Springe nei ynhâld

Ginnum

Ut Wikipedy
Ginnum
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 85 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 1,94 km²
Befolkingsticht. 45 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 5° 52' E
Offisjele webside
Side De Flieterpen
Kaart
Ginnum (Fryslân)
Ginnum

Ginnum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Ginnum leit noardlik fan Jislum, súdeastlik fan Hegebeintum, westlik fan Reitsum en besuden Blije. Ginnum hat 85 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit om de krusing fan de Flieterpsterdyk, Harstawei en Hikkaarderdyk.

Ginnum is in doarp dat by de Flieterpen heart.

De terp by de Roordastrjitte

Fanâlds is Ginnum ien fan de Flieterpen. De wei út de rjochting fan Ferwert waard yn de jierren 1850 ferhurde. Alve jier letter folge ek de ferhurding fan de wei út Reitsum. Dêrby waard net oeral it âlde trasee folge en by Ginnum waard de wei út Ferwert wei foar de tsjerke lâns lein om in eintsje fierderop te krusen mei de wei út Reitsum.

De âlde omwei bleau tusken de twa diken bestean (tsjintwurdich de Berepôle), sadat dêr in diel fan it radiale karakter fan it âlde terpdoarp bewarre bleaun is. Oan de westlike kant is it radiale karakter nei alle gedachten ferlern gien mei de bou fan Roorda State.

In soad bebouwing hie it doarp net, sadat in grut part fan de terp oan it begjin fan de 20e iuw ôfgroeven wurde koe.

Sûnt 2019 leit Ginnum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ferwerderadiel.

Tsjerke fan Ginnum
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Ginnum.

It meast opfallend yn Ginnum is it tige âlde tsjerkje út it begjin fan de 12e iuw. Ut dy tiid datearret noch de noardlike muorre fan dowestien. De klokken datearje út 1344 en 1490 en it oerwurk út 1564. De tsjerke is tsjintwurdich eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en docht tsjinst as atelier en museum.

De Wikipedy hat ek in side Roardastate (Ginnum).
Roarda State

Sûnt de 14e iuw of folle earder[3] stie yn Ginnum in stins , dy't bewenne waard troch de Ginnumer Roarda's (1397 as "Rowertha to Ghenim"). Yn harren wapen komt in moar foar, neffens de oerlevering in ferwizing nei de krústochten nei Jeruzalim, dêr't ek de Roarda's oan dielnamen. Nei in oprop fan paus Innosintius III yn 1215 ta de fiifde krústocht joegen Ruerd en syn broer Jehan Roarda fan Ginnum gefolch oan de oprop en mei oare Friezen en Hollanners setten hja ûnder lieding fan Willem ôf nei it Hillige Lân. Jehan kaam om yn de striid.[4] Mooglik ferhuzen de Roarda's yn it lêst fan de 17e iuw nei Ljouwert, yn alle gefallen wenne dêr sunt 1696 gjin Roorda mear. Ferskillende Roarda's binne begroeven yn de tsjerke; lykas Sybe fan Roarda, dy't ferstoar by de Slach by Boksum yn 1586. Roarda State is mooglik al foar 1723 ôfbrutsen om't der gjin tekening fan Jakob Stellingwerf bekend is. Op it plak waard neitiid in kop-hals-romppleats boud, dy't letter ferfongen waard troch de hjoeddeiske pleats.[5]

De Wikipedy hat ek in side Aylvastate (Ginnum).

Nei't Hylck fan Roarda, in dochter fan Syds fan Roarda, boaske mei Rienk fan Aylva bouden hja súdeastlik fan de tsjerke yn de jierren 1530 in state. It kin ek wêze dat hja in besteande state oernamen, om't de state ek 'Wythiema State' neamd waard en dat dy namme feroare yn Aylva State mei't Hylck en Rienk harren dêr nei wenjen setten. Nei't Wybren fan Aylva yn 1606 ferstoar waard syn soan Taco eigner. Wybren fan Aylva hie seis bern, mar liet fierder gjin erfgenamen efter. Op it plak fan de state stiet in moderne pleats mei dêromhinne in grêft.[6]

Der bestiet in ferhaal dat der in ûnderierdske gong fan Roarda State ûnder de tsjerke troch nei Aylva State rûn, mar by de oanlis fan djiprioel yn it doarp is dêr neat fan werom fûn.

Stjelp oan de Harstawei

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1830 1848 1954 1959 1964 1973 1999 2002
Ynwenners 125 124 208 182 171 135 110 110
Jier 2015 2022
Ynwenners 93 83

De Berepôle, De Houwen, Flieterpsterdyk, Harstawei, Hikkaarderdyk, Roardastrjitte.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje