Springe nei ynhâld

Slach by Slim Buttes

Ut Wikipedy
Slach by Slim Buttes
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)

It plak fan 'e Slach by Slim Buttes
datum: 910 septimber 1876
plak: benoarden de Black Hills, yn it Grutte Sû Reservaat
útkomst: Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
Lakota Feriene Steaten
befelhawwers
Amerikaansk Hynder
Mâl Hynder

George Crook
Anson Mills
Eugene A. Carr
sterkte
600-800 2.200
ferliezen
10 deaden
ûnbekend tal ferwûnen
23 kriichsfinzenen
  3 deaden
27 ferwûnen

kaart
Slach by Slim Buttes (Súd-Dakota)
Slach by Slim Buttes
Lokaasje fan 'e Slach by Slim Buttes yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota.

De Slach by Slim Buttes (útspr. [slɪm bjuʦ], likernôch: "slim bjûts") wie in lytsskalige fjildslach dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Dit treffen waard op 9 en 10 septimber 1876 útfochten benoarden de Black Hills, yn it noardwestlike part fan 'e hjoeddeiske Amerikaanske steat Súd-Dakota. Hjirby ferwuostge it Amerikaanske Leger ûnder brigadegeneraal George Crook it doarp fan it Lakota-opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere en sloech tagelyk in tsjinoanfal fan it opperhaad Mâl Hynder ôf. De Slach by Slim Buttes wie ien fan in hiele rige strafekspedysjes tsjin 'e Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen, nei't dy yn juny fan datselde jiers yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint in ferpletterjende nederlaach tabrocht hiene.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876 briek yn it foarste plak út om't der ûnder de Ekspedysje nei de Black Hills, yn 1874, goud fûn wie yn 'e Black Hills, in gebiet dat hillich wie foar de Lakota en dat diel útmakke fan it Grutte Sû Reservaat. Neitiid woe it Amerikaanske regear, dat it berchtme yn 1868 ûnder it twadde Ferdrach fan Fort Laramie 'foar ivich' oan 'e Yndianen ôfstien hie, dat de Lakota it gebiet opjaan soene. Dêr woene hja lykwols neat fan witte. Doe't ûnder de Goudkoarts fan de Black Hills tûzenen blanke goudsikers tsjin alle ôfspraken yn it lân fan 'e Yndianen binnenkrongen, waard in wapene konflikt ûntsjinkearber.

Op 25 en 26 juny 1876 fersloegen de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, ûnder lieding fan 'e medisynman Sittende Bolle en it opperhaad Mâl Hynder, yn 'e Slach oan de Little Bighorn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Dy nederlaach wie de dryste Custer oan te skriuwen, dy't op 'e siik nei gloarje op it slachfjild in Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn súdlik Montana, oanfoel tsjin alle warskôgings fan syn ferkenners yn en sûnder in goed byld te hawwen fan 'e sterkte fan 'e fijân. Fan gefolgen rekke hysels mei fiif kompanjyen fan syn rezjimint ynsletten troch in grutte Yndiaanske oermacht, dy't him en syn mannen folslein ferdylge.

Foar it Amerikaanske regear en it Amerikaanske Leger koe dy nederlaach net ûnbestraft bliuwe. Brigadegeneraal George Crook waard derop útstjoerd om mei de opstannige Yndianen ôf te weven. Hy hie in troepemacht by him fan sa'n 2.200 man, besteande út 1.500 man kavalery en 450 man ynfantery. De kavalery omfieme de Kompanjyen A, B, D, E en I fan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, de Kompanjyen A, B, C, D, E, F, G, I, L en M fan it 3e Kavaleryrezjimint ûnder kaptein Anson Mills en de Kompanjyen A, B, C, D, E, F, G, I, K en M fan it 5e Kavaleryrezjimint ûnder luitenant-kolonel Eugene A. Carr. Crook syn ynfantery waard foarme troch de Kompanjyen D, F en G fan it 4e Ynfanteryrezjimint, de Kompanjyen C, G en H fan it 9e Ynfanteryrezjimint en de Kompanjyen B, C, F en I fan it 14e Ynfanteryrezjimint. Fierders hie Crook 240 Yndiaanske ferkenners by him, en teffens in groep boargerwurknimmers fan it Leger, wêrûnder de blanke ferkenners Frank Grouard, John Wallace Crawford (byneamd 'Captain Jack'), Baptiste Pourier (byneamd 'Big Bat') en Baptiste Garnier (byneamd 'Little Bat'). Ek ferskate sjoernalisten, lykas Robert Edmund Strahorn en John F. Finerty, joegen har by Crook syn troepen.

Brigadegeneraal George Crook.

De Yndianen hiene har yn tuskentiid lykwols yn lytse groepkes opspjalten en oer de noardlike Grutte Flakten ferspraat, sadat Crook harren net fine koe. Hy bleau te lang yn it fjild, en doe't de rantsoenen oprekken, wiene syn mannen twongen om har eigen hynders op te iten. Crook syn fjildtocht kaam sadwaande bekend te stean as de Hynstefleismars.

Oan 'e ein fan 'e earste wike fan septimber ûntdiek in ôfdieling fan Crook syn troepen, besteande út 150 man ûnder kaptein Anson Mills, dy't op ferkenning stjoerd wiene op 'e bêste hynders dy't noch oer wiene, it kamp fan it opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere. Dat kamp, dat noardlik fan 'e Black Hills lei, binnen de grinzen fan it (doetiidske) Grutte Sû Reservaat, bestie út 37 tipys, mei sa'n 260 minsken, wêrûnder 30 oant 40 krigers. De bewenners wiene benammen Oglala-Lakota, mar ek guon Minnikonzjû en Brulee.

By wat bekend kaam te stean as de Slach by Slim Buttes, bestoarmen Mills en syn mannen it kamp by moarnsdage op 9 septimber. In grut tal fan 'e Yndianen waard deade, al wisten guon te ûntkommen. Amerikaansk Hynder loek him mei syn húshâlding, besteande út trije of fjouwer krigers en sa'n 25 froulju en bern, werom yn in djip, smel ravyn mei oerhingjende sydkanten, hast in grot allyk, dêr't er troch de midsmoarns yn it doarp oankommen generaal Crook de hiele dei lang belegere waard.

Amerikaansk Hynder tidige op rêding troch Mâl Hynder, dy't mei in folle gruttere Lakota-macht mar in pear kilometer nei it westen ta syn kamp opslein hie. Mar tsjin 'e tiid dat Mâl Hynder opdaagjen kaam, hiene Crook syn troepen de hiele delling beset en koed er it doarp net mear benei komme. Crook besingele Amerikaansk Hynder syn posysje mei ynfantery ûnder lieding fan earste luitenant William Philo Clark en majoar John G. Bourke, en liet it ravyn oanhâldend fan alle kanten besjitte. Neffens de offisjele Amerikaanske lêzing murken de Amerikanen pas dat der ek non-kombattanten yn it ravyn sieten, doe't de Yndiaanske poppen sa lûd begûnen te gûlen dat it boppe it leven fan 'e gewearskotten út te hearren wie. Crook die dêrop fia syn tolken Grouard en Pourier it oanbod om 'e froulju en bern út it ravyn komme te litten, en gie yn eigen persoan nei de iepening om tolve froulju en sân bern by syn troepen lâns te begelieden.

De oerjefte fan Amerikaansk Hynder.

Dêrnei waard de rein fan kûgels ferfette, yn in ympasse dy't noch hast twa oeren duorre. Nei nije ûnderhannelings fia de tolken joech Amerikaansk Hynder it doe einlings oer, op betingst dat de krigers dy't er by him hie, sparre wurde soene. Sels wied er yn 'e ûnderbúk sketten, en doe't er úteinlik út it ravyn kaam en by wize fan oerjefte generaal Crook de kolf fan syn gewear oanbea, moast er mei ien hân syn yngewant yn it liif hâlde. De legerdokter Valentine McGillycuddy die foar it opperhaad wat er koe, mar hie fuort al sjoen dat it in ferlerne saak wie. Amerikaansk Hynder wegere morfine en libbe noch oant likernôch seis oere de oare moarns, doe't er beswiek oan syn ferwûnings.

Yn 'e Slach by Slim Buttes fûnen neffens de offisjele sifers tsien Yndianen de dea, Amerikaansk Hynder ynbegrepen, wylst der in ûnbekend tal Yndiaanske ferwûnen wie en 23 kriichsfinzenen. Oan 'e Amerikaanske kant foelen 3 deaden en 27 ferwûnen. Hjoed de dei befynt it plak fan de slach him op lân dat yn priveebesit is. Deunby stiet op iepenbier lân in tinkteken.

Hoewol't de Slach by Slim Buttes foar it Amerikaanske Leger de ein markearre fan 'e simmerkampanje fan 1876, waard ek yn it neijier oanhâldend jage op 'e Yndianen dy't ferantwurdlik holden waarden foar se smaadlike nederlaach fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint yn 'e Slach oan de Little Bighorn. Dêrby waard bgl. ein novimber yn it Gefjocht fan Stomp Mês de troep fan it Sjajinske opperhaad Stomp Mês útskeakele. Uteinlik soe dy ferfolging yn 'e rin fan 1877 liede ta de definitive nederlaach fan 'e Flakte-Yndianen.

Ferskaten fan 'e Amerikaanske dielnimmers oan 'e Slach by Slim Buttes, wêrûnder de ferkenner John Wallace Crawford en sjoernalist Robert Edmund Strahorn drukten yn lettere jierren harren spyt út oer it treffen en har eigen rol dêryn. Strahorn sei: It skreauwen fan 'e Yndianen, it knallen fan 'e gewearen, it flokken fan 'e soldaten, it gûlen fan 'e bern, it byljen fan 'e hûnen, de deaden dy't gearklofte leine op 'e boaiem fan dat smoarge slimerige ravyntsje en de gjalpen fan 'e ferwûnen fertsjintwurdigje it alderpynlikste tafriel dat him yn myn ûnthâld oan it ferrin fan 'e Sû-Oarloggen fêstklampet."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.