Springe nei ynhâld

Rindert Straatsma

Ut Wikipedy

Rindert Straatsma (Hijum, 10 jannewaris 1937 - Ljouwert, 27 jannewaris 2006) wie frisiast, direkteur fan it provinsjaal Buro foar Taalbefoardering sûnt oktober 1966 (-1975) en aktyf D66 en FNP-lid. Wie troud mei Klaaske Westerhof.

Die in stúdzje yn Amsterdam (PSF-a) en agrarysk-sosjaal foarljochter fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Foarsitter Ried fan de Fryske Beweging 1965-1971. Yn dizze tiid kaam de Beweging dwaande mei Frysk yn it ûnderwiis en de gemeenterieden. Yn 1975 waard er direkteur fan de Afûk en die dat oant 1990. Straatsma, dy't ek jierren de Fryske aktualiteit bekommentariearre, hat yn it wykblêd Frysk en Frij en foar de Ljouwerter Krante geregeld gastartikels skreaun.

Sûnt it houlik fan Klaske en Rindert Straatsma (1968) heart it ûnderwerp 'Fryske akten' by it maatskiplik debat oer it brûken fan Frysk troch de oerheid. Doe't hja wegeren om de Nederlânsktalige trou-akte te tekenjen ûntstie der frijwat opskuor. (Yn 1997 waard it earst mooglik om in Fryske trou-akte (dûbeltalich) te krijen.)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante 30 jannewaris 2006
  • De Moanne, maart 2006; Yn memoriam Rindert Straatsma troch Tony Feitsma