Oerlis:Fûgels
Hjir past wol wat oerlis, tinkt my. Ik hie altyd it idee dat de taksonomy wol aardich gelyk wy (útsein de grutte feroarings nei oanlieding fan DNA undersyk, the Sibley-Ahlquist taxanomy). Mar at ik dan wat fergelykjen gean op de engelske en nederlânske wiki binne hjir ek in tal opfallende ferskillen. Wer soene wy fan útgean moatte??
Wat neffens oars mei:
- Flamingoëftigen binne neffens mei meast in famylje yn de Ciconiiformes
(eiberteftigen, -> miskien reagereftigen??)
- Raleftigen (rallidae) is faaks in famylje yn it skift fan de Gruiformes (kraaneftigen)
- Moskeftigen (Passeriformes) soe ik Sjongfûgels neamme.
- Uleëftigen mei fan my wol Ûlen wurde. (Bestiet ut twa famyljes the Tytonidae (Goudûlen) en de Strigidae (Ûlen).
- Wilstereftigen (Charadriiformes) wurd faaks yn nederlansk neamd as combinatie waadvogels/meeuwen of waadvogels/meeuwen/alken (wylst hjir ek noch de stirns en skraitsen (ned: jagers) byhearre. Wilstereftigen dekt de lading dan net hielendal.Theun 18.10, 18 apr 2005 (UTC)
Ik bin net in grut fûgelkenner, mar de opmerking oer de sjongfûgels fan Theun stypje ik. Algemien akseptearre, en it makket sa'n 60% fan de soarten út, dat lost dus 60% fan de swierrichheden op :) Ulen yn stee fan Uleëftigen stypje ik ek. De Wilstereftigen soene bygelyks Mokeftigen en steltrinners of See- en sompefûgels wurde kinne? B. 18.22, 18 apr 2005 (UTC)
- Ja, dit wie in besyksel, dat hjir past oerlis. Wat ik besocht haw is:
- As in skift deselde namme hat as in famylje, dan haw ik de skiftnamme basearre op de Latynske: it skaai dêr't se "-formes" fan binne binne se "-eftigen" fan.
- As in famylje allinnich in omskriuwing mei in opsomming hie, dan haw ik de famyljenamme meast basearre op de Latynske: it skaai dêr't se "-idae" fan binne binne se "-fûgels" fan.
- As in famylje deselde namme hat as in skaai, dan haw ik de famyljenamme basearre op de Latynske: It skaai dêr't se "-idae" fan binne binne se "-fûgels" fan.
- Op dy manier kin ik it ynpasse yn myn boarne, Boersma, útsein wy krije in tal "-fûgels" dêr't Boersma de folle namme hat, bygelyks, om't it skaai Corvus al Krieën is, binne de Corvidae Kriefûgels. Yn oare talen wurdt dat hjir en dêr ek dien; myn útstel is om dat konsekwint de dwaan. Ik skriuw hjir noch oer mei it Wurkferbân; it idee is net te folle gâns ûnbekende taksonnammen út te finen, mar al foar elts takson in eigen namme te finen.
- Fierder:
- Flamingo's en rallen: fan beide stiet it plak yn 'e kiif. Ik haw meast besocht de Nederlânske W te folgjen, mar ik hie mear boarnen, dat ik bin net wis wat ik hjir dien haw.
- Eiberteftigen (Ciconiiformes) om't de Ciconiidae by Boersma Eiberts hjitte.
- Boersma neamt de Sylviidae Sjongfûgels. Ik leau net dat Moskeftigen in soad problemen jaan sil, fanwegen de konsekwinte nammejouwing. It is ek net sa dat "Sjongfûgels" yn eltse taal synonym is mei "Passeriformes".
- Mear as ik wer antwurd fan it Biologysk Wurkferbân hân haw. Aliter 21.39, 18 apr 2005 (UTC)
- Ja, dit wie in besyksel, dat hjir past oerlis. Wat ik besocht haw is:
- Nei dizze útlis bin ik ek foar Moskeftigen. Ik haw noch wat rúnsjoen. Allinich yn 't nederlânsk wurd Zangvogels foar de Passeriformes brúkt. Yn it ingelsk/dútsk wurd Songbird/Singvögel brukt foar de super-famylje Oscines. It skift sels hjit nei de mosken (yn't ingelsk en dútsk dan), lykas sweedsk, poolsk ensf.
- Eiberteftigen, OK.
- Flamingo's sjoch ik wol op mear plakken as apart skift, moatte wy mar oanhâlde. Ik soe de Rallen leafst by de Kraaneftigen bliuwe litte. Theun 15.51, 19 apr 2005 (UTC)
- Nei dizze útlis bin ik ek foar Moskeftigen. Ik haw noch wat rúnsjoen. Allinich yn 't nederlânsk wurd Zangvogels foar de Passeriformes brúkt. Yn it ingelsk/dútsk wurd Songbird/Singvögel brukt foar de super-famylje Oscines. It skift sels hjit nei de mosken (yn't ingelsk en dútsk dan), lykas sweedsk, poolsk ensf.
famylje nammen
[boarne bewurkje]Ik haw de ynhâld fan de berjochten allegear oanpast sa dat der in fryske namme stiet as ferwizing mei de latynske namme der efter. Guon famyljenammen haw ik it idee fan dat dit wol oars kin,
- Charadriidae, stiet no pleviereftigen soe dit wilsterfûgels wurde moatte?
- Boersma hat Wilsters. It is ek net sa dat allinnich soarten fan it genus Chaladrius Wilsters binne. Gewoane Wilsters binne sels genus Pluvialis. Mar ik nim oan dat ien fan die skaaien ek Wilsters hiet, dat Wilsterfûgels wie fan pas. Aliter
- podicipedidae, hy ik hjerringslynders. Miskien better dûkers? (Dûkerfûgels fyn ik in nuver wurd)
Theun 19.25, 20 apr 2005 (UTC)
- Boersma hat Dûkers, mar alle fûgels dy't er neamt foar dy famylje, hearre ek ta ien inkel skaai. Sels haw ik gjin probleem mei famylje Dûkerfûgels en skaai Dûkers, foar my binne dy net oars as famylje Wilsterfûgels en skaai Wilsters, mar Dûkers en Hjerringslynders koe ek. Aliter 20.24, 21 apr 2005 (UTC)