 1992 is ûnder nûmer 02-130/92 publisearre yn de 'Steatskrante' fan Republika Srpska op 26 novimber 1993, yn it nûmer 22).
Oanklacht en arrestaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mladić waard troch it Joegoslaavje-tribunaal oanklage foar genoside. Hy ferskûle him lykwols, fermoedlik yn Servje. Nei de arrestaasje fan Karadžić yn july 2008 wie er tegearre mei Goran Hadžić de lêste wichtige Servyske fertochte dy't noch net oppakt wie. De Europeeske Uny wegere oer it tatreden fan Servje by de uny te praten salang't Mladić net útlevere wêze soe.
Yn 2008 wie it hjitting dat Mladić 'foar ein augustus' oppakt wurde soe en oerlevere wurde soe oan it Joegoslaavje-tribunaal yn De Haach. It Servyske kabinet woe sa de wei frijmeitsje foar it hurd ta de EU.
Mladić bleau lykwols net te finen. Op 16 juny 2010 tsjinne de abbekaat fan de famylje in foardering by de rjochtbank yn Belgrado yn om him dea te ferklearjen, sadat syn frou neibesteandepinsjoen krije koe en de plysje gjin ynfallen mear dwaan soe yn it famyljehûs yn de hope spoaren fan Mladić te finen.[1] De rjochter woe dêr neat fan witte.[2]
Oktober 2010 loofde Servje in premy út foar de tip dy't ta it oanhâlden fan Mladić late soe. Wilens wie men wol bang dat Mladić himsels te koart dwan soe om in proses te ûntwinen.
Op 26 maaie 2011 waard Mladić arrestearre yn Lazarevo yn noardwest Servje. Hy soe dêr under de namme Milorad Komadic tahâlden hawwe en seach der bot âlder út as op de lêst makke foto's.[3] [4] Mladić wie mei Goran Hadžić de lêste, troch it Joegoslaavje-tribunaal oanklage, oarlochsmisdiediger. Hadžić is noch altyd op de flecht.
Mladić is 31 maaie nei Nederlân oerbrocht en fêstset yn de finzenis fan Skeveningen.[5] Dêrnei waard er oerdroegen oan it Joegoslaavje-tribunaal yn De Haach fertocht fan folkemoard, oarlochsmisdieden en misdieden tsjin de minsklikheid. 3 juny 2011 moast er foarkomme yn it Tribunaal.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Profyl Ratko Mladić
- Opsporingsverzoek Mladić fan Ynterpol
- Oanklacht fan it Joegoslaavje-tribunaal tsjin Mladic
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|