Wopkje Hutting-Kooistra
Wopkje Hutting-Kooistra | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wopkje Hutting-Kooistra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 10 juny 1924 | |
berteplak | Wergea (Fryslân) | |
stjerdatum | 30 maaie 2017 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
reg. identiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Alvestêdetochtrydster | |
debút | 1941 | |
karriêre-ein | 1954 | |
ekstra | húsfrou | |
wichtige prestaasjes | ||
winner Alvestêdetocht |
</noinclude> Wopkje Hutting-Kooistra (Wergea, 10 juny 1924 – Ljouwert, 30 maaie 2017)[1] wie in Fryske frou dy't yn 1941 de Alvestêdetocht op redens wûn.[2][3]
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hutting-Kooistra waard yn 1924 berne op in boerespultsje[3] ûnder Wergea,[2] dat út nei Warten.[3] Se naam yn 1941 as sechstjinjierrich famke diel oan 'e Sânde Alvestêdetocht,[2] dy't dat jiers ferriden waard op 6 febrewaris.[2] Fan har mem mocht se eins net, mar har heit fûn it prachtich.[3] Se foltôge de tocht yn in tiid fan alve oeren en njoggen minuten,[2] wat achttjin minuten flugger wie as de twadde froulike dielnimmer dy't oer de streep kaam, har goede freondinne en doarpsgenoate Sjoerdtsje Faber.[2]
Neffens harsels levere Hutting-Kooistra dy prestaasje op inkeld in grut board hjouwerflokken en in stik as wat brochjes mei tsiis, dy't se yn 'e bûsen hie.[2] Moarns fytste se nei Ljouwert ta en jûns wer werom nei hûs, en de oare moarns om fiif oere siet se alwer ûnder de kij (te melken).[3] Lykwols waard se net registrearre as winnaresse, om't der doedestiden gjin offisjeel wedstrydbelied foar froulju bestie.[2]
Neitiid ried Hutting-Kooistra ek de Alvestêdetochten fan 1942, 1947 en 1954 út, sadat se yn totaal mar leafst fjouwer Alvestêdekrúskes sammele.[2] Tegearre mei Faber sette Hutting-Kooistra har yn foar in offisjele wedstryd foar froulju dy't parallel oan dy foar de manlju plakfine moast.[2] It duorre lykwols noch oant 1984 ear't dat formeel regele wie.[2] Hutting-Kooistra kaam op 30 maaie 2017 yn Ljouwert te ferstjerren, tsien dagen foàr har 93e jierdei.[2] Se hie sân bern en ferskate beppesizzers.[1]
Maratonriders Jeen van den Berg en Jeen Nauta wiene neven fan Wopkje Hutting-Kooistra.[3] Langebaanrider Jorrit Bergsma is in efterneef fan harres.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|