Tirana
Tirana | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Albaanje |
Distrikt | Tirana |
Greefskip | Tirana |
Sifers | |
Ynwennertal | 610.070 (2015) |
Oerflak | 41,8 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 10.078 km² |
Hichte | 110 m |
Oar | |
Stifting | 1614 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | tirana.gov.al |
Tirana (ek wol Tiranë) is de haadstêd fan Albaanje. De stêd leit oan de rivier Tiranë en de Lanë yn it meast flakke part fan it lân, op 40 km fan de havenstêd Durrës.
Tirana waard stifte as in Ottomaanske stêd yn 1614 troch Suleiman Bargjini, in pleatslik hearsker út Mullet; lykwols wie op dat plak al bewenning sûnt de Aldheid sûnder ûnderbrekking. Tirana waard yn 1920 haadstêd. It wie doe noch mar in plakje, dat as kompromis tusken it noarden en it suden fan it lân de haadstêd fan Albaanje wurde mocht. Yn de rin fan de 20e iuw is Tirana yn alles de wichtichste stêd fan it lân wurden, dêr't earder plakken as Shkodër, Durrës en Korçë grutter en fan mear belang wienen. Benammen yn de jierren fyftich krige de stêd der in protte yndustry by en nei de delfal fan it kommunistysk regear yn 1991 lutsen in soad minsken fan it plattelân nei de stêd yn de hope op in better bestean.
Mids de stêd leit it kolossale Skanderbegplein. It is neamd nei Albaanjes nasjonale held Skanderbeg (Gjergj Kastrioti). Oan it plein stean ûnder oaren it parlemintsgebou en ferskate regearingsgebouwen.
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under Oaren: