Rie (plak)
Rie | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 430 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 3,17 km², wêrfan: - lân: 3,11 km² - wetter: 0,06 km² | |
Befolkingsticht. | 105 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 12' N 5° 32' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan Rie | ||
Kaart | ||
Rie is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke. Rie leit noardeastlik fan Boer, noardlik fan Peins, súdwestlik fan Berltsum en Minnertsgea en súdeastlik fan Tsjummearum.De doarpskearn fan Rie leit om de Haadwei, Nijewei en Berltsumerwei. Tegearre mei Boer, Sweins, Peins en Skalsum foarmet Rie it Frjentsjerter Fiifgea. De buorskip De Beinten (diel) heart ek by Rie.
Op 1 jannewaris 2023 hie Rie 430 ynwenners.
Skiednis en beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1275 en 1335 waard it doarp Rede neamd, yn 1433 Reed, yn 1505 Rydt en yn 1786 Ried. De plaknamme stamt fan De Rie dy't troch it doarpsgebiet rint, dat stream (rith) betsjut.
Ried is in terpdoarp en it duorre noch oant yn de 18e iuw dat der bûten de doarpsterp boud waard. Yn de 19e iuw en yn it begjin fan de 20e iuw ûntstie der lintbebouwing oan de (nije) Doanjumerwei, de Berltsumerwei, de Sânhústerwei en de Pastorijeleane. Oan de Doanjumerwei steane in pear wentes foar de notabelen, wêrfan ien ek in dekoratyf koetshûs hat. Ek oan de dyk nei it suden nei Peins is bebouwing kommen. Pas letter is de Nijedyk nei it noarden mei fral wenningwetwenten beboud. Flakby de tsjerke stiet yn de buorren it eardere molkfabryk, wêrfan it front it karakter fan de fernijende styl hat en it jiertal Anno 1909 draacht. It romme tsjerkhou is mei de súdkant nei de dyk rjochte en omseame troch in bûkehage en ipen. Der steane wat húskes omhinne, wêrtroch hast net te sjen is dat se op in terp steane. Foar de boadskippen moatte de ynwenners nei Berltsum, Menaam of Frjentsjer.
Yn 'e jachthaven 'It Kattegat' is in oanlisplak foar passanten. Dy leit teffens oan de Alvestêderûte tusken Frjentsjer en Dokkum.
Sûnt 2018 leit Rie yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentjerteradiel en foar 1984 lei it yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de âlde skoalle is it multyfunksjoneel sintrum De Rede ûnderbrocht. Yn 2016 waard útein set mei de ferbouwing fan it doarpshûs. De iepening fûn yn 2018 plak en it doarpshûs is no twaris sa grut as it âlde doarpshûs. De kosten fan de ferbouwing bedroegen likernôch 1 miljoen euro.[1]
It doarpskrantsje hjit 'It Kattebeltsje'. De kat yn it wapen en de namme fan it doarpskrantsje ferwize nei de skelnamme foar Riesters: katten. Oan it eastlike ein fan de Haadstrjitte stiet ek in keunstwurkje fan in kat.
It doarpsfeest wurdt alle jierren yn july organisearre.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Feriening foar Folksfermaken Klaas Mug
- Fûgelwacht Frjentsjer
- Keatsferiening VvV Klaas Mug
- Muzykferiening Lyts Begjin
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Walburgatsjerke (Rie).
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iepenbiere basisskoalle De Oanset.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2003 | 2009 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 246 | 454 | 421 | 406 | 405 | 387 | 458 | 455 | 435 |
Jier | 2020 | ||||||||
Ynwenners | 445 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Atze Sijtsma (1895-1988), fioelebouwer.
- Cornelis Kramer (1882-1955), letterkundige.
Riedertreffen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rie (Nederlânsk: Ried) is behelle yn it saneamde Riedertreffen, in feestlike ynternasjonale gearkomste fan plakken dy't 'Ried' hjitte, yn 'e mande mei 7 plakken mei dy namme yn Switserlân, 14 yn Eastenryk mear as 20 yn Dútslân. It earste Riedertreffen waard yn 1985 holden yn Ried bei Kerzers yn it Switserske kanton Freiburg. De Fryske ynbring bestie dy earste kear út in Fryske skotsploech. Dêrnei waard pas yn 1999 in twadde edysje fan it evenemint holden, fannijs yn Ried bei Kerzers. Sûnt wurdt it feest om 'e fiif jier organisearre: yn 2004 yn Ried im Zillertal (yn Tiroal), yn 2009 yn Hessischer Ried (by Worms), yn 2014 yn Ried in der Riedmark (yn Oppereastenryk), en yn 2019 yn it Fryske Rie. Foar 2024 is Ried bei Kerzers wer gasthear.[2]
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Achterwei, Anemareed, Berltsumerwei, Doanjumerwei, Haadstrjitte, Havenstrjitte, Legewei, Nijewei, Pastorieleane, Peinserwei, Dr. Vitus Ringersstrjitte, De Rombade, Sânhústerwei, Suderom, Tsjerkepaad.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|