Tabe Beintema
Tabe Beintema (Brantgum, 6 augustus 1912 - Ljouwert, 13 juny 1991) wie in frisiast en eigener fan boekhannel De Terp yn Ljouwert.
Oant 1968 oersetter en útjouwer fan in soad Frysk toaniel (± 300 stikken). Yn 1968 waard de toanielútjouwerij oernomd troch de stichting SWUFT.
Hy wie sûnt 1952 ek lieder fan it Ynstitút Fryslân dat Frysk ûnderwiis bûten skoalferbân fersoarge fia skriftlike kursussen (oplieding A,- en B-diploma; sa'n 300 dielnimmers it jier); yn 1970 waard dit troch de Afûk oernomd.
Yn 1974 waard Beintema nei Klaes Jansma, betelle propagandist yn tsjinst fan de Stichting It Fryske Boek. Joech dêrnei sels ek belletry út. Hy publisearje yn 1984 Biten & Brokken, een "bûnte samling taalgrúskes yn fraach-en-antwurd-foarm" under it pseudonym T. Gerlofs. Winner fan de Piter Jellespriis 1974 foar syn aktiviteiten op it mêd fan de Fryske letterkunde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|