Springe nei ynhâld

Sâns Arks

Ut Wikipedy
In tekening troch de Sâns Ark-tekener Swarte Hauk1832-1890?), fan in groep Yndiaanske dûnsers.

De Sâns Arks (Ingelsk: Sans Arcs, ek wol stavere as Sans Arc, útspr.: [sænz aɹks]; Lakota: Itázipčho, útspr.: [i'ta:zipʧʰo]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e , in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger útfochten, en dêr wiene de Sâns Arks ek by belutsen.

De eigen namme fan 'e Sâns Arks, Itázipčho, kin oerset wurde as "Dy't Gjin Bôgen Hawwe", wat gauris útlein wurdt as "dy't sûnder bôgen jeie", al hat it wol kâns dat de wiere betsjutting tichter yn 'e buert komt fan "alle pylken op", sa't de namme teminsten ien kear oerset is. Ien fan 'e withoefolle folksetymologyen oangeande de namme wol hawwe dat it eins "gjin merktekens" betsjut. Lakota-krigers joegen harren pylken nammentlik ornaris merktekens om bewize te kinnen hokker bizon of oar jachtdier oft sy persoanlik sketten hiene, sadat se oanspraak meitsje koene op it fleis. Neffens dizze útlis soene de Sâns Arks harren pylken gjin merktekens jûn hawwe, sadat eltsenien gelikens yn it fleis diele koe. Hoe dan ek, de Ingelske namme foar de Sâns Arks is in oersetting fan it Frânske Sans Arcs, dat "Sûnder Bôgen" betsjut, en dat ôflaat is fan it hjirboppe beskreaune autonym. Mei de Minnikonzjû en de Twatsjettels, twa oare substammen fan 'e Lakota, binne de Sâns Arks it naust besibbe, en mei-inoar wurde dy trije substammen wol de Sintrale Lakota neamd.

Hjoed de dei libje de Sâns Arks frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is dreech te sizzen, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Mei trije oare Lakota-substammen, de Minnikonzjû, Twatsjettels en Swartfuotten (net te betiizjen mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten), foarmje de Minnikonzjû de federaal erkende Cheyenne River Sû Stamme (Cheyenne River Sioux Tribe), mei 16.000 leden. De stamme hat in eigen reservaat yn 'e foarm fan it Cheyenne River Yndianereservaat (Cheyenne River Indian Reservation) yn 'e steat Súd-Dakota, dêr't in grut part fan 'e Sâns Arks tsjintwurdich noch altiten libbet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota