Springe nei ynhâld

1960-er jierren

Ut Wikipedy
1960-er jierren
Amerikaanske troepen ûnder de Fjetnamoarloch (mei de ferneamde Bell UH-1 Iroquois "Huey"-helikopter).
Amerikaanske troepen ûnder de Fjetnamoarloch (mei
de ferneamde Bell UH-1 Iroquois "Huey"-helikopter).
<< 1950-er jrn  •  1960-er jrn  •  1970-er jrn >>
1960   •   1961   •   1962   •   1963   •   1964
1965   •   1966   •   1967   •   1968   •   1969

De 1960-er jierren, ek oantsjut as de sechstiger jierren en de jierren ’60, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn dat desennium op 1 jannewaris 1961 en duorre it oant en mei 31 desimber 1970, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1960 oant en mei 31 desimber 1969. De 1960-er jierren wurde ek wol de Swinging Sixties neamd fanwegen it trochbrekken fan maatskiplike taboes yn dit desennium, benammen dy op it mêd fan rasisme, seksisme en seksualiteit, mar ek oangeande klean, muzyk en drugs. Kwestjes dy't dit desennium dominearren wiene de Kâlde Oarloch, mei as hichtepunten de Fjetnamoarloch, de Kubakrisis en de ûnderdrukking fan 'e Praachske Maityd, en fierders de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging yn 'e Feriene Steaten, de Kulturele Revolúsje yn Sina, de dekolonisaasje yn Afrika, studinteprotesten oer de hiele wrâld, de moarden op John F. Kennedy, Martin Luther King en Robert Kennedy, en de moannelâning fan Apollo 11.

Yn 'e Westerske wrâld waarden de 1960-er jierren yn hege mjitte karakterisearrre troch subkultueren en revolúsjes oangeande sosjale noarmen en wearden op in breed ferskaat oan mêden, wêrûnder klean, muzyk, drugs, seksualiteit en omgongsfoarmen. Konkrete foarbylden wiene de hippybeweging (mei as biedwurd "Make Love, Not War"), de Anty-Fjetnamoarlochsbeweging, de Seksuële Revolúsje en de Twadde Feministyske Weach. Popmuzyk krige foar it earst in wrâldwide ynfloed mei artysten as Elvis Presley, The Beatles, Jimi Hendrix en Diana Ross. Sosjolooch Christopher Booker hat dit desennium omskreaun as in klassike Jungiaanske nachtmerjesyklus, wêryn't in rigide kultuer dy't net by steat is en ûnderdruk de rop om gruttere yndividuële frijheid, losbriek fan 'e sosjale bannen fan it foargeande tiidrek troch in ekstreme ôfwiking fan wat oant doe ta de noarm wie. Mei oare wurden: om har ôf te setten tsjin 'e strange maatskiplike regels fan 'e 1950-er jierren sloech de jongerein yn 'e jierren '60 troch nei it oare uterste troch hielendal gjin regels mear te akseptearjen.

Polityk sjoen waarden de 1960-er jierren, krekt as de 1950-er en de 1970-er jierren, yn 'e greep holden fan 'e Kâlde Oarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny. Yn dit desennium wreide dy konfrontaasje him foar it earst út nei ûntwikkelingslannen yn Latynsk-Amearika, Afrika en Aazje, mei't de Sovjet-Uny him ûntjoech fan in regionale grutmacht ta in wiere supermacht. Nei't de spannings yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch yn 1962 ta in hichtepunt kommen wiene ûnder de Kubakrisis, wêrby't de wrâld op it rântsje fan in atoomoarloch balansearre, belune it spul fanôf de midden fan it desennium sterk. Der waard dêrnei benammen wedivere om ynfloed yn 'e Trêde Wrâld, troch it oan 'e macht bringen en hâlden fan sokpoprezjyms, troch it finansieren fan rebûljes yn lannen dy't bûnsgenoaten fan 'e tsjinpartij wiene, en troch it útfjochtsjen fan oarloggen dêr't fan 'e beide supermachten mar ien of net ien fan beiden aktyf by belutsen wie.

De Amerikaanske astronauten fan 'e Apollo 11-missy sette yn 1969 as earste minsken foet op 'e moanne. (Op dizze foto is Buzz Aldrin te sjen.)

De wichtichste fan dat soarte oarloggen wie de Fjetnamoarloch, wêrby't it kapitalistyske Súd-Fjetnam it opnaam tsjin it kommunistyske Noard-Fjetnam en tsjin binnenlânske kommunistyske rebellen, de Viet Cong. Dy oarloch wie al yn 1955 begûn, mar fan 1961 ôf rekken de Feriene Steaten der almar aktiver by belutsen, earst troch it stjoeren fan militêre adviseurs, mar nei it Ynsidint yn de Golf fan Tonkin, yn 1964, ek troch de ynset fan gefjochtstroepen. Troch de oanhâldende eskalaasje fan it konflikt waarden almar mear troepen stjoerd, en wylst de oarloch him útwreide nei Kambodja en Laos waard de striid thús, yn 'e Feriene Steaten, hieltyd ympopulêrder. Der waarden anty-oarlochsdemonstraasjes holden yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't tsientûzenen, fral jongeren, oan meidiene. Under de Demokratyske Nasjonale Konvinsje fan 1968, yn Chicago, briek in grutte opskuor út doe't de plysje op 'e demonstranten begûn yn te slaan. Underwilens bliek de Fjetnamoarloch in boaiemleaze put, dêr't almar mear jild en minskelibbens yn weigoaid waarden. Nei it Tet-offinsyf, fan 1968, wêrby't de Noardfjetnamezen en de Viet Cong in stikmannich flinke opstoppers útdielden, seach it Amerikaanske regear dat ek yn, en begûnen de Feriene Steaten te sykjen nei in manear om út it Fjetnameeske moeras te kommen.

Yn 'e Feriene Steaten wie ûnderwilens ek de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging aktyf, wêrby't de Afro-Amerikanen ûnder lieding fan dûmny Martin Luther King harren yn 'e Amerikaanske Grûnwet fêstleine rjochten opeasken. Benammen yn it Amerikaanske Suden late dat ta in soad ynsidinten, wêrby't de plysje en de autoriteiten mei grou geweld fanwegen kamen tsjin freedsume negroïde demonstranten. De moard op presidint John F. Kennedy, yn 1963, skokte de wrâld. It wie syn opfolger Lyndon B. Johnson dy't neitiid yn 'e Feriene Steaten herfoarmings trochfierde dy't de boargerrjochten fan Afro-Amerikanen garandearren en sûnenssoarch beskikber makken foar de âlderein en de earmen. Nettsjinsteande dat waard Johnson geandewei mear ferspijd troch Nij Lofts, sawol yn 'e Feriene Steaten as dêrbûten. Yn 1968 waard de wrâld fannijs skokt troch de moard op Martin Luther King en de moard op Robert Kennedy.

Underwilens waarden West-Jeropa en Japan teheistere troch anargistyske groepearrings as de Reade Brigaden (Itaalje), de Rote Armee Fraktion (West-Dútslan) en Zengakuren (Japan), dy't it fermogen fan 'e liberale demokrasy op 'e proef stelden om it marginalisearre rekke diel fan 'e befolking tefreden te stellen. Ferskate Westjeropeeske lannen makken yn 'e sechstiger jierren in swing nei lofts. Yn Itaalje kamen de sosjalisten yn 1962 foar it earst yn it regear. Yn it Feriene Keninkryk kaam yn 1964 de Labourpartij oan 'e macht. By de maaieprotesten fan 1968 yn Frankryk rûnen de spannings sa heech op dat presidint Charles de Gaulle tydlik de wyk nimme moast nei it bûtenlân. Wilens fûn yn Tsjechoslowakije, in fazalsteat fan 'e Sovjet-Uny, de Praachske Maityd plak, wêrby't it kommunistyske regear fan dat lân ûnder lieding fan Alexander Dubček de leie wat losser liet. Dat waard yn Moskou net wurdearre, en yn 1968 waard it eksperimint wreed ûnderdrukt doe't Sovjet-troepen, stipe troch legerienheden út oare Eastbloklannen, Tsjechoslowakije binnenfoelen.

Wylst Súdeast-Aazje yn 'e greep fan 'e Fjetnamoarloch ferkearde, waarden de sechstiger jierren yn 'e Folksrepublyk Sina behearske troch de megalomane mar úteinlik ûnnutte projekten fan 'e 'grutte roerman', Mao Zedong: de Grutte Sprong Foarút (1958-1962) en de Kulturele Revolúsje (1966-1970). De Grutte Sprong Foarút, mei syn forsearre yndustrialisaasje en syn kollektivisaasje fan de lânbou, feroarsake de Grutte Sineeske Hongersneed fan 1959-1960, wêrby't 30 oant 60 miljoen minsken omkamen. By de Kulturele Revolúsje waard de absolute terreur fan 'e Reade Gardisten op 'e Sineeske befolking loslitten, mei in folsleine ûntwrichting fan 'e maatskippij ta gefolch. Nei it saneamde Reade Skisma fan 1960 waard de ferhâlding fan Sina mei de Sovjet-Uny geandewei de 1960-er jierren almar minder, oant de beide lannen yn 1969 iepentlik deilis rekken, in barren dat mank gie mei wapene konfrontaasjes oan 'e grins.

The Beatles, ien fan 'e grutste popsensaasjes út 'e 1960-er jierren.

Yn Afrika berikte de dekolonisaasje yn 'e sechtiger jierren in hichtepunt, wêrby't 34 fral Britske, Frânske en Belgyske koloanjes selsstannich waarden. Allinnich Portegal wegere steech en harkje nei de ûnôfhinklikheidsrop yn 'e koloanjes, mei as gefolch de Portegeeske Koloniale Oarloch, dy't yn 1961 útbriek en oant 1974 ta duorje soe.

Ekonomysk gie it mei de wrâld poerbêst yn 'e sechstiger jierren. Tsjin 'e ein fan 'e 1950-er jierren wie yn it teheistere Jeropa de weropbou nei de Twadde Wrâldoarloch foar it meastepart ôfrûne, wêrnei't in ûnbidige ekonomyske boom begûn. De oarloch en weropbou tegearre hiene yn hiel Jeropa in nivellearjend effekt op 'e klassemaatskippij hân, en tsjin 'e 1960-er jierren hiene in soad lju út 'e arbeidersklasse yn West-Jeropa jild foar sokke moderne lúkse artikels as in radio, tillefyzje, kuolkast en auto. Ek yn it Eastblok gie de ekonomy sterk foarút yn 'e sechstiger jierren. En nei de trage groei yn 'e fyftiger jierren belibben de Feriene Steaten yn 'e sechstiger jierren in grutte oplibbing. It jild dat dêrmei frijkaam, waard net inkeld ynset foar de finansiering fan 'e Fjetnamoarloch en oare operaasjes yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch, mar ek foar it Apollo-programma, in projekt fan 'e NASA, dat yn 1969 yn it ramt fan 'e Romtewedrin late ta de earste moannelâning.

Hilo, yn Hawaï, yn 1960, nei de tsûnamy dy't feroarsake waard troch de ierdbeving fan Valdivia, yn Sily.

Wichtichste foarfallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1960
De bou fan 'e Berlynske Muorre, yn 1961.
1961
Foto's fan raketsilo's op Kuba, makke troch Amerikaanske spionaazjefleantugen. De oanfier út 'e Sovjet-Uny wei fan raketten mei atoombommen om yn dy silo's op te stellen, en de Amerikaanske blokkade fan dy oanfier, joech oanlieding ta de Kubakrisis.
1962
As hichtepunt fan 'e Mars op Washington, yn 1963, hâldt de swarte minskerjochte-aktivist Martin Luther King syn taspraak I Have a Dream foar in kliber fan 200.000 minsken.
De Amerikaanske presidint John F. Kennedy (midden) in pear minuten foar't er yn 1963 yn Dallas fermoarde waard.
1963
1964
In Amerikaanske militêre pratrûlje trochsiket ûnder de Fjetnamoarloch in hûs op 'e siik nei leden fan 'e Viet Cong.
1965
In demonstraasje tsjin 'e Fjetnamoarloch.
1966
De legindaryske revolúsjonêr Che Guevara.
1967
Slachtoffers fan it Bloedbad fan Mỹ Lai, dat yn 1968 troch Amerikaanske troepen oanrjochte waard ûnder de Fjetnameeske boargerbefolking.
1968
It ferneamde Woodstock Festival, yn New York, yn 1969.
1969

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.