Springe nei ynhâld

Tsjalbert

Ut Wikipedy
Tsjalbert
Aenjewiersterdyk
Aenjewiersterdyk
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 840 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 9,30 km², wêrfan
- lân: 8,51 km²
- wetter 0,79 km²
Befolkingsticht. 99 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 59' N 5° 56' E
Offisjele webside
webstee fan Aenjewier
Kaart
Tsjalbert (Fryslân)
Tsjalbert
Lokaasje Tsjalbert yn Fryslân
Kaart
Aenjewiersterdyk
Lokaasje Tsjalbert (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean

Tsjalbert is in doarp yn it noardwest fan 'e gemeente It Hearrenfean. Tsjalbert hat 840 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Mei de doarpen Terbant, Lúnbert en Gersleat foarme Tsjalbert eartiids de gemeente Aenjewier. Tsjalbert wie it grutste plak fan dy gemeente. Yn 1934 waarden de Aenjewierster doarpen mei in grut part fan de gemeente Skoatterlân weryndield by de nije gemeente It Hearrenfean. Aldere fermeldings fan Tsjalbert binne: Tyanlaberde (1315), to Tjallaberd (1481), Jellebert (1505 ) alias Tyalbert en Tjallebert (1664 en 1718).

De 18e-iuwske tsjerke út de atlas fan Schoemaker

Tsjalbert hie al yn 1315 in eigen tsjerke, dy't yn 1626 ferfongen waard. Dy tsjerke waard yn 1742 ferfongen en yn 'e jierren 1825-1826 oan 'e noardlike kant útwreide mei in dwersskip. De klok fan 'e tsjerke waard yn 1670 troch Petrus Overney getten. Tsjalbert hie ek in herberch, dêr yn in keamer rjocht sprutsen waard.

Op de earste kadasterkaarten wie der om Tsjalbert hinne mear bosk as tsjintwurdich. In stik bosk oan de súdkant wie fan Tjeerd Geerts van Roeden út Sechtjinroeden. De Aenjewierster doarpen foarmen ien lange streek mei yn it noarden fan de streek lege feanen en yn it suden hege feanen. Yn'e 18e iuw sette de feanterij yn Aenjewier útein, ynearsten yn it suden en dêrnei yn it noarden. Healwei de 19e iuw wie dat wurk dien en waard it ûnlân dat efterbleau yn kultuer brocht. Noardlik fan it doarp lizze De Deelen, in natoergebiet dat ûntstie nei it ôfgraven fan it fean.

Nei de Twadde Wrâldoarloch krige it streekdoarp nijbou om 'e tsjerke hinne sadat der in doarpskom ûntstie.

Yn septimber 2016 waard yn Tsjalbert de nije Multyfunksjonele Akkomodaajse Aengwirden iepene. Tsjalbert docht in soad yn 'e mande mei de oare Aenjewierster doarpen. It doarp hat ek in mienskiplik Pleatslik Belang. "Aengwirden Aktief" is de doarpskrante. It doarp hat in brânwarkazerne.

Aenjewierster tsjerke
De Wikipedy hat ek in side Aenjewierder Tsjerke.

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan 'e Aenjewierster doarpen. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2005
Ynwenners 1025 761 646 450 436 514 735
Jier 2010 2015 2020
Ynwenners 782 810 840

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Bekende ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de strjitten fan Tsjalbert.

  • S. Bakker "Vier dorpen, één streek. Terband, Luinjeberd, Tjalleberd, Gersloot"

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje