Genoside
Genoside of folkemoard is "it mei sin en stelselmjittich ferneatigjen, hielendal of foar in part, fan in etnyske, rasiale, religieuze of nasjonale groep"[1], al is der gjin oerienstimming oer hoe grut oft it "part" fan sa'n groep wêze moat om yn oanmerking te kommen foar klassifikaasje as genoside. De term is in gearstalling fan it Grykske genos (γένος), dat "ras" of "folk" betsjut en it Latynske cīdere, dat "deadzje" betsjut, en waard foar it earst brûkt troch de auteur Raphael Lemkin yn syn boek Axis Rule in Occupied Europe, út 1944.
Trochdat it wurd brûkt waard troch de oanklagers by de Prosessen fan Neurenberch, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, kaam it ûnderdiel út te meitsjen fan it juridyske jargon. Sûnt 1951, doe't de Kovinsje foar de Previnsje en Bestraffing fan 'e Misdie Genoside fan 'e Feriene Naasjes (Convention on the Prevention and Punishment of the Crime of Genocide; CPPCG) yn wurking trede, is genoside yn juridysk opsjoch in misdie. Foarhinne waarden op ynternasjonaal mêd foar de berjochting fan genoside en oanbesibbe misdieden ad hoc-tribunalen gearstald, mar sûnt 2002 bestiet dêrfoar it permaninte Ynternasjonale Strafhof, fêstige yn De Haach, al binne dêr oant op 't heden (jannewaris 2013) noch gjin genosidesaken oanbrocht.
Guon bekende en minder bekende gefallen fan genoside binne:
- De Swarte Oarloch, wêrby't Britske kolonisten tusken 1828 en 1832 de lânseigen befolking fan Tasmaanje frijwol útrûgen (der bleaune sa'n 250 fan 'e 2.000 oer).
- De Armeenske Genoside, wêrby't de Osmaanske Turken yn 1915 en 1916 tusken de 600.000 en 1,8 miljoen Armenen ombrochten.
- De Pontyske Grykske genoside, wêrby't de Osmaanske Turken yn 1915 en 1922 tusken de 600.000 en 1,1 miljoen Pontyske Griken ombrochten.
- De Holokaust, wêrby't de nazys en harren bûnsgenoaten yn 'e Twadde Wrâldoarloch likernôch 6 miljoen joaden ombrochten.
- De Porajmos, wêrby't de nazys en harren bûnsgenoaten yn 'e Twadde Wrâldoarloch likernôch 500.000 Sigeuners ombrochten.
- De moard troch de nazys yn 'e Twadde Wrâldoarloch op likernôch 3,3 miljoen Russyske kriichsfinzenen.
- De saneamde Killing Fields, in beneaming fan it skrikbewâld dat tusken 1975 en 1979 yn Kambodja fierd waard troch de Reade Khmer en dêr't nei skatting sa'n 2,2 miljoen minsken by omkamen.
- De Yndonezyske Besetting fan East-Timor, wêrby't tusken 1975 en 1999 likernôch 103.000 Easttimorezen (op in befolking fan 600.000) omkamen.
- De Rwandeeske Genoside, wêrby't yn 1994 800.000 Tûtsys en moderate Hûtû's troch ekstremistyske Hûtû's fermoarde waarden.
- De Ferovering fan Srebrenica troch de Bosnyske Serven, yn 'e Bosnyske Oarloch, yn 1995, wêrby't neitiid sa'n 10.000 Moslim-manlju deade waarden.
- De oangeande genoside dy't troch it Sûdaneeske regear en de Janjaweed-milysjes útfierd wurdt yn 'e westlike provinsje Darfoer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|