Springe nei ynhâld

Frederiksoard

Ut Wikipedy
Westerveld
Westerveld

Frederiksoard[1] (Nederlânsk en offisjeel: Frederiksoord; Drintsk: Freriksoord) is in doarp yn it súdwesten fan de Nederlânske provinsje Drinte, yn de gemeente Westerfjild. It ûntstean fan Frederiksoard hinget gear mei de skiednis fan de Maatskippij fan Woldiedichheid, dy't yn 1818 oprjochte waard.

Dizze stifting ûntgûn de woeste grûnen op trije kilometer ôfstân ten westen fan Vledder en stifte dêr koloanjes, dêr't de ferpaupere befolking út de grutte stêden in bestean fine koe.

Ut de koloanjes I en II ûntstie it doarp Frederiksoard. De koloanjes III en IV waarden it doarp Wilhelminaoard. Oare doarpen dy't de maatskippij stifte wienen Willemsoard (Noardwest-Oerisel) en Boschoord. Frederiksoard wurdt wiidweidich beskreaun yn 1823 yn it deiboek fan Jacob van Lennep dy't mei syn freon Dirk van Hogendorp in fuottocht troch Nederlân makke en yn july fan dat jier ek yn Frederiksoard kaam.

Frederiksoard krige lanlike bekendheid neidat de Maatskippij fan Woldiedichheid yn 1884 de 'Gerard Adriaan van Swieten' túnbouskoalle stifte. Dizze túnbouskoalle, de âldste fan Nederlân, is yn novimber 2005 ferhuze nei Meppel. It is no in mbo-oplieding dy't by in AOC heart.

Yn it doarp, dat in pear hûndert ynwenners hat, lizze de tunen fan de túnbouskoalle, it museum 'De Koloanjehof' fan de Maatskippij fan Woldiedichheid, en fierders in hotel, de fruitkolleksje fan de Noardlike Pomologyske Feriening en it lângoed 'Huize Westerbeek'.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.