Ponka Stamme fan Nebraska
Ponka Stamme fan Nebraska | ||
Ingelsk | Ponca Tribe of Nebraska | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Nebraska | |
haadkertier | Niobrara (Nebraska) | |
etnisiteit | Ponka | |
ledetal | 2.783 (2013) | |
oprjochting | 1970-er jierren (erkend 1990) | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Ponka Yndianereservaat | |
lokaasje | noardeastlik Nebraska | |
oerflak | 3,3 km² | |
ynwennertal | ûnbekend | |
offisjele webside | ||
www.poncatribe-ne.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Nebraska.
|
De Ponka Stamme fan Nebraska (Ingelsk: Ponca Tribe of Nebraska) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Nebraska. Dizze stamme bestiet út etnyske Ponka en is fêstige yn it noardeasten fan Nebraska, deunby de grins mei Súd-Dakota. De Ponka Stamme fan Nebraska bestiet as moderne organisaasje sûnt de 1970-er jierren. It haadkertier is fêstige yn it doarp Niobrara.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens út 2013 hie de Ponka Stamme fan Nebraska doe krapoan 2.800 leden. Dat binne etnyske Ponka (Ponca), in folk dat in Sûaanske taal sprekt en nau besibbe is oan 'e Omaha. De Ponka Stamme fan Nebraska is ien fan 'e beide federaal erkende stamme-organisaasjes fan dizze etnyske groep (de oare is de Ponka Stamme fan Oklahoma).
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Yndianereservaat fan 'e Ponka Stamme fan Nebraska is it Ponka Yndianereservaat. Dat hat strikt nommen net de status fan in echt reservaat, mar fan in trustgebiet ûnder bewâld fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA). De steat Nebraska keart de fêstiging fan in wier reservaat tsjin. Sûnt de Ponka Stamme fan Nebraska yn 1990 syn federale erkenning weromwûn hat, is der fan it oarspronklike, yn 'e 1966 ferlern giene Ponka Reservaat 819 acres (328 hektare) grûn weromkocht. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Niobrara, bûten it eigentlik reservaatgebiet. Elts jier yn augustus hâldt de Ponka Stamme fan Nebraska in eigen powwow op reservaatlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ponka libben al yn noardeastlik Nebraska doe't se oan it begjin fan 'e achttjinde iuw foar it earst yn kontakt kamen mei de Jeropeänen, hoewol't har eigen mûnlinge oerlevering hawwe wol dat se noch earder yn 'e dellingen fan 'e rivieren de Ohio en de Mississipy taholden. Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw kamen se yn 'e knipe tusken de Brulee-Lakota, dy't harren út it noarden wei teheisteren mei oanhâldende oerfallen, as it regear fan 'e Feriene Steaten, dat harren ûnder druk sette om har lân te ferkeapjen.
By in ferdrach út 1858 stiene de Ponka it meastepart fan harren lân oan 'e Amerikanen ôf, mar yn 1868 joech it Amerikaanske regear op yllegale wize de rest wei troch dat by it Ferdrach fan Fort Laramie ta te foegjen oan it Grutte Sû Reservaat. Fan gefolgen besleat it regear yn Washington, D.C. neitiid dat de Ponka nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) ferfarre moasten. De measte Ponka woene dat net, mar yn maaie 1877 waarden se troch it Amerikaanske Leger ûnder twang út Nebraska wei deportearre.
Doe't lykwols troch it neare klimaat en de strieminne libbensomstannichheden yn Oklahoma yn oardel jier tiid hast in trêdepart fan 'e Ponka omkaam, kearden it opperhaad Steande Bear en 65 folgelingen begjin 1879 geandefoets werom nei Nebraska. It Amerikaanske regear liet harren oppakke troch brigadegeneraal George Crook mei de bedoeling dat dyselde harren daliks weromstjoere soe nei Oklahoma, mar Crook hie mei de Ponka te dwaan en liet harren ferhaal fia sjoernalist Thomas Tibbles útlekke nei de parse, wêrnei't de abbekaten John L. Webster en Andrew J. Poppleton, fergees harren tsjinsten oan Steande Bear oanbeane.
Yn 'e ferneamde rjochtsaak Standing Bear v. Crook, dy't sy tsjin de Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan generaal Crook oanspanden, die rjochter Elmer S. Dundy de útspraak dat in Yndiaan in persoan wie mei rjochten ûnder de Amerikaanske wet, dy't dus net samar yn 'e hechten set wurde kin. Fan gefolgen waard it doe oan Steande Bear en syn folgelingen tastien om yn Nebraska te bliuwen, en yn 1881 joech it regear boppedat 106 km² grûn oan harren werom en kamen der mear Ponka oer út it Yndiaanske Territoarium. Yn 1899 waard it Ponka Yndianereservaat yn Nebraska weroprjochte, dat doe út goed 110 km² lân bestie.
Nei de Twadde Wrâldoarloch besleat de Amerikaanske oerheid lykwols om 'e Ponka Stamme fan Nebraska as ûnderdiel fan it doetiidske Yndiaanske terminaasjebelied syn federale erkenning te ûntnimmen. Dat krige syn beslach yn 1966, en tagelyk waard doe ek it Ponka Reservaat opheft. Yn 'e 1970-er jierren waard de Ponka Stamme fan Nebraska weroprjochte, wêrby't yn 't earstoan erkenning fan 'e steat Nebraska neistribbe waard. Letter krigen de Ponka bûnsgenoaten yn it Amerikaanske Kongres, en nei hast tweintich jier fan krewearjen wisten se op 31 oktober 1990 ûnder de Ponca Restoration Act harren federale erkenning werom te winnen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |