Springe nei ynhâld

Arapahooske talen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Haänahawûnena (taal))
Arapahooske talen
algemien
oare namme(n) Arapaho-talen
lokaasje sintraal Noard-Amearika
tal talen 1 en 4 †
tal sprekkers ±250
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
      ● Flakte-Algonkwynsk
         ● Arapahoosk
subgroepen Arapaho-Atsina
Haänahawûnena
Nawatinehena

De Arapahooske talen binne in lyts groepke nau besibbe Yndiaanske talen út Noard-Amearika, dy't in taalkloft foarmje binnen de gruttere Algonkwynske taalfamylje. It taalgroepke wurdt op grûn fan geografyske (en net taalkundige) omtinkens binnen de Flakte-Algonkwynske taalkloft pleatst. It omfettet mar fiif taalfoarmen, dy't wol as aparte talen, mar ek wol as dialekten fan deselde taal oantsjut wurde.

De opbou fan 'e Arapahooske taalkloft is sa:

Behalven it Arapaho sels binne allefiif talen útstoarn, it Gro Wânt (dat trouwens noch wol sprutsen wurdt as twadde taal) sa resint as 1981. Fan it Haänahawûnena, útstoarn yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw, is neat oars bekend as dat it, nei't men sei, de meast ôfwikende fariëteit fan allegear wie. It Besawûnena, dat oant yn 'e 1920-er jierren sprutsen waard ûnder de Noardlike Arapaho, wie mooglik ienfâldichwei in dialekt fan it Arapaho, mar is inkeld bekend fan in wurdlist fan 'e taalkundige Alfred L. Kroeber. En it Nawatinehena, dat allinne mar oerlevere is yn in wurdlist fan Kroeber dy't datearret út 1899, soe de oarspronklike taal fan 'e Súdlike Arapaho west hawwe kinne, dy't se earne yn 'e midden of de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw opjoegen yn it foardiel fan it Arapaho.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.