Rottekop
rottekop | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Alexandromys oeconomus | ||||||||||||
Pallas, 1776 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De rottekop (wittenskiplike namme: Alexandromys oeconomus, foarhinne Microtus oeconomus), miskien better bekend as de Noardske wrotmûs (wat eins in hollanistyske ynterferinsje is op grûn fan 'e Nederlânske namme Noordse woelmuis), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e Jeraziatyske gerslânwrotmûzen (Alexandromys). Dit bist is in middelgrutte wrotmûs dy't foarkomt yn Noard- en Midden-Jeropa, dielen fan Aazje en it noardwesten fan Noard-Amearika. Yn Nederlân libbet in populaasje dy't hjir nei de lêste iistiid isolearre rekke is, en him sûnt ûntjûn hat ta de ûndersoarte fan 'e Nederlânske rottekop (Alexandromys oeconomus arenicola). Yn Fryslân komt de rottekop fral yn it marregebiet foar. It is yn Nederlân in beskerme bistesoarte.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rottekop komt yn Jeropa benammen foar yn Finlân en dielen fan it Skandinavysk Skiereilân, al ûntbrekt er yn súdlik en sintraal Sweden en it kustgebiet fan súdlik Noarwegen. Fierders libbet er yn kontinintaal Jeropa yn it gebiet beëasten de rivier de Elbe, yn noardeastlik Dútslân, Poalen, de Baltyske steaten, Wyt-Ruslân, it noarden fan 'e Oekraïne en noardlik en sintraal Ruslân. Isolearre populaasjes komme foar yn it grinsgebiet fan Eastenryk mei Slowakije en Hongarije, yn súdlik Skandinaavje en yn Nederlân.
Bûten Jeropa is de rottekop te finen yn Aazje, yn grutte dielen fan Sibearje en Sintraal-Aazje, oant djip yn Kazachstan en Sina, en yn it noardwesten fan Noard-Amearika, yn 'e Amerikaanske steat Alaska en de Kanadeeske gewesten Britsk-Kolumbia, de Yukon en de Noardwestlike Territoaria.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân komt de rottekop benammen foar yn it westen fan it lân, mei grutte populaasjes yn 'e midden fan Noard-Hollân, likernôch tusken Haarlim en Alkmaar yn, en yn it suden fan Súd-Hollân, op Foarne-Putten en Goeree-Oerflakkee, mei yn it noarden útrinders nei de Hoekske Waard, de Alblasserwaard en de Biisbosk, en yn it suden nei Skouwen-Duvelân en Noard-Bevelân. Dêrnjonken besteane der ek lytsere populaasjes op Teksel (dêr't dizze soarte bekend stiet as de zeemol) en yn it grinsgebiet fan Utert mei noardwestlik Súd-Hollân.
Behalven yn it westen fan it lân komt de rottekop inkeld yn Fryslân foar. Hjir yn 'e provinsje libbet er fral yn 'e krite fan 'e Snitsermar en oangrinzgjende wetters, en yn 'e Alde Feanen, noardeastlik fan Grou. Der binne lykwols ek waarnimmings dien oan 'e igge fan 'e Moarre, by Himmelum; oan 'e noardkant fan 'e Tsjûkemar; yn 'e Grutte Wielen, oan 'e eastkant fan Ljouwert; en op 'e Makkumerwaard. Yn desimber 2018 bliek út ûndersyk fan Buro Altenburg & Wymenga en de Zoogdiervereniging dat it mei de rottekop yn Fryslân sterk yn it neigean rekke wie. Yn 'e Grutte Wielen liek er hielendal ferdwûn te wêzen en yn 'e Lege Midden gie it dyselde kant mei him út. Allinne oan 'e Iselmarkust liek der gjin efterútgong yn syn foarkommen te wêzen. As oarsaak foar de swierrichheden fan 'e rottekop waard de stabile wetterstân oanwiisd, dy't de opmars fan 'e ierdmûs en de reade wrotmûs yn 'e kaart spile, om't de rottekop better oer in dynamyske wetterstân mei.[1]
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rottekop hat trochinoar in kop-romplingte fan 9½-16 sm, mei in sturtlingte fan 3½-7 sm en in gewicht fan 20-70 g. Hy is grutter en dûnkerder as de fjildmûs (Microtus arvalis) en ek grutter en faak dûnkerder as de ierdmûs (Microtus agrestis). Op 'e rêch is er brún oant suver swart, en op 'e bealch dûnkergriis. It hier is frij lang en der leit in bytsje in metalige glâns oerhinne. Der komme lykwols ek wol ljochter kleurde eksimplaren en dielpopulaasjes foar. De sturt is mei trochinoar 40% fan 'e kop-romplingte yn 'e regel langer as by fjildmûzen en ierdmûzen. Fierders is de kop wat breder, wylst de earen frijwol net ta de pels út komme. It measte liket de rottekop op 'e ierdmûs, dy't lykwols in koartere sturt hat. Soms wurdt er betize mei de wetterrôt, mar dy hat krekt in folle langere sturt.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rottekoppen hâlde fan wiet terrein, lykas reidlân, sompen, moerasbosken, leechleine greiden en gebieten mei fochtige wâlbegroeiïng. Ek komme se wol foar yn dúnfalleien en op lân dat der út en troch ûnder strûpt. Tichte boaiemfegetaasje hawwe se minder ferlet fan as de ierdmûs (Microtus agrestis). As er net hoecht te konkurrearjen mei oare soarten wrotmûzen, sa't dat oant de tachtiger jierren it gefal wie op Teksel, set de rottekop him ek nei wenjen yn drûgere biotopen, lykas dunen, berms en sels nullewâld.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rottekop hat in aktiviteitsritme wêrby't har elts etmiel sa'n tsien piken fan warberens foardogge, dy't by 't simmer fral oerdeis en by 't winter benammen nachts falle. Hy swimt en dûkt treflik en is dêrmei better oanpast oan wetterrike biotopen as oare lytsere wrotmûzesoarten. De wyfkes libje solitêr of yn lytse groepkes, wylst de mantsjes gruttere wengebieten ûnderhâlde, fan sa'n 2.000 m², dy't dy fan ferskate wyfkes oerlaapje (dy't mar in 500 m² beslane). Yn 'e peartiid binne de mantsjes territoriaal, mar de wyfkes net.
Rottekoppen lizze ûndergrûnske hoalen oan mei gongen dy't yn trochsneed 3-4 sm binne en mei spesjale nêst- en foarrieromten. By har graafwurk produsearje se lytseftige "mollebulten". It eigentlik nêst leit lykwols meast boppe de grûn, bygelyks útgroeven yn reidbulten. De peartiid falt foar de rottekop fan april oant oktober. Nei in draachtiid fan likernôch 20 dagen wurdt der 3-4 kear jiers in nêst fan 3-7 jongen smiten, dy't nei 6 wiken geslachtsryp binne. Op it Skandinavysk Skiereilân binne de nêsten yn 'e regel grutter, mei as gefolch dat har dêr gruttere skommelings yn 'e populaasjetichtheid foardogge. In rottekop kin oardel jier âld wurde.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rottekoppen binne frijwol folslein herbivoar, en besteane fral op in dieet fan reidleaten, sigge en oare gerseftige planten, en fierders fan sied en plantewoartels, en by 't winter, as oar fretten krap is, fan beamskors. Hiel út en troch weagje se har wolris oan ynsekten. Se lizze yn har hoalen itensfoarrieden oan fan rispe krûden en gerzen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rottekop hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er as soarte, ynternasjonaal sjoen, yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. De ûndersoarte fan 'e Nederlânske rottekop (Alexandromys oeconomus arenicola), dat it iennichste endemyske (útslutend yn Nederlân foarkommende) sûchdier fan Nederlân is, is lykwols wol deeglik bedrige. Dêrom hat de rottekop yn Nederlân de status fan bedrige bistesoarte, en stiet er as "kwetsber" fermeld op 'e Nederlânske Reade List. Dat is ek wol nedich, want troch it ferdwinen fan gaadlike biotopen wurdt it areaal fan 'e soarte almar lytser. Yn augustus 2014 sei biolooch Nico Beemster yn 'e Ljouwerter Krante dat it ek yn Fryslân mei de rottekop "razend slecht" giet.
Dêr komt noch by dat rottekoppen mar dreech konkurrearje kinne mei de minder spesjalisearre fjildmûs (Microtus arvalis) en ierdmûs (Microtus agrestis). Nei de oanlis fan 'e dammen fan 'e Deltawurken kolonisearre de fjildmûs fanôf Súd-Bevelân it eilân Noard-Bevelân, dat oant dy tiid ta in bolwurk fan 'e rottekop west hie, mar dy't dêr neitiid hieltyd fierder ferkrongen is. Doe't de Noardeastpolder drûchmakke waard, fersprate de rottekop him fanôf it eardere eilân Skoklân oer dat gebiet, mar fierdere ûntwetterings en de ûntginning fan it drûchfallen lân stelden de fjildmûs by steat om 'e rottekop alhiel út it Suderleech te ferdriuwen. Sels yn 'e Biisbosk is de rottekop yn 'e ferdrukking rekke troch de opmars fan 'e ierdmûs. Behalven dat der in morele ferplichting bestiet ta it behâld fan in lânseigen bistesoarte, hat Nederlân by de Konvinsje fan Bern ek ynternasjonaal de needsaak ta de beskerming fan 'e rottekop ûnderskreaun. Sadwaande wurdt der tsjintwurdich fan oerheidswegen tige strang op it behâld fan dizze soarte tasjoen.
Yn 'e njoggentjinde iuw wie de Nederlânske rottekop op guon plakken noch sa algemien, dat der om 1835 by it Súdhollânske Lisse in wiere rottekoppepleach plakfûn. En op Teksel waarden yn 1890 troch de pleatslike fiskers hûnderten "zeemollen" mei stokken deaslein om as ies te tsjinjen foar de kabeljaufangst. Wa't tsjintwurdich mei opsetsin in rottekop tenei komt, riskearret lykwols 2 jier selstraf. Doe't yn 1999 foar wettersporters en oare rekreänten by it saneamde Kameleon-doarp Terherne oan 'e Snitsermar it "pannekoekehûs" Meer van Lenten boud wurde moast, stapte de Fryske Feriening foar Fjildbiology nei de rjochter om't de bou krekt plakfine soe yn in biotoop dat geunstich wie foar rottekop, waans oanwêzigens oft oan wjerskanten fan it bouplak ek wier-wier fêststeld wie. Nei in juridyske striid dy't sân jier duorre, waarden de bouwers úteinlik yn 2005 yn it gelyk steld om't der op it eigentlike bouplak gjin rottekoppen oantroffen wiene.
Opsomming fan ûndersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 12 (stân fan saken yn 2009) erkende ûndersoarten fan 'e rottekop:
- de Aleksanderarsjipelrottekop (Alexandromys oeconomus ), op 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska
- de Amakrottekop (Alexandromys oeconomus amakensis), op Amak, ien fan 'e Aleoeten foar de súdwestkust fan Alaska
- de Finmarkske rottekop (Alexandromys oeconomus finmarchicus), yn noardlik Noarwegen
- de gewoane rottekop (Alexandromys oeconomus oeconomus) yn 'e rest fan it ferspriedingsgebiet
- de Middenjeropeeske rottekop (Alexandromys oeconomus mehelyi) yn Eastenryk, Hongarije en Slowakije
- de Montaguerottekop (Alexandromys oeconomus elymocetes), op Montague, in eilân foar de súdkust fan Alaska
- de Nederlânske rottekop (Alexandromys oeconomus arenicola), yn Nederlân
- de Noarske rottekop (Alexandromys oeconomus medius) yn sintraal en súdlik Noarwegen
- de Punukrottekop (Alexandromys oeconomus punakensis), op 'e Punukeilannen yn 'e Beringsee
- de St. Lawrencerottekop (Alexandromys oeconomus innuitus) op St. Lawrence, in eilân yn 'e Beringsee
- de Shumaginrottekop (Alexandromys oeconomus popofensis), op 'e Shumagineilannen foar de súdwestkust fan Alaska
- de Unalaskarottekop (Alexandromys oeconomus unalascensis), op Unalaska, ien fan 'e Aleoeten foar súdwestkust fan Alaska
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Side oer de rottekop op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e rottekop yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Jeraziatyske gerslânwrotmûs
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân