Kinum
Appearance
Kinum (Nederlânsk: Kinnum) is in doarp op Skylge. It doarpke leit oan de Waaddyk, oan de súdkant fan Baaidunen en Kaard. Op Kinum wenje likernôch 32 minsken.
Kinum bestiet út in rige buorkerijen, wêrfan de measte ferboud binne ta in appartemintekompleks foar besikers fan it eilân. Ek is der in drankgruthannel yn it doarpke fêstige.
Oan de noardkante fan Kinum lizze de âlde oerbliuwsels fan in terp. Op dizze terp wie eartiids de delsetting Stoartum boud, mar dat plakje is by de Stoarmfloed fan 1825 hielendal fuort rekke.
Kinum is ien fan de âldste delsettings fan Skylge. De namme fan it doarpke wurdt al neamd troch de Frankyske kening Karel de Ienfâldige yn in akte fan 922. Yn de akte wurdt it plakje Kinnem neamd.