Wim van Eekelen
Willem Frederik (Wim) van Eekelen (Utert, 5 febrewaris 1931) is in earder Nederlânsk politikus foar de VVD.
Van Eekelen syn karriêre sette útein as diplomaat, dêrnei waard er topamtner op Bûtenlânske Saken. Rillegau nei syn ferkiezing ta Twadde Keamerlid waard hy steatssekretaris fan Definsje yn it kabinet-Van Agt I. Yn it kabinet-Lubbers I wie hy steatssekretaris fan Europeeske Saken. In 1988 trede hy ôf as minister fan Definsje yn it kabinet-Lubbers II fanwege syn eardere ferantwurdlikheid yn de paspoartaffêre. Hy waard dêrnei sekretaris-generaal fan de West-Jeropeeske Uny en senator. Fan 1995 oant 2003 hie er in sit yn de Earste Keamer.
Wim van Eekelen wie in fûl ferdigener fan de Atlantyske én de Europeeske gearwurking.
Wim van Eekelen is lid fan de Ried fan Advys fan The Rights Forum, in stifting dy't him ynset foar in rjochtfeardich Midden-Easten belied.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wim van Eekelen fan Wikimedia Commons. |