Izertoer
De Izertoer is in toer en fredesmonumint yn de West-Flaamske stêd Diksmuide. De toer stiet by de rivier de Izer flakby it sintrum fan de stêd Diksmuide. De toer waard ynwijd op 24 augustus 1930.
Op de Izertoer stean yn krúsfoarm de letters AVV VVK wat stiet foar Alles Voor Vlaanderen, Vlaanderen Voor Kristus (Alles foar Flaanderen, Flaanderen foar Kristus). Op de toer stiet ek Nea wêr oarloch yn de fjouwer talen fan de stridende partijen fan it westlik front fan de Earste Wrâldkriich: Nooit meer oorlog, Plus jamais de guerre, No more War en Nie wieder Krieg. Mei syn 84 meter is de Izertoer it grutste fredesmonumint fan Jeropa.
De Izertoer is in it foarste plak in betinkingsmonumint foar de Flaamske sneuvelen fan WOI, mar it stiet tagelyk ek symboal foar de oan de Yzer ûntsteane wil ta politike ûnôfhinklikens fan Flaanderen. De jierlikse Izerbeafaart by de toer is in politike manifestaasje tsjin oarloch en foar Flaamsk selsbestjoer.
De oarspronklike toer is yn de nacht fan 15 op 16 maart 1946 folslein fernield troch in oanslach mei dynamyt. In pear jier letter waard op in pear meter dêrneist in nije en folle hegere toer boud fan 84 meter. Mei de resten fan de fernielde toer waard op it terrein, op it Izerbeafaartlân, yn 1950 de Paxpoart as Poart fan Frede boud. De ruïne fan de âlde toer wurdt goed bewarre.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory IJzertoren fan Wikimedia Commons. |