Springe nei ynhâld

The Matrix Reloaded

Ut Wikipedy
The Matrix Reloaded
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur de Wachowski's
produsint Joel Silver
senario de Wachowski's
kamerarezjy Bill Pope
muzyk Don Davis
filmstudio Village Roadshow Pictures
Silver Pictures
NPV Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Keanu Reeves
Laurence Fishburne
Carrie-Anne Moss
byrollen Hugo Weaving
Harold Perrineau
Jada Pinkett Smith
Randall Duk Kim
Anthony Zerbe
Monica Bellucci
Lambert Wilson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 7 maaie 2003
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 138 minuten
budget en resultaten
budget $150 miljoen
opbringst $739,4 miljoen
filmsearje
filmsearje The Matrix
● foarich diel The Matrix
● folgjend diel The Matrix: Revolutions

The Matrix Reloaded is in Amerikaanske post-apokalyptyske, dystopyske science fiction-aksjefilm út 2003 ûnder rezjy fan de Wachowski's, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves, Laurence Fishburne en Carrie-Anne Moss. De titel betsjut "De Matrys Werladen". De film is it twadde diel fan 'e oarspronklike Matrix-filmtrilogy, dy't ta de subsjenres fan neo-noir en cyberpunk heart, en folget as sadanich op The Matrix, út 1999. It ferhaal folget Neo, syn mentor Morpheus, syn minneresse Trinity en harren meistanners as se de simulearre reäliteit fan 'e Matrys besykje te beëinigjen, om sa de minskheid te befrijen fan 'e oerhearsking troch de masines. The Matrix Reloaded krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In trêde diel fan The Matrix, mei as titel The Matrix: Revolutions, waard in healjier letter útbrocht, yn novimber 2003.

(Sjoch foar wat foarôfgie: The Matrix.)

Seis moannen nei de foarfallen yn 'e earste film hawwe Neo en Trinity in romantyske relaasje, mar Neo wurdt pleage troch sliepeleazens dy't feroarsake wurdt troch in weromkearende dream oer de dea fan Trinity. Harren mentor Morpheus, de kaptein fan 'e Nebuchadnezzar, ûntfangt in boadskip fan kaptein Niobe fan 'e Logos, wêryn't er nei in needgearkomste ta roppen wurdt fan alle skippen fan 'e ferburgen ûndergrûnske stêd Zion, dy't it lêste bolwurk fan 'e frije minskheid foarmet. De autoriteiten yn Zion hawwe it lêste berjocht fan 'e Osiris befêstige: in leger fan Skyldwachten (masines dy't bedoeld binne om 'e minsklike rebellen út te skeakeljen) graaft himsels in paad nei Zion en sil dêr binnen 72 oeren oankomme.

Kommandant Lock, dy't oan it haad fan 'e ferdigening stiet, oarderet alle skippen om fuortendaliks nei Zion werom te kearen, sadat se ynset wurde kinne tsjin 'e Skyldwachten. Morpheus giet lykwols tsjin dat befel yn en freget ien skip om efter te bliuwen sadat kontakt holden wurde kin mei it Orakel, dat har yn 'e Matrys befynt. De Caduceus bliuwt sadwaande efter wylst alle oare skippen, de Nebuchadnezzar ynbegrepen, weromkeare nei Zion. As it langferwachte boadskip fan it Orakel komt, moetet Bane, ien fan 'e bemanningsleden fan 'e Caduceus, foar't er de Matrys ferlitte kin agint Smith. Dyselde makket dúdlik dat er syn eardere konfrontaasje mei Neo (sjoch: The Matrix) oerlibbe hat, mar dat syn konneksje mei de Matrys dêrtroch ferlerngien is, sadat er no in selsstannich operearjend softwareprogramma wurden is. Hy absorbearret de avatar fan Bane en wit dêrtroch de kontrôle oer Bane syn echte lichem oer te nimmen, sadat er no ek bûten de Matrys bestean kin.

Yn Zion hat Morpheus in konfrontaasje mei de lulke kommandant Lock, om't er tsjin dy syn befellen yngien is. Der spilet lykwols mear tusken de beide mannen, mei't kaptein Niobe foarhinne de minneresse wie fan Morpheus, wylst se no mei Lock omslacht. Morpheus kriget lykwols de stipe fan 'e bestjoersried fan Zion, yn 'e persoan fan riedslid Hamann. Sadwaande is hy dejinge dy't oan 'e befolking fan 'e ûndergrûnske stêd it nijs meidielt fan 'e opmars fan 'e Skyldwachten. Nei't de Caduceus weromkeard is mei it boadskip fan it Orakel, jouwe Hamann en de rie harren goedkarring oan in nije misje fan 'e Nebuchadnezzar, dêr't Lock him mar mei uterste tsjinnichheid by del leit. Morpheus, Trinity, Neo en Link, de betsjinner fan 'e apparatuer, sette sadwaande wer ôf nei in djipte deunby it oerflak, dêr't Neo de Matrys binnengean kin.

Dêr moetet er Seraph, de liifwacht fan it Orakel, dy't him by syn masteresse bringt. As Neo foar it ferstân kriget dat it Orakel ûnderdiel fan 'e Matrys útmakket, freget er har hoe't er witte kin dat se te fertrouwen is; hja antwurdet dat se him gjin objektive wissichheid jaan kin en dat er dêrom kieze moat. Nei't er keazen hat om har te fertrouwen, fertelt se him dat er de oanfal op Zion stopje kin troch de Boarne fan 'e Matrys te berikken, wat er inkeld dwaan kin mei help fan in selsstannich operearjend programma dat de Kaaimakker hjit. Dyselde wurdt finzen holden troch wer in oar selsstannich operearjend programma, de Merovinger. Nei't it Orakel troch Seraph fuortlaat is, ferskynt agint Smith oan Neo, en fertelt him wat him oerkommen is nei't Neo him ferslein hie. Dêrnei demonstrearret er syn nije fermogen om himsels te duplisearjen troch de avatars fan minsken yn 'e Matrys te absorbearjen. As er lykwols besiket om Neo te absorbearjen, mislearret dat. Dêrop besiket in hiel kloft Smiths om Neo te fermoardzjen, mar hy wit se fan him ôf te slaan en as se him troch har nûmerike oermacht dochs oermânsk driigje te wurden, slagget it him om te ûntkommen troch syn fermogen om te fleanen, dêr't de Smiths net oer beskikke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mei Morpheus en Trinity bringt Neo neitiid in besyk oan 'e Merovinger, dy't syn eigen aginda hat en wegeret de Kaaimakker gean te litten. Syn frou Persephone, dy't wraak nimme wol op har man foar syn oerhoer mei oare froulju, liedt Neo-en-dy lykwols nei de Kaaimakker ta, wêrnei't Morpheus en Trinity mei de Kaaimakker útnaaie, wylst Neo de Merovinger en syn trewanten tsjinkeart. Op harren flecht wurde Morpheus, Trinity en de Kaaimakker efterfolge troch de Twilling, de wichtichste beide trewanten fan 'e Merovinger, en ek troch ferskate aginten fan 'e Matrys. Nei in spektakulêre konfrontaasje mei hege faasje op in autosnelwei wit Morpheus de Twilling te ferslaan. As er dêrnei sels troch agint Johnson deade driget te wurden, wurdt er rêden troch Niobe, dy't troch de bestjoersried fan Zion (ta argewaasje fan kommandant Lock) mei har Logos en noch in twadde skip, de Vigilant, útstjoerd is om't der al sa lang neat mear heard is fan 'e Nebuchadnezzar. Agint Johnson beävensearret in frontale botsing fan twa frachtweinen om Morpheus en de Kaaimakker te deadzjen, mar Neo, dy't út it kastiel fan 'e Merovinger ûntkommen is, arrivearret krekt op 'e tiid en rêdt harren troch mei har fuort te fleanen.

Neitiid betinke de kapteins Morpheus, Niobe en Soren fan 'e Nebuchadnezzar, de Logos en de Vigilant mei Neo en de Kaaimakker in plan om Neo yn 'e Boarne fan 'e Matrys trochkringe te litten. Om 'e befeiliging fan it systeem út te skeakeljen, moat de bemanning fan 'e Logos in kearnsintrale opblaze, wylst de bemanning fan 'e Vigilant foarkomme moat dat in back-upsysteem aktyf wurdt. Dêrnei sil Neo mei help fan Morpheus en de Kaaimakker de doar nei de Boarne iepenje kinne. Hy freget Trinity om diskear net de Matrys yn te gean, om't syn weromkearende dream fan har dea ferbûn liket te wêzen mei dizze misje.

Niobe en de bemanning fan 'e Logos slagje yn harren opset, mar ear't Soren en de bemanning fan 'e Vigilant harren taak folbringe kinne, wurdt harren skip ferneatige troch in Skyldwacht, wêrby't alle ynsittenden omkomme. Om't Neo en Morpheus it net oerlibje sille as se de doar nei de Boarne iepenje sûnder dat it back-upsysteem útset is, giet Trinity dochs de Matrys binnen. It slagget har krekt op 'e tiid om it wurk fan Soren-en-dy ôf te meitsjen, wylst Neo, Morpheus en de Kaaimakker opholden wurde troch in groep Smiths. Neitiid rekket Trinity lykwols yn in gefjocht behelle mei agint Thompson. De Kaaimakker wit op snoade wize oan 'e Smiths te ûntkommen en de doar nei de Boarne te iepenjen, sadat Neo en Morpheus dertroch kinne. Sels wurdt er lykwols troch de Smiths deasketten wylst er de doar wer ticht docht.

Neo giet allinnich fierder de Boarne yn, dêr't er de Arsjitekt moetet, it programma dat de skepper fan 'e Matrys is. Dyselde leit Neo út dat Neo sels in yntegraal en mei opsetsin tafoege ûnderdiel fan 'e Matrys is en dat dit de sechsde kear is dat in Neo de Boarne binnenkrongen is. Hy is oan it programma tafoege om foar te kommen dat de Matrys in fatale systeemcrash ûndergiet feroarsake troch de minsklike frije wil om te kiezen dy't yn 'e Matrys ferwurke sit. Krekt as syn fiif foargongers wurdt Neo foar de kar steld: of de Boarne op 'e nij op te starten en sân manlju en sechstjin froulju út te kiezen om dêrmei it mei koarten ferwoastge Zion te werbefolkjen, sa't al syn foargongers dien hawwe, of de Matrys crashe te litten en alles en eltsenien dat of dy't dermei ferbûn is, deagean te litten. Dat soe it útstjerren fan 'e minskheid feroarsaakje as Zion ferwoastge wurdt. Neo is lykwols de earste foarm fan himsels dy't yn in romantyske relaasje behelle is, en hy kiest derfoar om Trinity te rêden ynstee fan 'e minskheid.

By harren gefjocht springe Trinity en agint Thompson allebeide út it rút fan in wolkekliuwer en besjitte inoar wylst se falle. Dêrby wurdt Trinity yn it boarst troffen. Ear't se de grûn rekket en tepletter falt, fangt Neo har lykwols op. Dêrnei ferwideret er de kûgel út har hert, en as se dochs noch ferstjert, wegeret er har gean te litten en wit har mei syn behearsking fan 'e Matrys wer ta libben te bringen.

Tegearre keare se werom nei de echte wrâld, dêr't de Nebuchadnezzar ûnderwilens oanfallen wurdt troch de Skyldwachten. It skip wurdt ferneatige, mar de bemanning ûntkomt. As de Skyldwachten har tenei komme, lit Neo in nij fermogen sjen om ek yn bûten de Matrys masines út te skeakeljen mei syn gedachten. De ynspanning wurdt him lykwols tefolle, en hy rekket yn koma. De bemanning wurdt oppikt troch in oar skip, de Hammer. Roland, de kaptein fan 'e Hammer, fertelt oan Morpheus dat de skippen fan Zion troch de masines yn ien klap útrûge binne nei't immen foartidich in elektromagnetyske puls aktivearre, wêrmei't alle apparaten bûten wurking steld wurde. Roland fermoedet dat it in die fan moedwillige sabotaazje wie. Fan alle skippen is mar ien oerlibbene fûn: Bane, fan wa't nimmen wit dat er no eins in biologysk ferlingstik fan agint Smith is.

Keanu Reeves yn 2009.
Laurence Fishburne yn 2000.
Carrie-Anne Moss yn 1999.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Neo / Thomas A. Anderson Keanu Reeves
Morpheus Laurence Fishburne
Trinity Carrie-Anne Moss


byrollen
personaazje                            akteur/aktrise
agint Smith Hugo Weaving
Link Harold Perrineau
kaptein Niobe Jada Pinkett Smith
de Kaaimakker Randall Duk Kim
riedslid Hamann Anthony Zerbe
Persephone Monica Bellucci
de Merovinger Lambert Wilson
kommandant Lock Harry Lennix
Zee Nona Gaye
it Orakel Gloria Foster
de Arsjitekt Helmut Bakaitis
de Twilling Neil en Adran Rayment
Kid Clayton Watson
Seraph Collin Chou
kaptein Soren Steve Bastoni
Cas Gina Torres
Axel Leigh Whannell
Vector Donald Anjaya Batte
kaptein Ballard Roy Jones jr.
agint Jackson David A. Kilde
agint Thompson Matt McColm
riedslid West Cornel West
Ghost Anthony Wong
Bane Ian Bliss

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Matrix Reloaded waard regissearre troch troch Lana en Lilly Wachowski (tegearre ornaris bekend as 'de Wachowski's) nei in senario fan harrensels. As produsint wie Joel Silver by it projekt belutsen foar de filmstudio's Village Roadshow Pictures, Silver Pictures en NPV Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $150 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Pope, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Don Davis.

De opnamen setten op 1 maart 2001 útein en einigen op 21 augustus fan dat jier. Se fûnen foar it meastepart plak yn 'e Fox Studios Australia yn it Australyske Sydney. De efterfolging op 'e autosnelwei waard filme op it ôftanke Marineloftstasjon Alameda yn Alameda (Kalifornje), dêr't spesjaal foar de film krapoan 21/2 km snelwei oanlein waard. De rol fan Zee waard oarspronklik spile troch sjongster Aaliyah, dy't lykwols op 25 augustus 2001 omkaam by in fleantúchûngemak. Mei't net al har sênes doe al filme wiene, moast it wurk dat al foltôge wie, doe oerdien wurde mei Nona Gaye yn deselde rol.

De distribúsje fan The Matrix Reloaded waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 7 maaie 2003 yn Los Angeles yn premiêre, wêrnei't er op 15 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. Op 14 oktober 2003 waard The Matrix Reloaded útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd. Op 7 septimber 2010 kaam de film ek út op blu-ray. Fan 'e filmmuzyk fan 'e film waarden yn 2003 twa soundtrackalbums útbrocht: The Matrix Reloaded en The Matrix Reloaded: The Album.

Fan 'e filmkritisy ûntfong The Matrix Reloaded oer it algemien positive resinsjes. Sa krige de film fan Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times 31/2 fan 4 stjerren. Hy omskreau The Matrix Reloaded as "in ûnbidich feardich makke science fiction-aventoer, wêryn't de gebrûklike eleminten ferwurke sitte: helden en smjunten, special effects en stunts, efterfolgings en eksploazjes, romantyk en wolsprekkendheid." Hy priizge boppedat it feit dat de film "syn wrâld ûntwikkelet yn folle mear detail as de de earste film dwaan koe […], tichter nei it hert fan it geheim fan 'e Matrys graaft, en syn held, Neo, fan in betize persoan dy't ronsele is, promovearret ta in Kristusfiguer yn wurding."

In protte oare resinsinten wiene minder oer de film te sprekken. Sa hie Richard Schickel fan Time krityk op 'e neffens him ferfrjemdzjende plot, wylst Nathan Rabin fan The A.V. Club fûn dat de karakterûntwikkeling te lijen hie ûnder de oanhâldende fokus op aksje. Marc Savlov fan The Austin Chronicle hie dan wer muoite mei it grutte tal sênes mei útlizzerige dialooch. Oare punten fan krityk wiene it ûngelikense tempo en de as ûnnedich opfette cliffhanger oan 'e ein. It tydskrift Entertainment Weekly naam The Matrix Reloaded dêrom yn 2007 op yn syn list fan De 25 Minste Ferfolchfilms Ea Makke. Yn Egypte waard de film troch de sensuer ferbean, mei't der yn it ferhaal tefolle fraachtekens steld waarden by de skepping fan 'e minske troch God.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Matrix Reloaded in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 245 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't er troch syn balstjurrige tematyk ferskilt fan syn foargonger, is [de film] in weardich ferfolch, dat fol sit mei bioskoopfreonlike spanning." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Matrix Reloaded in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 40 resinsjes.

The Matrix Reloaded brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $281,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $457,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $739,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $589,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei ferbriek The Matrix Reloaded it rekôr fan Terminator 2: Judgment Day út 1991 en waard it de meast opbringende film foar boppe de achttjin jier dy't ea makke wie, oant Deadpool yn 2016 dy titel oernaam.

The Matrix Reloaded wûn de Teen Choice Award foar favorite aksjefilm. De film waard fierders nominearre foar in Satellite Award yn 'e kategory bêste dvd oer-alles, en ek foar noch fjouwer oare Teen Choice Awards en twa MTV Movie Awards.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Matrix (filmsearje)
The Matrix (1999) • The Matrix Reloaded (2003) • The Matrix: Revolutions (2003) • The Matrix: Resurrections (2021)