Springe nei ynhâld

Wibe Jarichs Jelkema

Ut Wikipedy

Wibe Jarichs Jelkema (Akkrum?, ± 1450 - Grou, ein 1497) wie in Skieringer haadling dy't wenne op de stins Meskenwier by Akkrum. Soan fan Jarich Jelkema, en Sjouk Wierda. Hie ek in stins yn Wâldsein en Himmelum.

Hy bedrige Eastergoa en Ljouwert ( 1481 ). De dappere en wrede haadling die as Skieringer mei oan de woelingen fan syn tiid. Wurdt foar it earst neamd yn 1481, at hy Eastergoa plondert en Ljouwert slim bedrige. Syn stins yn Akkrum waard nei sân dagen belis op 29 oktober 1481 troch de Ljouwerters ferovere en ferwoaste. Syn oanfal op Ljouwert mislearre.

By de soen fan de Skieringers mei de stêd bleau hy útsluten. Hy oermastere yn 1482 de fetkeaperske Heslingastins yn Poppenwier en ferbûn him mei de hoekske ballingen út Hollân, dy't foar aartshartoch Maksimiliaan nei Fryslân útwykt wiene. Mei harren ferovere hy yn 1482 Hoarn, mar waard dêrnei al gau belegere troch de steedhâlder Lalaing en de hear fan Egmond, dy't de stêd weroveren en him op it slot Egmond finzen setten. Foar tûzen goudgûnen frijlitten, naam hy as berucht Skieringer fierder diel oan de woaste Fryske twisten en foel ein 1497, as haad fan de Skieringers yn Idaarderadiel, yn Grou op it tsjerkhôf tsjin de Ljouwerters.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gabbema - Hist. van Friesland, 98 vlg., 119, 120, 134, 200; Jancko Douwama, Geschriften, 40.
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Jelkema, Wiebe Jarichs.