Springe nei ynhâld

Mozambyk

Ut Wikipedy
República de Moçambique
Flagge fan Mozambyk Wapen fan Mozambyk
Flagge Wapen
Lokaasje fan Mozambyk
Offisjele taal Portugeesk
Haadstêd Maputo
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt metical (MZM)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 25 juny
Lânkoade MZB
Ynternet .mz
Tillefoan 258

Mozambyk, sûnt 1990 de Republyk Mozambyk (dêrfoar de Folksrepublyk Mozambyk), is in lân yn it suden fan Afrika. De haadstêd is Maputo.

It lân wurdt begrinzge troch:

Mangroven oan de kust fan Mozambyk

De kust fan Mozambyk bestiet út talrike baaien, folge troch útstrekke gebieten mei savannen en bosken. Yn it noarden leit in berchgebiet mei piken boppe de 2000 meter. Yn de sompige riviermûningen lizze mangrovebosken.

De eartiids tige rike fauna (û.o. antilopen, gazellen en oaljefanten) is hiel bot tebek rûn troch de jacht op grut wyld.

It klimaat is tropysk en wurdt karakteriseare troch simmerse moessonrein.

Al foar de Jeropeeske ûntdekkingsreizen wennen der Arabieren oan de eastkusten fan Afrika. Sy dienen hannel tusken Afrika en Yndia mei goud, ivoar en slaven. Yn 1497 kaam Pedro da Covilhão as earste Portugees yn Mozambyk oan. In jier letter kaam Vasco da Gama op it Eilân fan Mozambyk yn 'e kunde mei de sjeik Moussa Ben Mbiki, dêr't de namme Mozambyk fan ôflaat is. Lykas de Arabieren woenen de Portugezen ek grûnstoffen ha. Yn 1505 waarden de earste militêre posten fan de Portugezen boud.

Yn 1962 waard Frelimo (Mozambykske Frijheidsfront) oprjochte. Twa jier dêrnei begûn de frijheidsstriid tsjin de Portugezen. Yn 1975 waard Mozambyk ûnôfhinklik fan Portugal. De Frelimo hie dêrnei de steatsmacht yn Mozambyk. Healwei de santiger jierren begûn de rebûlje fan de fersetsbeweging Renamo tsjin it marksistyske regear fan Frelimo. Yn 1976 begûn de boargerkriich. Yn 1989 waard it Frelimo regear minder fûl en skafte it marksistysk sosjalisme as partij-ideology ôf. Yn 1990 kaam der in nije grûnwet en as gefolch kaam der in ein oan it ienpartijstelsel. De boargerkriich kaam yn 1992 offisjeel ta in ein. Yn 1994 waarden de earste frije ferkiezings holden.

Makua Bern yn in Mozambyk

It grutste part fan de befolking, 45% wennet yn de noardlike en sintrale provinsjes. De nei skatting fjouwer miljoen Magua foarme de grutste befolkingsgroep fan it lân. De Sena en Sona (fral Ndau) binne prominint oanwêzich yn de Zambezy fallei, en de Sangaan (Tsonga) talryk yn it suden fan Mozambyk. Oare groepen binne Makonde, Yao, Swahily, Tonga, Sjopy, en Ngûny (ynklusyf Sûlû).

De Bantû folken meitsje 99.66% fan de befolking út, de rest binne blanken (foar it meastepart fan Portugeeske komôf, kleurlingen (minsken fan mingd bloed) en Ynjers. It tal blanken wie eartiids folle grutter, mar sûnt de ûnôfhinklikheidferklearring hawwe in protte it lân ferlitten.

It Portugeesk is de offisjele en meast sprutsen taal yn Mozambyk, lykwols behearsket mar 40% fan de Mozambikanen de taal. Oare talen dy't in protte sprutsen wurde, binne Swahily en de Bantûtalen Makuwa, Sena, Ndau, en Shangaan; en dizze hawwe in protte Portugeeske lienwurden. Arabieren, Sinezen en Ynjers sprekke harren eigen talen.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mozambyk hat alve provinsjes (yn it Portugeesk, províncias).

Namme Gebiet (km²)[1] Ynwenners (2017)[2] Haadstêd
1 Cabo Delgado 82.625 2.333.278 Pemba
2 Gaza 75.709 1.446.654 Xai-Xai
3 Inhambane 68.615 1.496.824 Inhambane
4 Manica 61.661 1.911.237 Chimoio
5 Maputo Stêd 347 1.101.170 Maputo
6 Maputo 26.011 2.507.098 Matola
7 Nampula 81.606 6.102.867 Nampula
8 Niassa 129.056 1.865.976 Lichinga
9 Sofala 68.018 2.221.803 Beira
10 Tete 100.724 2.764.169 Tete
11 Zambézia 105.008 5.110.787 Quelimane
  1. Mozambique, citypopulation.de
  2. Mozambique, citypopulation.de