Springe nei ynhâld

Mad Max Beyond Thunderdome

Ut Wikipedy
Mad Max Beyond Thunderdome
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George Miller
George Ogilvie
produsint George Miller
senario Terry Hayes
George Miller
kamerarezjy Dean Semler
muzyk Maurice Jarre
filmstudio Kennedy Miller Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Mel Gibson
Tina Turner
byrollen Bruce Spense
Adam Cockburn
Angelo Rossitto
Helen Buday
Robert Grubb
skaaimerken
lân/lannen Austraalje
premiêre 10 july 1985
foarm langspylfilm
sjenre post-apokalyptyske science
   fiction
-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 107 minuten
budget en resultaten
budget $10 miljoen
opbringst $42,6 miljoen (Austr. & Noard-Am.)
filmsearje
filmsearje Mad Max
● foarich diel Mad Max 2
● folgjend diel Mad Max: Fury Road

Mad Max Beyond Thunderdome, soms Mad Max 3 neamd, is in Australyske post-apokalyptyske, dystopyske science fiction-aksjefilm en neo-western út 1985 ûnder rezjy fan George Miller, mei yn 'e haadrollen Mel Gibson en Tina Turner. De titel betsjut "Mâle Max Oarekant it Thunderdome". De film is it trêde diel út 'e Mad Max-searje, nei Mad Max út 1979 en Mad Max 2 út 1981. It ferhaal folget âld-plysjeman Max Rockatansky, dy't nei de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer noch altyd allinnich omdoarmet yn 'e Australyske woastyn. Hy arrivearret yn it plak Bartertown, dêr't er it op in akkoartsje goait mei de pleatslike hearskeresse Aunty Entity. As dat lykwols oars útpakt as er ferwachte hie, wurdt er ferballe en bedarret er by in isolearre frachtkultus fan in groep bern, dy't draait om in delstoarten Boeing 747 en syn omkommen piloat. Mad Max Beyond Thunderdome krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie ek in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. It wie de lêste film yn 'e rige wêryn't Mel Gibson de rol fan Max fertolke. Pas tritich jier lette, yn 2015, kaam in folgjend diel yn 'e filmsearje út, ûnder de titel Mad Max: Fury Road.

Yn 'e post-apokalyptyske wrâld fan nei de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer, dêr't it klimaat feroare is yn in koarkdrûge nukleêre simmer, tsjocht âld-plysjeman Max Rockatansky (omreden fan brânstoftekoart) yn in troch in kamiel lutsen auto troch de Australyske woastyn. Underweis wurdt er oerfallen troch de piloat Jedediah en dy syn soan Jedediah jr. yn in Transavia PL-12 Airtruk-fleanmasine, dy't syn auto en besittings stelt. Max folget harren spoar nei it suterige plak Bartertown. Dêr wol men him earst net talitte om't er foar in liddichgonger holden wurdt, mar as er foar de stiftster fan it plak brocht wurdt, de ûnmeilydsume Aunty Entity ("Entity-muoi"), biedt dy oan om him syn wein en guod werom te jaan, mei nije foarrieden deropta, as er in opdracht foar har útfiere wol.

Aunty leit út dat it bestean fan Bartertown streekrjocht ferbûn is mei in fergêster fan rou metaan, dy't funksjonearret op 'e dong fan bargen. It ding wurdt eksploitearre troch in dwerch dy't Master hjit en syn reuseftige liifwacht Blaster, in duo dat tegearre "Master Blaster" neamd wurdt. Oangeande de hearskippij oer Bartertown hat tusken Aunty Entity en Master Blaster lang in ûnnoflike wapenstilstân bestien, mar de lêste tiid is Master begûn om Aunty har liederskip te ûndermynjen. Dêrom wol Aunty dat Max in konfrontaasje mei Blaster útlokket yn it Thunderdome, in arena foar gladiatorgefjochten dêr't rûzjes oplost wurde mei in duël oant de dea.

Max bejout him neitiid nei de fergêster om 'e tsjinpartij te hifkjen, en rekket dêr befreone mei Pig Killer, in feroardiele krimineel. Dyselde moat dêr twangarbeid ferrjochtsje om't er ien fan 'e bargen slachte hie sadat er iten hawwe soe foar syn húshâlding. Syn stellen auto treft Max oan yn it besit fan Master Blaster, en om mei harren yn petear te kommen, helpt er by it ûntwapenjen fan 'e bom op 'e motor (dy't er fier foar de oerfal oanbrocht hie om derfoar te soargjen dat yn gefal fan stellerij de dieven neat mei har bút koene). Dêrby ûntdekt er dat Blaster alderraarste sterk is, mar ek ekstreem gefoelich foar heechtoanige lûden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Max it letter yn it Thunderdome opnimt tsjin Blaster, brûkt er dy syn swakte tsjin him om him oermânsk te wurden. Mar as er foar it ferstân kriget dat Blaster in geastlike beheining hat dy't him de yntelliginsje fan in bern jout, wegeret er om syn fersleine tsjinstanner te deadzjen. Hy seit tsjin Aunty dat se dit net ôfsprutsen hiene, en ferriedt sa it bestean fan 'e oerienkomst oan Master, dy't poerrazen wurdt en swart dat er de fergêster (en dêrmei yn 'e praktyk hiel Bartertown) slute sil. In poerlulke Aunty lit Blaster terjochtstelle en Master finzen nimme. Max wurdt út Bartertown ferballe troch him fêstbûn en mei in masker oer de holle, sadat er neat sjen kin, op in hynder yn in willekeurige rjochting de woastyn yn te stjoeren. As it hynder omkomt yn in sinkgat, wit Max himsels te befrijen fan syn boeiens en it masker, wêrnei't er geandefoets fierder giet.

Tsjin 'e tiid dat er fan útdrûging en útputting de dea nei-oan is, wurdt Max fûn troch de woastynbewenster Savannah Nix, dy't him meinimt nei har thús, in primitive mienskip yn in oäze, besteande út in stamme fan allinne mar bern en teenagers. Hja binne de oerlibbenen fan in delstoarte Boeing 747, dy't by de oäze efterbleaun binne doe't harren âlden de woastyn yn teagen om 'e beskaving (en dêrmei help) te finen. Dy binne lykwols nea weromkommen. De bern ferkeare yn 'e oertsjûging dat Max de gesachfierder fan 'e Boeing is, piloat G.L. Walker, dy't weromkeard is om it fleantúch te reparearjen en harren nei de beskaving ta te fleanen. Max besiket harren dat út 'e holle te praten. Hy wol dat se yn 'e relative feilichheid fan 'e oäze bliuwe, mei't er wit dat Bartertown de iennichste 'beskaving' binnen berik is.

Guon fan 'e bern sette ûnder lieding fan Savannah dochs ôf, mei't se wisberet binne om it harren ûnthjitten "Tomorrow-morrow Land" te finen. Max hâldt se mei geweld tsjin, mar in oar lid fan 'e stamme, Scrooloose, lit Savannah-en-dy by nacht frij en set mei harren ôf de woastyn yn. De lieder fan 'e stamme, Slake M'Thirst, freget Max om efter de fuortrinners oan te gean, en hy stimt yn dat fersyk ta. Mei in pear oare bern by him om him te helpen, tsjocht er wer de woastyn yn. Se treffe de groep fan Savannah yn gefaar oan en rêde de measten, mar ien fan 'e bern komt om yn in sinkgat. Om't se net genôch foarrieden hawwe om werom te kearen nei de oäze, hawwe se gjin oare kar as om troch te reizgjen nei Bartertown.

Max en de bern glûpe dêr binnen fia it rioel, en mei de help fan Pig Killer witte se Master te befrijen en te ûntsnappen yn in frachtweintrein nei't se de metaanfergêsterij ferneatige hawwe. Aunty en de oare ynwenners fan Bartertown sette de efterfolging yn en helje de frachtweintrein yn, mar de groep fan Max hâldt de Bartertowners op wylst Scrooloose ien fan 'e efterfolgjende fiertugen stelt, dat Max syn eigen auto blykt te wêzen. De flechtlingen kruse it paad fan Jedediah en Jedediah jr., en Max twingt Jedediah om te helpen by de ûntsnapping troch harren yn syn fleantúch te litten. Troch mei syn eigen auto op 'e efterfolgers yn te riden, klearret Max in 'lâningsbaan' dy't it fleantúch brûke kin om op te stiigjen, mar wylst de oare flechtlingen ûntsnappe, bliuwt Max dêrtroch sels efter yn 'e hannen fan Aunty Entity. Dy beslút lykwols syn libben te sparjen, mei't se respekt foar him krigen hat. Se lit him gean en set mei har folgelingen ôf, nei't men oannimme mei om, sa't se earder ûnthjitten hie, Bartertown wer op te bouwen.

Jedediah fljocht de bern nei de kust ta, dêr't se de troch in kearnoarloch ferwoastge ruïnes fan Sydney ûntdekke. Jierren letter hawwe de bern in lytse mienskip mank dy ruïnes fêstige, besteande út harrensels en oaren dy't se by de tiid lâns opnommen hawwe. Savannah, dy't no de lieder fan 'e delsetting is, draacht eltse jûn it ferhaal foar fan harren reis nei feilichheid en de man dy't harren rêden hat, wylst Max, dy't dan noch altyd libben en wol yn 'e woastyn is, fierder doarmet nei ûnbekende plakken.

Mel Gibson.
Tina Turner.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Max Rockatansky Mel Gibson
Aunty Entity Tina Turner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jedediah Bruce Spence
Jedediah jr. Adam Cockburn
Master Angelo Rossitto
Savannah Nix Helen Buday
Pig Killer Robert Grubb
de Sammelder Frank Thring
Blaster Paul Larsson
Ironbar Bassey Angry Anderson
Slake M'Thirst Tom Jennings
Scrooloose Rod Zuanic
Dr. Dealgood Edwin Hodgeman
Blackfinger George Spartels

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mad Max Beyond Thunderdome waard opdroegen oan Byron Kennedy, de produsint fan 'e earste beide Mad Max-films, dy't yn 1983 omkommen wie by in helikopterûngemak wylst er mooglike opnamelokaasjes foar de nije film oan it ferkennen wie. Regisseur George Miller twifele der in skoft oer oft er it projekt wol trochsette moast sûnder syn maat, mar úteinlik hied er der ek ferlet fan om wat om hannen te hawwen by wize fan rouferwurking. Om't er troch it weifallen fan Kennedy behalven as regisseur ek as produsint fungearje moast, frege er in oare freon fan him, George Ogilvie, om ko-regisseur te wurden. Miller hie yn 1983 earder mei Ogilvie gearwurke foar de minysearje The Dismissal.

Miller en Ogilvie wurken op basis fan in senario dat skreaun wie troch Terry Hayes en Miller sels. De film waard makke troch filmstudio Kennedy Miller Productions (no Kennedy Miller Mitchell). Der wie in budget beskikber fan, omrekkene, 10 miljoen Amerikaanske dollar. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Semler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Maurice Jarre.

De opnamen fûnen foar it meastepart plak yn 'e omkriten fan it mynboustedsje Coober Pedy, yn Súd-Austraalje. De filmset fan Bartertown waard boud yn in âld tichelwurk, dat The Brickpit hiet, yn Homebush Bay yn 'e westlike foarstêden fan Sydney. De sênes yn it kamp fan 'e bern yn 'e oäze waarden opnommen yn 'e Blauwe Bergen fan Nij-Súd-Wales. Neffens kameraregisseur Semler, dy't yn deselde hoedanichheid meiwurke hie oan 'e produksje fan Mad Max 2, wie Mad Max Beyond Thunderdome folle dreger te filmjen om't der safolle ferskillende natuerlike eftergûnen wiene, dy't elts in dúdlik ûnderskate útstrieling krije moasten.

De distribúsje fan Mad Max Beyond Thunderdome waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 10 july 1985 yn 'e Australyske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum kaam yn augustus 1985 út by platemaatskippij Capitol Records. It befette it liet We Don't Need Another Hero (Thunderdome) fan Tina Turner, dat yn 'e film de ôftiteling begeliedt en dat in grutte wrâldwide hit waard. It iennichste oare liet fan Turner op 'e soundtrack fan Mad Max Beyond Thunderdome wie One of the Living, dat minder súksesfol wie.

Fan 'e filmkritisy krige Mad Max Beyond Thunderdome oer it algemien positive resinsjes. It meastepart fan 'e krityk dy't der wol op 'e film kaam, konsintrearre him op 'e werjefte fan 'e bern yn 'e twadde helte fan 'e film, dy't in protte resinsinten tefolle op 'e Lost Boys út Peter Pan lykjen fûnen. Robert C. Cumbow, dy't foar Slant Magazine skreau, identifisearre yn 'e film fierders "hiele ideeën, tema's en karakterisearrings" dy't oernommen wiene út 'e post-apokalyptyske roman Riddley Walker út 1980, fan Russell Hoban. Oan 'e oare kant wiene de measte kritisy lôgjende entûsjast oer de sêne mei it gladiatorgefjocht tusken Max en Blaster yn it Thunderdome. Sa neamde Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times dat "it earste echt orizjinele filmidee oer hoe't in gefjocht pleatsfine kin sûnt de earste karatefilms ferskynden." Hy parte de film 4 fan 4 stjerren ta.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Mad Max Beyond Thunderdome in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 47 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] ferdjippet it personaazje fan Mad Max sûnder dat dêrfoar de geweldige fiertúchgoreografy en stunts opoffere wurde dy't de foargeande films sa tinkwurdich makken." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Mad Max Beyond Thunderdome in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 18 resinsjes.

Mad Max Beyond Thunderdome brocht yn 'e bioskopen yn Austraalje 4,3 miljoen Australyske dollar op, wat doe omrekkene delkaam op 6,4 miljoen Amerikaanske dollar. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht de film yn 'e bioskopen $36,2 miljoen yn 't laadsje. Hoewol't ûnbekend is hoefolle oft yn oare lannen en territoaria binnenswile waard, komt de opbringst dêrmei út al út op $42,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $10 miljoen betsjut dat in winst fan $32,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Mad Max (filmsearje)
Mad Max (1979) • Mad Max 2 (1981) • Mad Max Beyond Thunderdome (1985) • Mad Max: Fury Road (2015) • Furiosa: A Mad Max Saga (2024)