Heddy Lester
Heddy Lester | ||
akteur | ||
Heddy Lester yn 2007 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Heddy Affolter | |
berne | 18 juny 1950 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 29 jannewaris 2023 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1969 - 2020 (?) | |
prizen | Pall Mall Exportprijs (1979) |
Heddy Affolter (Ljouwert, 18 juny 1950 - Amsterdam, 29 jannewaris 2023), better bekend ûnder de artystenamme Heddy Lester, wie in Nederlânsk sjongster en aktrise dy't bekendheid krige troch har meidwaan oan it Eurofyzjesongfestival yn 1977 mei it nûmer "De Mallemolen" (skreaun troch har jongere broer Frank Affolter), dêr't se fan achttjin dielnimmers mei 35 punten as tolfte einige.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei in ôfbrutsen stúdzje op de Amsterdamse Kleinkunstacademie foarmet se yn 1969 mei Gert Balke it duo April Shower, dêr't se yn 1971 mei it Ingelsktalige nûmer Railroad song in lytse hit hawwe. Yn it restaurant fan har heit yn Amsterdam moetet se Ramses Shaffy, mei wa't se yn de jierren '70 geregeld optreedt. Mei har broer Frank en tekstskriuwer Wim Hogenkamp makket se tusken 1979 en 1987 meardere programma's. Foar har earste soloprogramma krige Lester yn 1979 - mei har broer Frank - as alderearste de Pall Mall Exportpriis. Se treedt ek wer op mei Ramses Shaffy yn in rige foarstellings yn de Brakke Grond yn Amsterdam.
Sûnt 1987 wurket se ek as freelance aktrise yn it teäter. Se spile in grutte rol yn it stik Ghetto fan Joshua Sobol([1]) by Toanielgroep De Appel (premiêre febrewaris 1988 yn regy fan Erik Vos ([2]), as tsjinspylster fan Eric Schneider. Fierders spile se yn de film De tranen van Maria Machita (1991) fan regisseur Paul Ruven. Se spile ek 3 seizoenen yn Trojaanse Vrouwen fan Euripides (2000-2002) ([3]).
Yn 2005 stie se yn de frije produksje Bloedbruiloft fan García Lorca; yn it seizoen 2006-2007 yn De Stille Kracht nei Louis Couperus. Fierders spile se rollen yn de klucht Potasch en Perlemoer mei Hans Boskamp en musicals Anatevka, Sinatra - That's Life, Alleen Op De Wereld (muzyk fan Frank Affolter) en Life Is A Cabaret (gjin remake fan Cabaret (musical), mar in foarstelling oer Judy Garland en har dochter Liza Minnelli).
Op 18 maart 2007 gie 10 Duizend Zakdoeken yn premiêre, in earebetoan oan har âlden (beiden konsintraasjekamp-oerlibbenen). Fan septimber 2007 ôf makket se diel út fan de musical Fame (Ingelstalige ferzje) en yn seizoen 2008/2009 yn de foarstelling Nesjomme fan Internationaal Danstheater.
Op 18 oktober 2009 gie de musicalkomeedzje Dromen... Zijn Bedrog yn premiêre. De cast bestie neist Heddy Lester út ûnder oaren Jelka van Houten, Vera Mann, Remko Vrijdag (Vliegende Panters) en Joël de Tombe (Idols). It ferhaal is troch Dick van den Heuvel en Sjoerd Kuyper skreaun om ferskes hinne út de Nederlânske popskiednis. De rezjy wie yn hannen fan akteur Frank Lammers.
Yn 2020 wie se wer efkes op telefyzje by Even tot hier. Dêrneist spile se de mem fan Gerri van Vlokhoven (Frank Lammers) yn de film Groeten van Gerri.
Lester stoar yn de âldens fan 72 jier oan de gefolgen fan blaaskanker.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk toanielakteur
- Frysk musicalakteur
- Frysk sjonger
- Nederlânsk toanielakteur
- Nederlânsk musicalakteur
- Nederlânsk sjonger
- Frysk persoan fan Joadsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Dielnimmer oan it Eurofyzjesjongfestival
- Persoan berne yn 1950
- Persoan stoarn yn 2023