Lotarius I
Lotarius I of Lotar I (Nederlânsk en midsiuwsk Latyn: Lotharius, Dútsk: Lothar, Frânsk: Lothaire, Italjaansk: Lotario), (Akwitaanje 795 - Prüm 29 septimber 855) wie keizer fan it Hillige Roomske Ryk (817-855, regearre as mei-keizer mei syn heit oant syn dea yn 840), kening fan Beieren (815-817), Itaalje (818-855) en Midden-Frânsje (840-855).
Lotarius wie de âldste soan fan keizer Loadewyk de Fromme en syn fou Ermengarde fan Haspengoa. Lotarius late ferskate kearen mei syn folle bruorren Pepyn I fan Akwitaanje en Loadewyk de Dútser in rebûlje tsjin harren heit en kom yn ferwar tsjin syn beslút harren healbroer Karel de Keale as in mei-erfgenamt fan de Frankyske gebieten te beneamen. Nei de dea fan harren heit striden Loadewyk en Karel tsjin Lotarius yn in trije jier lange boargerkriich (840-843). Harren strideraasjes laten daliks ta it ferdielen fan it Frankyske Ryk, dat opboud wie troch harren pake Karel de Grutte, en leine it grûnwurk foar it hjoeddeiske Frankryk en Dútslân.
Jonkheid en regear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is net in soad bekend oer it iere libben fan Lotarius. Hy brocht it wierskynlik troch yn it hôf fan Karel de Grutte. Doe't dy ferstoar yn 814 waard syn heit Loadewyk de Fromme keizer fan it Ryk. Yn 815, doe't Lotarius al mearderjierrich wie, waard er troch syn heit nei Beieren stjoerd om dêr foar him te regearjen. Yn 817 stelde Loadewyk de Fromme syn Ordinatio Imperii op, dat in feroardering wie dat Lotarius as earste erfgenamt oanwiisde, en syn jongere soannen Pepyn fan Akwitaanje (doe 20 jier) en Loadewyk de Dútser (doe 13 jier) en omkesizzer Bearn fan Itaalje ûnderhearrich wêze soene oan Lotarius. Lotarius soe ek it erfgenamt fan harren gebieten wurde as hja sûnder wetlike opfolgers ferstjerre soene. Lotarius, doe 22 jier, waard doe ek yn Aken troch syn heit as mei-keizer kroane. Op itselde stuit waarden Akwitaanje oan Pepyn en Beieren oan Loadewyk skonken as ûnderkeninkriken. Nei de eksekúsje fan syn neef Bearn fan Itaalje troch Loadewyk de Fromme krige Lotarius it keninkryk fan Itaalje. Lotarius boaske yn 821 mei Ermengarde fan Tours.
Yn 822 naam er de hearskippij yn Itaalje oer en op peaske, 5 april 823 waard er wer as keizer kroane, ditkear troch paus Paskalis I yn Rome. Yn novimber 824 kundige er in statút, Constitutio Romano, oan dy't de relaasjes tusken de paus en de keizer fêstlei. Dêryn lei fêst dat de sekuliere macht it heechste macht wie. Dêrnei joech er noch stikmannige feroarderings út om it regear yn Itaalje op in goed paad te stjoeren.
Nei Lotarius syn weromkommen nei it hôf fan syn heit, gie er ynearsten mei syn styfmem, Judit fan Beieren (syn mem wie njonkelytsen ferstoarn en syn heit wie fannijs troud) mei en jou har soan Karel de Keale it ûnderkeningskip oer Alemanje. Lotarius feroare al rillegau fan gedachten en late krapoan tsien jier in striid tsjin syn heit oer de ferdieling fan it Ryk. Pepyn ferstoar lykwols yn 838 en Loadewyk de Fromme ferstoar twa jier letter yn 840.
Middenryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fredesûnderhannelings tusken de trije bruorren, Lotarius, Loadewyk en Karel, begûnen en yn juny 842 moeten de bruorren op in eilân yn de rivier de Saône. Hja kamen oerien, nei in soad stinnen en switten, dat late ta it Ferdrach fan Verdun dat tekene waard yn augustus 843. Lotarius krige de keizerstitel, it keninkryk Itaalje en in lange stripe lân fan de Noardsee yn Fryslân oant de Middellânske See. Syn gebiet omfieme Fryslân, de Nederlannen, Elsas, Loataringen, Boergonje, Dútslân bewesten de Ryn mei Aken, it westlike part fan Switserlân en Noard-Itaalje. Hy skonk Itaalje al rillegau oan syn âldste soan Loadewyk.
Lotarius krige al gau mei oanfallen te krijen en moast syn ryk ferdigenje tsjin de Wytsingen, dy't Fryslân ynfoelen, en de Sarasenen, dy't Itaalje ynfoelen.
Ferstjerren en neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 849 begûn Lotarius siik te wurden. Yn 850 waard syn soan Loadewyk II as mei-keizer kroane. Yn 855 waard Lotarius slim siik en luts him werom yn de Abdij fan Prüm op 23 septimber 855. Hy ferstoar dêre seis dagen letter. Hy waard begroeven yn Prüm, dêr't syn stoflik omskot yn 1860 fûn waard.
Krekt foar syn ferstjerren, ferdielde Lotarius syn keninkryk yn trije parten neffens in oerienkomst, dat it Ferdrach fan Prüm neamd waard. Syn âldste soan Loadewyk II krige Itaalje en de keizerstitel; de twadde soan, Lotarius II, krige Loataringen; de jongste soan, Karel, krige Provence en Nederboergonje.
Frou en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy boaske mei Ermengarde fan Tours yn 821. Hja ferstoar yn 851.
- Loadewyk II fan Itaalje (825-875), waard as kening fan Itaalje kroane yn 844 en as keizer yn 850. Boaske mei Ingelberga.
- Hiltrude (826-865), boaske Berengar fan Spoleto.
- Ermengard (om 825 hinne-849)
- Bertha (om 830 hinne-852), boaske mei in ûnbekende man, letter kleasteroerste fan de Abdij fan Avenay.
- Gisela (om 830 hinne-856), kleasteroerste fan San Salvatore yn Brescia.
- Lotarius II (835-869), folge syn heit op. Boaske mei Teutberga, dochter fan Bosso de Aldere, greve fan Arles.
- Rotrude (om 840 hinne), boaske mei Lambertus III fan Nantes.
- Karel fan Provence, (845-863), krige Provence, Lyon en Opperboergonje.
Ien bûtenechtlike soan:
- Karloman (?-853)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lotarius I fan Wikimedia Commons. |