Springe nei ynhâld

Nijgh & Van Ditmar

Ut Wikipedy
Nijgh & Van Ditmar
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Amsterdam (Noard-Hollân)
oprjochte 1864
oprjochter Henricus Nijgh
Willem Nicolaas Josua van Ditmar
eigner WPG Uitgevers
offisjele webside
www.nijghenvanditmar.nl

Nijgh & Van Ditmar is in algemiene Nederlânske útjouwerij, fêstige te Amsterdam, dy't oprjochte is yn 1864. It bedriuw stiet benammen bekend om 'e literêre útjeften fan grutte Nederlânsktalige skriuwers, lykas Ferdinand Bordewijk, Albert Helman, Nescio, J.J. Slauerhoff en Simon Vestdijk, en resinter fan Ronald Giphart en Arnon Grunberg.

It gebou fan Nijgh & Van Ditmar oan 'e Wynhaven 113 yn Rotterdam (1933).

Nijgh & Van Ditmar ûntstie doe't yn 1864 Henricus Nijgh en Willem Nicolaas Josua van Ditmar de lapen gearsmieten. Nijgh wie yn 1837 al in útjouwerij begûn, wêrmei't er û.m. ferantwurdlik wie foar de publikaasje fan 'e Nieuwe Rotterdamsche Courant (NRC). De earste jierren nei de fúzje ferskynden ek de boeken fan it nije bedriuw noch ûnder de namme Nijgh; pas yn 1870 krige de útjouwerij syn moderne namme. Yn 1908 waard de firma omfoarme ta in namleaze fennoatskip.

Fan oarsprong wie de útjouwerij fêstige yn Rotterdam, mar nei't it sintrum fan dy stêd op 14 maaie 1940 troch de Dútsers platbombardearre wie, en Doeke Zijlstra, ien fan 'e direkteuren, dyselde deis troch in Dútske slûpskutter deasketten waard, makke it bedriuw ûnder lieding fan 'e oerbleaune direkteur J.Th. Piek in trochstart fanút de dochterfêstigings yn De Haach en Foarburch.

Begjin jierren tachtich sette Nijgh & Van Ditmar útein mei in gearwurking mei útjouwerij Leopold, dy't krektlyk yn De Haach fêstige wie en dy't úteinlik yn Nijgh & Van Ditmar opgie. Dêrnei kamen se yn 1985 tegearre yn 'e hannen fan 'e Weekbladpersgroep (tsjintwurdich WPG Uitgevers). Twa jier letter, yn 1987, waarden de beide útjouwerijen nei Amsterdam ta ferhuze. Yn 1997 waard Leopold, no as útjouwerij foar jongereinboeken, wer ôfspjalte fan Nijgh & Van Ditmar, dat doe by Querido kaam te hearren, al behold it syn redaksjonele ûnôfhinklikheid. Tsjintwurdich binne Van Nijgh & Ditmar, Querido en oare útjouwers, lykas Athenaeum-Polak & Van Lennep, selsstannige en lykweardige dochterûndernimmings fan WPG Uitgevers.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: