Springe nei ynhâld

Styffamylje

Ut Wikipedy

Styffamylje is in oerkoepeljende beneaming foar dy leden fan in gesin of famylje dy't gjin besibskipsrelaasje troch ôfstamming mei-inoar hawwe, mar inkeld fia it houlik (of yn bredere sin de relaasje) fan 'e âlden fan it oangeande gesin oaninoar besibbe binne. Dat is in sitewaasje dy't foarkomt as in heit of mem mei ien of mear bern út in eardere relaasje in nije relaasje oangiet mei in oare partner. De nije partner wurdt oantsjut as de styfâlder. As it in man is, wurdt hy foar de bern harren styfheit; is it in frou, dat wurdt hja harren styfmem. Oarsom wurde de bern foar him of har styfbern, en ôfhinklik fan harren geslacht styfsoan of styfdochter. Fanút it eachpunt fan 'e biologyske âlder fan 'e bern wurde bern út in eardere as de hjoeddeiske relaasje foarbern neamd, nei geslacht spesifisearre as in foarsoan of in foardochter. Styfmemmen lizze by lju dy't út eigen ûnderfining net mei it ferskynsel 'styffamylje' te meitsjen hân hawwe, op in minne namme troch it literêre foarkommen fan it personaazje fan 'e 'boaze styfmem' yn wrâldferneamde mearkes as Sniewytsje en Jiskepûster. Yn it ferlingde dêrfan wurdt de oantsjutting 'styfbern' wol sprekwurdlik brûkt foar ien dy't oan 't krapperein komt of eat dat ferwaarleazge wurdt.

Foarhinne kaam in styfâlder benammen foar nei it ferstjerren fan in eardere houlikspartner, wêrnei't de widner of widdo in nij houlik oangie. Foar froulju wie de driuwfear dêrfoar faak dat hja sels gjin ynkommen hiene en in man nedich wiene om har en harren bern te ûnderhâlden, wylst manlju yn 'e regel wertrouden om't harren bern út 'e eardere relaasje ferlet hiene fan in mem om 'e opfieding ter hân te nimmen. Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is yn 'e Westerske maatskippij lykwols it ferskynsel skieding folslein ynboargere rekke, mei as gefolch dat brutsen gesinnen fan allinnichsteande âlders mei harren bern no folle mear foarkomme. Sadwaande is ek it tal skieden âlders tanommen dat wertrout of in nije relaasje mei in oare partner oangiet, en dêrmei dus it foarkommen fan styffamyljes. Soms is dêrby sprake fan styfâlderadopsje, wêrby't de styfâlder syn of har styfbern formeel adoptearret, sadat der in wetlike bân tusken harren ûntstiet. Soks wurdt meastal dien as in soarte fan fersekering: as der wat mei de biologyske âlder barre soe, ferliest de styfâlder nammentlik alle sizzenskip oer de opfieding fan syn of har styfbern as hy of sy dy net adoptearre hat.

De famyljesitewaasje wurdt noch yngewikkelder as de nije partner sels ek al bern hat út in eardere relaasje. As foarbern fan beide âlden mei-inoar yn ien húshâlding gearlibje, sprekt men wol fan in gearstald gesin. De foarbern fan 'e beide âlden binne (mei in Ingelsk wurd) inoars styfsibling en spesifisearre nei geslacht binne se inoars styfbroer of styfsuster. Elts bern dat fuortkomt út 'e nije relaasje tusken de oarspronklike âlder en de styfâlder is in healsibling (healbroer of healsuster) foar de foarbern fan beide âlden. Hoewol't styfsiblings net biologysk oaninoar besibbe binne, wurde foar harren oer it algemien deselde mjitstêven oanholden as dy't jilde foar wiere siblings. Dêrta heart ek it maatskiplik taboe op seksuële omgong, hoewol't dat troch it ûntbrekken fan in biologyske famyljerelaasje net ta yntylt liede en yn prinsipe ek net foar ynsest oanmurken wurde kin.

In styfpake of styfbeppe is in pake of beppe dy't de styfheit of styfmem fan ien fan 'e âlden fan syn of har bernsbern is. In pake of beppe dy't de styfheit of styfmem fan 'e styfheit of styfmem fan syn of har bernsbern is, soe as it der op oankomt in styfstyfpake of styfstyfbeppe neamd wurde kinne. Yn 'e praktyk sille alle styfpakes en -beppes troch de bernsbern lykwols gewoan oansprutsen wurde mei "pake" of "beppe". Oarsom is in styfpakesizzer of styfbeppesizzer it bern fan jins styfsoan of -dochter. In styfomke of styfmuoike is in omke of muoike dy't de styfbroer of -suster fan ien fan jins âlden is, en omdraaid is in styfomkesizzer of styfmuoikesizzer de soan of dochter fan jins styfbroer of -suster.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Selected bibliography, Footnotes en References, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes