Springe nei ynhâld

Misdie

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kriminelen)

In misdie of misdied is in algemiene term foar it brekken fan 'e wet. As men dêrby trappearre wurdt, kin dat liede ta jins arrestaasje troch de plysje en jins feroardieling troch in rjochter. Immen dy't in misdie begiet is in misdiediger of in krimineel (fan it Latynske criminalis, in ferbûging fan crimen, "misdie"). De term 'misdie' kin rom definiëarre wurde as in strafber feit of in delikt, mar ferskilt fan lân ta lân justjes yn 'e presize betsjutting. Hoewol't 'misdie' gauris trochinoar helle wurdt mei 'misdriuw', is dat lêste yn it Nederlânske strafrjocht eins spesifyk in relatyf swier strafber feit. Yn Nederlân wurdt 'misdie' sûnt 1886 net mear as juridyske term brûkt, mar yn bygelyks Belgje is dat noch wol it gefal. De term 'de misdie' wurdt fierders ek as synonym foar kriminaliteit brûkt. De tûke fan 'e wittenskip dy't ûndersyk nei misdieden en misdiedigers docht, is de kriminology.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.