William Wallace
William Wallace | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1270 | |
berteplak | Ayrshire? (Skotlân) | |
stjerdatum | 23 augustus 1305 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Skotsk | |
beskermhear fan Skotlân | ||
amtsperioade | 1297 – 1298 |
- Dizze side giet oer de Skotske frijheidsstrider William Wallace. Foar oare betsjuttings, sjoch: William Wallace (betsjuttingsside).
William Wallace (útspr.: ['wɪljəm 'wɔləs], likernôch "û-iljem û-olles"; Midsiuwsk Skotsk-Gaelysk: Uilliam Uallas; modern Skotsk-Gaelysk: Uilleam Uallas; Normandysk-Frânsk: William le Waleys; Ayrshire?, ±1270 – Londen, 23 augustus 1305) wie in Skotsk frijheidsstrider en opstanneling dy't himsels opwurp as ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e Skotten ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen oan 'e ein fan 'e trettjinde en it begjin fan 'e fjirtjinde iuw. Wallace fersloech yn 1297 in Ingelsk leger yn 'e Slach by Stirling, en waard dêrnei oansteld as beskermhear fan Skotlân (in soarte fan regint). As sadanich tsjinne er oant syn nederlaach yn 'e Slach by Falkirk, yn 1298. Neitiid liek it tij him tsjin 'e Skotten te kearen, en yn 1303 joegen alle Skotske lieders útsein Wallace har oer oan kening Edwert I fan Ingelân. Uteinlik waard Wallace yn 1305 ferret en oppakt by Glasgow, wêrnei't er nei Londen brocht en terjochtsteld waard.
Doe't Skotlân nei syn dea ûnder Robert de Bruce dochs noch syn ûnôfhinklikheid weromwûn, waard Wallace as ikoanyske frijheidsstrider ta in leginde. It measte dat tsjintwurdich oer syn libben bekend is, komt út it fyftjinde-iuwske epyske gedicht The Acts and Deeds of Sir William Wallace, Knight of Elderslie, fan 'e minstreel Bline Harry. Dêrop binne lettere, ferneamde literêre wurken basearre fan û.m. sir Walter Scott en Jane Porter en de mei ferskate Oscars bekroande Hollywood-film Braveheart, fan regisseur Mel Gibson.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it komôf fan William Wallace is net in protte bekend, oars as dat er om 1270 hinne berne waard. Neffens Bline Harry wie syn berteplak Elderslie, yn it Skotske greefskip Renfrewshire, en wie Wallace de soan fan 'e ridder Malcolm Wallace fan Elderslie. Dêrmei soed er dus fan leech-aadlik komôf west hawwe. Lykwols omfiemet Wallace syn eigen segel, dat weromfûn is op in brief út 1297 oan 'e boargemaster fan 'e Dútske Hânzestêd Lübeck, de tekst Willelmvs Filius Alani Walais, oftewol "William, soan fan Alan Wallace". Der wurdt wol spekulearre dat dy Alan Wallace deselde wêze kinne soe as de Alan Wallace dy't yn 'e Ragman Rolls fan 1296 fernijd stiet as pachter fan 'e Skotske Kroan yn Ayrshire.
Om't der yn Ayrshire in plak is dat fan Ellerslie hjit, wurdt wol tocht dat Bline Harry dat betize hat mei Elderslie (mei in d) yn Renfrewshire. Der is fierders gjin bewiis út 'e tiid fan Wallace oerlevere dat nei itsij Ellerslie, itsij Elderslie wiisd as syn berteplak, en beide plakken hawwe in bân mei de Clan Wallace, dêr't William Wallace lid fan wie. In protte Wallaces út dy tiid wiene lienlju fan Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, en beide plakken leine doedestiden yn 'e lânerijen fan dy ealman. Yn elts gefal wie William Wallace nei hjoeddeistige ynsichten wierskynlik net fan adel, mar ynstee in lid fan 'e boerestân. It is bekend dat er teminsten twa bruorren hie, dy't Malcolm en John hieten.
Oangeande de oarsprong fan it hiele Wallace-skaai kin noch fermeld wurde dat de namme ôflaat wie fan it Angelsaksyske wurd wylisc (útspr. ['wʌlɪʃ], "û-ullisj"), dat "frjemdling" of "útlanner" betsjutte. Fan deselde oarsprong binne de nammen Wales en Cornwall, wylst wylisc weromgiet op in âlder Germaansk wurd dêr't ek de nammen Walloanje, Walachije (yn Roemeenje) en it Switserske kanton Wallis út fuortkomme. Yn 'e kontekst fan 'e Britske Eilannen ferwiisde de beneaming wylisc yn 'e regel nei Keltysktalige persoanen of gebieten (yn tsjinstelling ta it gebrûk fan besibbe foarmen op it Jeropeeske kontinint, dêr't Romaansktalige persoanen en gebieten mei oantsjutten waarden), en it is dan ek mooglik dat de Wallaces fan oarsprong Welske ymmigranten wiene, dy't har yn 'e Midsiuwen yn Skotlân nei wenjen setten. Mar it is likegoed mooglik dat it lânseigen Skotten wiene, mei't de term wylisc krektlyk brûkt waard foar de Kumbrysktalige Kelten fan súdwestlik Skotlân.
Politike eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wallace groeide op doe't Skotlân regearre waard troch kening Aleksander III, dy't it lân in perioade fan frede en ekonomyske stabiliteit brocht. Yn 1286 kaam Aleksander lykwols om by in fal fan syn hynder, en doe't fjouwer jier letter ek syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de Faam fan Noarwegen, kaam te ferstjerren, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau.
Dat machtsfakuum bea in iepening foar Edwert I fan Ingelân om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ferskate troanpretendinten, in barren dat bekend kaam te stean as de 'Grutte Kwestje' (Great Cause). Op Edwert syn oanstean waard yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, te Berwick-upon-Tweed ta kening kroane, wylst er by dy gelegenheid sels fan 'e Skotten erkenning ôftwong as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy, as kening fan Ingelân, tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Dêrmei ûndermine er daliks elts gesach dat de nije kening hawwe kinnen hie en makke er Jan ta in soarte fan Ingelsk fazal.
Twa jier letter, yn 1294, easke Edwert fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it fêstelân fan Jeropa tsjin 'e Frânsen focht. Dat gie sels Jan te fier, en ynstee fan oan Edwert syn easken te foldwaan, sleaten de Skotten doe in bûnsgenoatskip mei Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje"), dy't fan 1295 oant 1560 duorje soe. Edwert die dêrop in ynfal yn Skotlân, ferovere Berwick-upon-Tweed, fersloech it Skotske leger yn 'e Slach by Dunbar, en sette Jan fan Balliol ôf. Jan waard dêrnei finzen set yn 'e Toer fan Londen, en Edwert stelde Ingelske amtners oan om Skotlân foar him te bestjoeren. Yn augustus 1296 waarden mear as 1.500 Skotske eallju twongen om te Berwick in eed fan trou oan 'e Ingelske kening te swarren.
Stille jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarôfgeande oan 1297 is der frijwol neat oer William Wallace bekend. Guon histoarisy binne fan betinken dat er foartiid in beskate ûnderfining mei militêre saken opdien hawwe moat om syn kampanje fan 1297 ta in goed ein bringe te kinnen. Mooglik dat er as hierling yn 'e Ingelske oarloggen yn Wales fochten hie, sa't in protte jongere soannen fan legere eallju of grutboeren dat diene, dy't gjin erfskip yn it foarútsjoch hiene. Mei't syn persoanlike segel it embleem fan in bôgesjitter omfettet, wurdt wol spekulearre dat Wallace yn dy hoedanichheid tsjinne hawwe kinne soe. In oanwizing dêrta soe wêze kinne dat er yn alle oerlevere beskriuwings omskreaun wurdt as in mânske, spiersterke man, wat alle bôgesjitters wiene fanwegen de krêft dy't nedich wie om in grutte spanbôge te lûken. Oan 'e oare kant is it sa dat legindaryske persoanlikheden ornaris grutter en sterker foarsteld wurde as dat se yn wurklikheid wiene, dat it hat ek wol kâns dat de lichaamlike omskriuwings fan Wallace neat te betsjutten hawwe.
Begjin fan 'e opstân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste kears dat Wallace yn 'e kroniken neamd waard, wie yn maaie 1297, doe't er de Ingelske hege sheriff fan Lanark, Willem fan Heselrig, deadie, neffens Bline Harry út wraak om't dyselde syn frou, in Marion Braidfute fan Lamington wat oandien hie (al bestiet der mar kwealk bewiis dat sa'n frou wier bestien hat). Nei it foarfal te Lanark joech Wallace him mei syn oanhingers by Willem de Stoute, hear fan Douglas, mei wa't er de Oanfal op Scone útfierde. Neitiid joegen ferskate eallju, wêrûnder Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, Robert Wishart, de biskop fan Glasgow, en Robert fan Bruce, greve fan Carrick, har by Wallace-en-dy. Yn dyselde snuorje wiene der mear lytsskalige rebûljes yn Skotlân geande, wêrûnder dy fan Andréas fan Moray, yn it noarden.
De Skotske saak krige lykwols in klap te ferwurkjen doe't Stewart, Wishart en Bruce op 7 july in ferdrach mei de Ingelsen sleaten dat bekend kaam te stean as de Kapitulaasje fan Irvine. Wallace en Moray wiene dêr lykwols net by belutsen, en setten har opstannen fuort, en ek Bruce wie al rillegau dêrnei wer yn gefjochtshannelings tsjin 'e Ingelsen behelle. Wallace sette mei syn folgelingen in basis op yn it Wâld fan Ettrick, yn Selkirkshire, dêr't se in útfal wei diene op it biskoplik paleis fan Wishart, te Ancrum. Mooglik ûnder it belis fan Dundee, begjin septimber, metten Wallace en Moray inoar foar it earst en foegen se harren legerkes gear.
Slach by Stirling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Slach by Stirling.
Op 11 septimber 1297 giene Wallace en Moray mei harren oanhingers de Slach by Stirling oan mei in Ingelsk leger ûnder lieding fan Jan fan Warenne, greve fan Surrey. Hoewol't de Skotten fier yn 'e minderheid wiene tsjin 'e Ingelsen, dy't in legermacht fan 3.000 man hynstefolk en 8.000 oant 10.000 man fuotfolk yn it fjild brochten, hiene se it slachfjild goed útsocht. Hja foelen de Ingelsen nammentlik oan by de brêge oer de rivier de Forth, nei't se wachte hiene oant de helte fan it Ingelske leger al oer de brêge hinne wie, wylst de oare helte him noch oan 'e oare kant fan 'e rivier befûn. Doe hoegden se mar de helte fan it Ingelske leger te ferslaan. Se twongen de Ingelske ynfantery tebek de brêge op, dêr't doe ûnderwilens de Ingelske kavalery út alle macht besocht om by de Skotten te kommen. Op in stuit beswiek dêrtroch de brêge ûnder it alderferskuorrendste gewicht dat derop kaam te rêsten, mei ta gefolch dat in protte fan 'e Ingelsen yn har swiere metalene wapenrissen kamen te ferdrinken.
Sa wûnen de Skotten in wichtige oerwinning, wêrmei't se teffens harren selsbetrouwen weromwûnen. Yn 'e slach wie Hugo fan Cressingham, de Ingelske skathâlder yn Skotlân, omkommen. Neffens in ferhaal dat opdist waard yn 'e Kronyk fan Lanercost (in Ingelske boarne, en dêrom oangeande dit barren fan twifelige wearde), soe dy syn lichem nei de slach troch de Skotten strûpt wêze, wêrnei't syn hûd yn lytse stikjes snien en útdield waard oan 'e Skotske dielnimmers oan 'e slach, ta oantins oan harren oerwinning. Wallace sels soe neffens dit ferhaal in brede stripe hûd fan Cressingham syn nekke oan syn hakke ta nommen hawwe om dêr in swurdrym fan te meitsjen.
Yn 'e Slach by Stirling makken de Skotten strategysk gebrûk fan 'e gesteldheid fan it terrein fan it slachfjild om 'e oerwinning te beheljen. Doedestiden waard soks troch de adel beskôge as in gemiene streek (letterlike betsjutting: in streek fan lju dy't net fan adel wiene), mei't men yn 'e Jeropeeske ridderkultuer fan 'e Midsiuwen achte waard om oarloch útslutend te bedriuwen mei mankrêft en eare. Sadwaande rekken de relaasjes tusken Skotlân en Ingelân as gefolch fan dizze Skotske oerwinning noch sterker ferbittere as dat se al wiene.
Nei Stirling waarden Wallace en Moray ta beskermhear fan Skotlân makke. Sokke beskermhearen wiene feitliks reginten, dy't it lân yn 'e oanhâldende ôfwêzichheid fan kening Jan fan Balliol bestjoerden. Moray wie yn 'e slach ferwûne rekke, en beswiek earne yn it neijier fan 1297 oan syn ferwûnings. Omtrint novimber fan dat jier late Wallace in grutskalige ynfal yn noardlik Ingelân, wêrby't de Skotten in plondertocht holden troch de greefskippen Kumberlân en Noardumberlân. By in seremoanje dy't holden waard yn 'e tsjerke te Selkirk dy't bekendstie as de Kirk o' the Forest ("Tsjerke fan 't Wâld"), waard Wallace tsjin ein 1297 ta ridder slein. It is ûnbekend wa't dejinge wie dy't him riddere, mar dat moat ien fan trije Skotske greven west hawwe: Malise III, greve fan Strathearn, Malcolm I, greve fan Lennox, of Robert fan Bruce, greve fan Carrick.
Slach by Falkirk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Slach by Falkirk (1298).
Yn april 1298 foel in nij Ingelsk leger Skotlân binnen, dat diskear oanfierd waard troch Edwert I sels. De Ingelsen plonderen Lothian (súdeastlik Skotlân) en namen ferskate kastielen yn, mar it slagge harren net en twing de Skotten ta in iepen fjildslach. Wallace wie fan doel om mei syn Skotske troepen it Ingelske leger te folgjen oant Edwert syn foarrieden en jild útput rekken, wêrnei't se him op syn weromtocht mei oanhâldende lytse oanfaltsjes it libben soer meitsje soene. Dat wie in goede strategy, mei't de befoarrieding fan it Ingelske leger te winskjen oerliet. Edwert wie al rillegau twongen om syn kavalery yn te setten tsjin syn eigen troch honger yn opstân kommen fuotfolk. Mar yn july, doe't er op it punt stie en lûk him werom op Edinburch om nije foarrieden gear te bringen, waard him trochdien dat de Skotten har kamp by Falkirk opslein hiene. Hy teach dêr doe gau-gau mei syn leger hinne en kaam Wallace oer it mad. Sa slagge it him op 22 july 1298 dochs noch om 'e Skotten ta in fjildslach te twingen.
Wallace stelde syn mei spearen tariste fuotfolk op yn fjouwer rûne, stikelbaarcheftige formaasjes, dy't omjûn wiene troch in ferdigeningsmuorre fan skean foarútwizende houtene peallen mei skerpe punten. De Ingelsen setten lykwols Welske bôgesjitters yn, dy't harren kant de taktyske superioriteit joegen. De eigen bôgesjitters fan 'e Skotten waarden fan it fjild fage troch in oanfal fan it Ingelske hynstefolk, en doe't dêrnei de Skotske ridders, ûnder it befel fan Skotske eallju, harren leger yn 'e steek lieten en fuortrieden, wie it Skotske fuotfolk oerlevere oan 'e Ingelsen, dy't fan alle kanten de fjouwer rûne formaasjes begûnen oan te fallen. De Slach by Falkirk rûn sadwaande út op in swiere nederlaach foar de Skotten, dy't ek ferskate lieders ferlearen, wêrûnder Jan fan Graham en Jan Stewart fan Bonkyll. Wallace sels ûntkaam oan sawol dea as kriichsfinzenskip, mar syn reputaasje hie slim fan 'e nederlaach te lijen.
Yn septimber 1298 tsjinne Wallace, as gefolch fan syn nederlaach, syn ûntslach yn as beskermhear fan Skotlân. Hy waard opfolge troch Robert fan Bruce, greve fan Carrick, de lettere kening Robert I, en Jan III Comyn, hear fan Badenoch, de omkesizzer fan kening Jan. Wat Wallace nei septimber 1298 die, is mar dizenich bekend, mar der binne oanwizings dat er om utens gie nei it hof fan 'e Frânske kening Filips IV, om dêr de Skotske saak te bepleitsjen. Der is in brief fan Filips IV bewarre bleaun oan syn gesanten by de Hillige Stoel, wêryn't er harren oarderet om William Wallace by te stean. Dat suggerearret dat Wallace út Parys wei trochreizge wêze moat nei Rome.
Arrestaasje en terjochtstelling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1303 wist Edwert I einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid yn febrewaris 1304 formeel oan him oer. Hoewol't de Ingelske kening bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Wallace wie yn elts gefal yn 1304 werom yn Skotlân, dêr't er dielnaam oan skermutselings mei Ingelske troepen te Happrew en Earnside.
Wallace liket in soarte fan guerrilla-oarloch tsjin 'e Ingelske besetters fierd te hawwen, en wat mear súksessen oft er behelle, wat fûleindiger oft er hjitfolge waard. Hy wist op frije fuotten te bliuwen oant er op 5 augustus 1305 te Robroyston, yn 'e neite fan Glasgow, oan 'e Ingelsen ferret waard troch Jan fan Menteith, in Skotsk ridder dy't trou wie oan Edwert I. Yn syn persoanlike besittings troffen de Ingelsen brieven fan frije trochtocht oan dy't tekene wiene troch Jan fan Skotlân, Filips IV fan Frankryk en Haakon V fan Noarwegen.
Nei syn arrestaasje waard Wallace oerbrocht nei Londen, dêr't er yn Westminster Hall berjochte waard foar ferrie en oarlochswreedheden tsjin boargers, wêrby't er "âlderdom noch sekse, mûnts noch non" sparre hawwe soe. Hy waard kroane mei in kroan dy't frissele wie fan in iketûke, om oan te jaan dat er de 'kening fan 'e misdiedigers' wie. Wallace syn ferwar wie simpel. Hy sie: "Ik kin Edwert net ferret hawwe, want ik haw nea syn ûnderdien west." Dat wie lykwols oan dôvemansearen rjochte, en hy waard op alle oanklachten skuldich ferklearre.
Op 23 augustus 1305 waard Wallace út syn tichthûs yn 'e Toer fan Londen helle, fan alle klean ûntdien en doe efter in hynder oan neaken troch de strjitten fan Londen sleept nei de buert Smithfield. Dêr waard er smoard troch him oan 'e hals op te hingjen, mar wer loslitten foar't er stoar. Doe waard er, wylst er noch libben en by bewustwêzen wie, ûntmanne en ûntweid (fan syn yngewant ûntdien), wêrnei't syn terms foar syn eagen ferbrând waarden. Uteinlik waard er ûnthalze, en waard syn lichem yn fjouweren houd. Syn holle, dy't yn tarre dipt wie om it ûntbiningsproses te fertraagjen, waard op in piik op 'e Brêge fan Londen set. Fan 'e fjouwer parten fan syn lichem waard ien elk stjoerd nei Newcastle-upon-Tyne, Berwick-upon-Tweed, Stirling en Perth, dêr't se tepronk set waarden as ôfskrikwekjende foarbylden oangeande wat der mei opstannelingen barre soe.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wallace syn marteldea hie net it effekt dat de Ingelsen derfan ferwachten. In healjier letter, yn febrewaris 1306, deade Robert de Bruce yn 'e saneamde Greyfriars Kirk, te Dumfries syn wichtichste rivaal yn 'e striid om 'e Skotske troan, Jan III Comyn, hear fan Badenoch. Dêrnei liet er him op 25 maart ta kening fan Skotlân kroanje. Nei ferskate tebeksetters en in lange wrakseling fersloech Bruce úteinlik yn 1314 de Ingelsen beslissend yn 'e ferneamde Slach by Bannockburn, dêr't er de Skotske ûnôfhinklikens trijehûndert jier mei feilichstelde.
Earbewizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich hinget der in plakette ta oantins oan William Wallace op 'e muorre fan it Sint-Bartoloméushospitaal te Smithfield, op it plak dêr't er om hals brocht waard. Yn 1869 waard yn 'e neite fan Stirling it Wallace Monumint oprjochte, deunby it plak dêr't er yn 1297 syn histoaryske oerwinning op 'e Ingelsen behelle. It Swurd fan Wallace, dat neffens de tradysje fan William Wallace wie (hoewol't guon ûnderdielen oantoanber fan teminsten 160 jier nei syn dea datearje) waard lange tiid bewarre yn it Kastiel fan Dumbarton, mar is no te sjen yn it Wallace Monumint.
Historiografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it skriuwen fan in biografy oer lju dy't yn 'e Midsiuwen libben gauris dreech is, binne de útdagings yn it gefal fan William Wallace ekstra grut. Der is amper wat fan 'e man bekend bûten de militêre kampanje fan 1297-1298 en syn lêste pear wiken yn 1305. Om it noch minder te meitsjen is de historiografy oangeande Wallace oant relatyf resint noch op 'e doele brocht troch ferskate postume 'libbensbeskriuwings' fan him, wêryn't ferhalen as wierheid opdist waarden dy't gjin inkele histoaryske ûnderbouwing hiene.
Sa waard oant fier yn 'e njoggentjinde iuw de hiele ynhâld fan it epyske gedicht The Acts and Deeds of Sir William Wallace, Knight of Elderslie, fan 'e minstreel Bline Harry, klakkeleas foar wier oannommen. Mar om't Harry syn masterwurk omtrint 1470 skreau, op basis fan in 170 jier âlde mûnlinge oerlevering, moatte by syn ferhaal dúdlik fraachtekens pleatst wurde. Boppedat is The Wallace in literêr wurk, dêr't Bline Harry oanwiisber dichterlike frijheden yn ferwurke (mei't in grut diel fan 'e foarfallen net strykt mei histoaryske saken wêrfan't it ferrin bekend is.
Wallace yn fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moderne literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 'e iere njoggentjinde iuw joech sir Walter Scott syn eigen sjenswize op it libben fan Wallace yn Exploits and Death of William Wallace, the 'Hero of Scotland'.
- Skriuwster Jane Porter joech in oar romantisearre ferslach fan 'e Wallace-leginde yn The Scottish Chiefs, út 1810.
- Yn 'e roman In Freedom's Cause (1885) portrettearre G.A. Henty it libben fan Wallace, Robert de Bruce, de Swarte Douglas en oare Skotske helden út it tiidrek fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen.
- De histoaryske roman The Wallace (1975), fan skriuwer Nigel Tranter, wie de earste literêre libbensbeskriuwing fan Wallace dy't histoaryske sekuerens neistribbe.
- Braveheart (1995) is de omwurking ta in roman fan Randall Wallace syn senario foar de Hollywood-film mei deselde namme.
- Yn The Temple and the Stone (1998) joegen Katherine Kurtz en Deborah Turner Harris in beskriuwing fan Wallace syn oerwinning by Stirling, syn nederlaach by Falkirk en syn berjochting en eksekúsje yn Londen (koartsein alles yn syn libben dêr't histoaryske boarnen foar te finen binne), mei dêropta in folslein fiktive konneksje tusken Wallace en de Timpeliers.
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bekendste ferslach fan Wallace syn libben is tsjintwurdich de mei fiif Oscars (wêrûnder de Oscar foar bêste film) bekroande Hollywood-film Braveheart, mei as regisseur en haadrolspiler Mel Gibson. De film waard opnommen op lokaasje yn Skotlân en Ierlân, nei in senario troch Randall Wallace. Histoarisy binne lykwols kritysk oer dizze ferfilming fan it libben fan Wallace, bgl. op it mêd fan 'e kostúms (dy't net alhiel mei de perioade oerienkomme) en fral ek oangeande de frijaazje fan Wallace mei prinsesse Isabella fan Frankryk (spile troch Sophie Marceau), de frou fan 'e Ingelske kening Edwert II en de skoandochter fan Edwert I.
Yn 'e film rekket Isabella fereale op 'e stoere Skotske frijheidsstrider, bringt in nacht mei him troch en flústeret Edwert I, as dy yn it stjerren leit en gjin wurd mear útbringe kin, yn it ear dat se yn ferwachting is, dêrby suggerearjend dat Wallace syn soan as Edwert III op 'e Ingelske troan komme soe. Yn it echt wie Isabella njoggen jier âld doe't se har frijaazje mei Wallace hân hawwe soe, en troude hja pas mei Edwert II doe't dy al kening fan Ingelân wie. Har soan Edwert III waard sân jier nei Wallace syn dea berne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|