Sansibar (eilân)
Sansibar (Swahily: Unguja) is in eilân foar de kust fan East-Afrika, dat diel útmakket fan Tanzania. Mei de deunby lizzende eilannen Pemba en Mafia en ferskate lytsere eilantsjes foarmet Sansibar de arsjipel fan 'e Sansibareilannen, dy't fan âlds ek wol bekend stiet as de Speserij-eilannen (al wurdt dy term faker brûkt foar de Molukken). It grutste part fan 'e eilannegroep foarmet steatkundich in autonome republyk binnen Tanzania, dy't ek Sansibar hjit. It eilân Sansibar is it grutste en tichtst befolke eilân fan 'e Sansibareilannen. De wichtichste stêd, en teffens it bestjoerlike en ekonomyske sintrum, hjit ek al fan Sansibar, en stiet bekend om syn histoaryske binnenstêd Stone Town.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân Sansibar leit foar de eastkust fan Tanzania yn 'e Yndyske Oseaan. It is it grutste eilân fan 'e Sansibareilannen, en mjit sa'n 85 km fan noard nei súd en likernôch 30 km fan east nei west. It hat in licht heuvelich lânskip mei as heechste punt 120 m boppe seenivo, en in oerflak fan 1.464 km². Steatkundich is it eilân Sansibar ferdield yn trije bestjoerlike regio's:
- Sansibar-Midden/Súd, mei as haadstêd Koani
- Sansibar-Noard, mei as haadstêd Mkokotoni
- Sansibar-Stêd/West, mei as haadstêd Sansibar (stêd)
It eilân Sansibar wurdt omjûn troch frijwat lytsere eilantsjes, wêrfan't lykwols mar twa, Tumbatu en Uzi, bewenne binne. De ûnbewenne eilantsjes foar de kust fan Sansibar binne: Bawe, Changuu, Chapwani, Chumbe, Daloni, Kizingo, Kwale, Mautani, Miwi, Mnemba, Mwana wa Mwana, Nianembe, Nyange, Pange, Popo, Pungume, Sume, Tele, Ukanga, Ukombe en Vundwe. Sansibar foarmet mei syn oanswettende eilantsjes it middelste diel fan 'e Sansibareilannen. It leit op sa'n 59 km súdlik fan it op ien nei grutste eilân fan 'e arsjipel, Pemba. It op twa nei grutste eilân, Mafia, leit in stik fierder nei it suden ta. Sansibar wurdt fan it fêstelân fan Afrika skaat troch it 36-50 km brede Kanaal fan Sansibar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Argeologyske fynsten tsjutte derop dat it eilân Sansibar teminsten al 20.000 jier troch de minske bewenne wurdt. Yn in Aldgrykske tekst dy't datearret fan tusken de earste en de trêde iuw, de Periplus fan de Erytreeske See, wurdt nei it eilân ferwiisd mei de nammen Μενουθιάς, Menuthias. Tsjin dy tiid waard Sansibar nei alle gedachten al bewenne troch etnyske Swahily. Yn 'e twadde helte fan it earste milennium soarge de tanimmende hannel derfoar dat keaplju út Araabje, Perzje en Ynje nei it eilân ta kamen. It wiene de Perzen dy't de stêd Sansibar stiften by in ynham oan 'e westkust fan it eilân dy't besmoute wie tsjin stoarmen en boppedat te ferdigenjen wie tsjin fijannen. Dêrwei waard hannel dreaun mei de havenstedsjes op it Afrikaanske fêstelân, oan 'e saneamde Swahilykust.
Yn 'e Midsiuwen groeide Sansibar troch de hannel út ta in tige ynfloedrike en woltierige stêdsteat. Yn 1498 markearre de oankomst fan Vasco da Gama it begjin fan 'e Jeropeeske bemuoienis mei it gebiet. Yn 1503 of 1504 waard Sansibar ûnderdiel fan it koloniale ryk fan Portegal, en bleau dat twahûndert jier. Dêr kaam in ein oan yn 1698, doe't Sansibar by it sultanaat Omaan kaam te hearren. Yn 'e njoggentjinde iuw belibbe it eilân in twadde tiidrek fan grutte bloei troch de hannel yn slaven en ivoar en it ferbouwen fan krûdnagels. Sadwaande ferhuze de sultan fan Omaan yn 1832 syn hof fan it Arabysk Skiereilân nei Sansibar ta. Yn 1856 waard it Omaanske Ryk lykwols opdield yn twa ûnôfhinklike steaten: it Sultanaat Omaan en it Sultanaat Sansibar.
Tsjin 1880 wie it Sultanaat Sansibar binnen de Britske ynfloedssfear lutsen, en yn 1890 waard it in Britsk protektoraat. Dy status behold it oant desimber 1963, doe't it wer ûnôfhinklik waard. In moanne letter, yn jannewaris 1964, fûn der in bloedige steatsgreep plak, wêrby't de lêste sultan fan Sansibar ôfset waard. Neitiid waard de Folksrepublyk Sansibar en Pemba útroppen, dy't fanwegen syn fierhinne marksistysk aard troch de Westerske grutmachten yn it ramt fan 'e oangeande Kâlde Oarloch mei arguseagen besjoen waard. Under ynternasjonale druk gie it jonge steatsje in fearnsjier letter, yn april 1964, tegearre mei de Republyk Tanganjika op it Afrikaanske fêstelân op yn 'e nije Feriene Republyk Tanzania. Binnen dat nije lân krigen de Sansibareilannen in autonome status.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Tanzaniaanske folkstelling fan 2012 hie it eilân Sansibar doe 896.721 ynwenners, dy't foar it meastepart konsintrearre wiene yn 'e stêd Sansibar en omkriten. Dy stêd is de grutste delsetting op it eilân en fungearret as haadstêd foar de autonome republyk Sansibar. Oare wichtige plakken op it eilân Sansibar binne: Mbweni, Mangapwani, Chwaka en Nungwi. De befolking fan it eilân bestiet grutdiels út etnyske Swahily, hoewol't in grut part fan 'e ynwenners ek guon Arabyske foarâlden hat. De measte etnyske Arabieren binne lykwols nei de steatsgreep fan jannewaris 1964 it eilân ûntflechte. De bewenners fan it eilân Sansibar sprekke ferskate dialekten fan it Swahily, wêrûnder Sansibareesk (Kiunguja) yn 'e stêd Sansibar en omkriten en Kimakunduchi en Kitumbatu op it plattelân. It Sansibareeske dialekt waard yn 1928 as basis nommen foar de gearstalling fan 'e Swahily-standerttaal.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân Sansibar hat in fassinearjende skiednis, dy't beynfloede is troch Perzen, de Arabieren, de Portegezen, de Britten en it kulturele ferskaat op it fêstelân fan East-Afrika. Stone Town, de âlde stêd fan Sansibar, is in stedsdiel mei slingerjende leanen, nauwe steechjes, hege minaretten, doarren mei houtfykwurk, en prachtige moskeeën. Arsjitektoanyske keunststikjes binne it Livingstone Hûs, de Guliani Brêge, en it Hûs fan de Wûnders, in paleis dat yn 1883 boud waard yn opdracht fan sultan Bargasj bin Saïd.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Agraryske aktiviteiten, yn 'e foarm fan it ferbouwen fan krûdnagels en oare speserijen (wêrûnder nútmuskaat, kaniel en piper), foarmje noch altyd ien fan 'e pylders fan 'e eilânekonomy. Fierders is Sansibar it iennichste fan 'e Sansibareilannen dat in ûntwikkele toeristyske sektor hat, en de ynkomsten dy't dat fersoarget, foarmje de oare pylder fan 'e pleatslike ekonomy. Oare ekonomysk rillevante aktiviteiten binne de fiskerij en it ferbouwen fan seewier.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It eilân Sansibar is it iennichste plak op 'e wrâld dêr't de Sansibarfranje-aap (Piliocolobus kirkii) foarkomt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|