Forty Thousand in Gehenna
Forty Thousand in Gehenna | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1983, West Bloomfield | |
oarspr. útjwr. | Phantasia Press | |
rige | ||
rige | Alliance-Union Universe-rige | |
kodearring | ||
ISBN | 0 93 20 96 263 |
Forty Thousand in Gehenna (ek wol stavere as 40,000 in Gehenna) is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Fjirtichtûzen yn Gehenna" (Gehenna is in oare namme foar de hel). It boek fertelt it ferhaal fan 'e jammerdearlik ferrûne kolonisaasje fan 'e planeet Gehenna troch fjirtichtûzen minsklike kolonisten. Forty Thousand in Gehenna is in op himsels steand diel fan Cherryh har Alliance-Union Universe-rige, wêrfan't de boeken yn in mienskiplike foarm fan 'e takomst spylje. Mei û.m. Cyteen en Serpent's Reach makket Forty Thousand in Gehenna binnen dy searje diel út fan in tal romans dy't bekendsteane ûnder de namme Era of Rapprochement ("Tiidrek fan Fermoedsoening"). It waard yn 1983 yn in beheinde earste oplaach publisearre troch Phantasia Press yn West Bloomfield, en in jier letter werútjûn by de New Yorkske útjouwerij DAW Books. Yn 2008 waard de roman werpublisearre yn 'e omnibusedysje Alliance Space, mei in oar boek fan Cherryh, Merchanter's Luck.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Alliance-Union Universe fan C.J. Cherryh, dat fier yn takomst spilet, hat de minskheid him ferspraat nei de stjerren troch fiere planeten te kolonisearjen en romtestasjons te bouwen yn sinnestelsels sûnder gaadlike planeten. Nei ferrin fan tiid makken de measte kolonisearre planeten har by in ûnôfhinklikheidsoarloch los fan Mem Ierde om in selsstannige Uny (Union) te foarmjen. Troch de oarloch tusken de mei grou geweld fanwegen kommende Ierdske striidkrêften oan 'e iene kant en de Uny oan 'e oare kant, dy't der gjin kwea yn seach om gebrûk te meitsjen fan fabryksmjittich produsearre genetysk kloande soldaten, waard de feilichheid en breawinning fan 'e grutte en machtige, troch famyljeclans bewenne keapfardijskippen bedrige. Dêrop kamen dy gear om in trêde partij yn it konflikt te foarmjen, de Keapfardersalliânsje (Merchanters' Alliance). Nei't de Ierdlingen har troch brekme oan jild út 'e oarloch weromlûke moasten, gie dy sadwaande fierder tusken de Uny en de Alliânsje.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Forty Thousand in Gehenna begjint yn 'e tiid dat de Uny en de Keapfardersalliânsje krekt frede sletten hawwe. Der bestiet lykwols noch in soarte fan kâlde oarloch tusken beide partijen, en yn it ramt dêrfan beslút de Uny om guon planetestelsels te kolonisearjen dy't har oan 'e fierste kant fan it territoarium fan 'e Alliânsje befine. It idee is dêrby, sa wurdt oan 'e kolonisten ferteld, om 'e Alliânsje yn te sluten. Op ien fan 'e te kolonisearjen planeten wurde oan 'e mûning fan in rivier yn 'e oseaan 45 militêren, 452 boargers en 41.911 saneamde azi's ôfset, yn totaal 42.363 minsken. De azi's binne fabryksmjittich produsearre kloanen fan ferskate genotypen, fan wa't de psyche foarme is troch deepteach, in proses dat sterk liket op it oanbringen fan kennis ûnder in steat fan hypnoaze. Dêrtroch binne de azi's beheind yn harren geastlike fermogens, sadat se nea ûntefreden binne oer harren bestean, ek al liket dat suver as twa drippen wetter op in foarm fan slavernij.
De planeet, dy't Newport hjitte soe, mar troch de kolonisten al rillegau Gehenna neamd wurdt, hat in wrâldseigen floara en fauna. Mank de bisten binne ferskate hagedisfoarmige reptyleftigen, wêrûnder guon grutte grizen ter grutte fan in auto, dy't om har lilkens 'calibans' neamd wurde, nei de lilke lânseigen persoan yn Shakespeare syn toanielstik De Stoarm, en guon oare grien-blauwen ter grutte fan in hûn, dy't folle moaier binne en dêrom nei Caliban syn elfeftige freon 'ariels' neamd wurde. Neffens de ynformaasje dy't de kolonisten krije, is der op Gehenna gjin yntelligint bûtenierdsk libben, mar nei ferrin fan tiid docht lykwols bliken dat der twa soarten calibans binne: de grizen en de brunen. De brune calibans, dy't yn in soarte fan symbioaze mei de ariels en de grize calibans libje, binne trije oant fiif kear sa grut as de grizen, en binne wol deeglik yntelligint, hoewol net op in wize dy't de minsken maklik te begripen fine.
Wat oars dat de kolonisten net witte, is dat harren koloanje bedoeld is om te mislearjen. De Uny wol de Alliânsje hielendal net ynslute; dat is fiersten te djoer. It is folle goedkeaper om 'e territoriale útwreiding fan 'e Alliânsje in stôk yn 'e speaken te stekken troch problemen foar de lange termyn te meitsjen op planeten dy't oars wierskynlik troch de Alliânsje kolonisearre wurde soene, yn 'e foarm fan in minsklike restbefolking dy't dêr al oanwêzich wêze sil ear't de Alliânsje dy planeten berikke kin. Har folslein ûnbewust dat har libbens troch har eigen regear weismiten binne, sette de militêren en boargers mei help fan 'e azi's mei goede moed útein om 'e grûnslach fan 'e koloanje te foarmjen, sadat dy ree wêze sil foar útwreiding as oer trije jier de romteskippen komme om mear kolonisten en materieel te bringen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Al fan it ierste oanbegjin ôf binne der alderhanne tsjinslaggen. Kolonel James A. Conn, de gûverneur fan 'e koloanje, is in troch de oarloch traumatisearre widner wa't koartby de frou ûntfallen is. Dat hat makke dat er oan 'e drank rekke is, en boppedat ûntdekt er ûnderweis nei Gehenna dat er net sa sûn is as dat er miende. Tsjin 'e tiid dat de kolonisten op har bestimming arrivearje, is er derfan oertsjûge rekke dat it in flater wie om him foar dit projekt oan te melden, mar hy beslút troch te setten om't er noch nea samar opjûn hat. Hy hat yn kaptein Ada Beaumont in earsten luitenant-gûverneur en hy regelt mei har dat sy it deistich bestjoer fan 'e koloanje op har nimme sil. Boppedat is it mar foar trije jier, en dêrnei kin er syn funksje oan in oar oerdrage en werom nei hûs. Al syn plannen draaie lykwols op neat út as Beaumont op dei 58 fan 'e koloanje omkomt by in ûngemak.
Under de minder as krêftdiedige lieding fan Conn giet it almar minder mei de koloanje. Der begjint in slepend konflikt mei grize calibans dy't de rivier oerstekke (dy't men de Styx neamd hat), om op it terrein fan 'e basis harren spiraalfoarmige ierdwâlen oan te lizzen. It docht bliken dat it swiere materieel dat de kolonisten meijûn is, net oer de sâlte seelucht kin, sadat it stikken giet en begjint fuort te roastkjen. Ta frustraasje fan syn ûnderhearrigen ferbiedt Conn it harren om har bûten it terrein fan 'e basis te bejaan, mei as gefolch dat men neat ûndersykje kin en ek neat méár oer Gehenna te witten komt as dat men al tocht te witten. As nei trije jier de skippen net komme, lit in elk de moedfearren hingje. Nei noch in healjier om 'e nocht wachte te hawwen, pakt Conn op in jûn syn pistoal en sjit himsels troch de holle. Dêrmei hâldt elts funksjoneel bestjoer fan 'e koloanje yn prinsipe op te bestean.
Cherryh beskriuwt de folgjende trijehûndert jier yn in rige fan ferhalen, te begjinnen mei guon leden fan 'e earste generaasje. Marco X. Gutierrez, ien fan 'e oan 'e koloanje ferbûne biologen, trout mei Jane Flanahan, in kommando dy't ta it befeiligingspersoniel heart. Jin 458-9998 is in azi fan klasse A dy't yn 'e earste dagen fan 'e koloanje op syn fersyk troch de opsjenners oan in oaren fan syn klasse, Pia 86-687, keppele wurdt. De bedoeling is dat se úteinsette sille mei it produsearjen fan 'e twadde generaasje kolonisten, en dat dogge se ek. Se krije de soannen Jin 2, Zed, Mark, Tam en Green en de dochter Pia 2. Mar de deepteach-apparatuer heart ta de ierste slachtoffers fan it klimaat op Gehenna, dat de opsjenners kinne de fjirtichtûzen azi's net mear leare hoe't se mei bern omgean moatte, bern dy't as normale minsken berne wurde, sûnder de opleine geastlike beheinings fan harren âlden. It gefolch is dat de azi's har bern net begripe en de bern harren azi-âlden net. De bern krije gjin goede opfieding, mar groeie 'yn it wyld' op en dogge wat se wolle wannear't se it wolle.
Tagelyk fynt der in oare ûntwikkeling plak: Green is ien fan ferskate bern dy't apart is. Hy praat net en liket yn syn eigen wrâld te libjen. Sokken as hy wurde weirds neamd, "raren", en ferlitte oer it algemien al op jonge leeftyd de minsklike maatskippij om har by de calibans yn har ûnderierdske hoalen nei wenjen te setten. Cherryh suggerearret dat de weirds in minsklike geastlike adaptaasje ta symbioaze mei de calibans fertsjintwurdigje, mei wa't se empatysk of mooglik sels telepatysk kommunisearje kinne. De yntelliginsje fan 'e calibans wurdt noch altyd net troch it meastepart fan 'e minsken ûnderkend, hoewol't de calibans begûn binne mei it oerdekken fan 'e midden fan har spiralen mei ierden koepels, dy't meitiid útgroeie ta tuorren. Nearne oars op Gehenna dogge calibans dat, útsein oan 'e Styx, dêr't se minsklike gebouwen sjoen hawwe, wat dochs in teken oan 'e wand wêze moatte soe.
Yn jier 22 wurdt Jane Flanahan-Gutierrez, de dochter fan Marco Gutierrez en Jane Flanahan, troch guon weirds meinommen yn 'e caliban-hoalen en ferkrêfte. In wraakoefening troch har mem en de oare âld-kommando's tsjin 'e weirds rint op in ramp út as de hiele ienheid by in troch calibans feroarsake ierdferskowing omkomt. Neitiid skinkt Jane Flanahan-Gutierrez it libben oan in dochter, Elly Flanahan-Gutierrez, de earste Elly. Underwilens hawwe Jin 2, Zed, Mark en Tam har net inkeld oan it âlderlik gesach ûntlutsen, mar ek oan it gesach fan 'e basisautoriteiten, en sette se har nei wenjen yn 'e rotsheuvels op 10 km ôfstân fan 'e basis, mei in grutte kliber fan 'e oare leden fan 'e twadde generaasje. Dêrmei begjint in stadich ferfal ta barbarisme.
Yn jier 58 arrivearret it Alliânsje-romteskip de Ajax by Gehenna, op deselde deis dat Jin 458-9998, de lêste noch libbene azi en de iennichste dy't nea opholden wie mei leauwen yn 'e weromkear fan 'e skippen, komt te ferstjerren. De wittenskippers fan 'e Alliânsje binne skokt oer it flugge ferfal fan 'e koloanje en sitte mei de hannen yn it hier. De bern fan 'e azi's meitsje dúdlik dat se der gjin belang by hawwe om krekt as har âlden ta tsjinners fan 'e "berne minsken" makke te wurden, en wolle neat mei de wittenskippers te meitsjen hawwe. Uteinlik rjochtet de Alliânsje in basis yn dêr't de fierdere ûntwikkeling fan 'e minsklike kultuer op Gehenna sûnder yngripen wei bestudearre wurde sil. It planetestelsel fan Gehenna wurdt troch de Alliânsje ta in reservaat útroppen. De pleatslike calibans binne ûntrêstige troch de nije ynkringing en lûke har werom nei in plak fier streamop oan 'e Styx.
Pia 2, dy't Ma Pia neamd wurdt, no de matriarch fan in grutte famylje, observearret jierrenlang fan in hege heuvel ôf de basis. Yn jier 72, as se heech op jierren is, giet se allinnich streamop om 'e calibans en har broer Green te sykjen. Fan har wurdt nea mear wat fernommen. Datselde jiers begjint de oplieding fan 'e jonge Dean, in neikommeling fan 'e legerdokter Bethany M. Dean, by de wittenskippers op 'e basis. Troch syn ûnderrjocht komt er lykwols bûten beide maatskippijen te stean, mei't er tefolle komt te witten om in normale Gehennees te wêzen, wylst er op 'e basis net alhiel fertroud en likemin alhiel foar fol oansjoen wurdt.
Yn jier 89 wit Spencer, ien fan 'e wittenskippers fan 'e basis, dy't de calibans bestudearje wol, in Gehennees oer te heljen om gids foar him te spyljen. Dy gids is Jin 8, de betoerpakesizzer fan Jin 2. As it sjitgrage befeiligingspersoneel fan Spencer in brune caliban deadet, wurdt Jin 8 troch de weirds finzen nommen en meifierd yn 'e caliban-hoalen. Dêr yn it tsjuster wurdt hy de earste normale minske dy't leart om yn patroanen fan ierde mei de calibans te kommunisearjen. It docht bliken dat alle opsmiten fan ierdwâlen foar de calibans in foarm fan kommunikaasje is, as skreaune se op it oerflak fan 'e wrâld. Yn reäksje op it deadzjen fan 'e brune caliban sette de calibans neitiid de oanfal yn op 'e basis, it Gehenneeske doarp dêromhinne en it Gehenneeske doarp yn 'e heuvels. De basis rekket slim skansearre troch de ûndergravende aktiviteiten fan 'e calibans, mar wurdt net folslein ferwuostge. Fan 'e beide delsettings fan 'e Gehennezen bliuwt frijwol neat oer.
By dit barren fungearret Jin 8 as wurdfierder foar de calibans. Ear't de ferwuostging begjint, seit er de ynwenners oan dat se tenei mei de calibans yn har tuorren libje sille. In soad lju lizze har dêrby del om't se gjin oare kar hawwe, mar oaren besykje fuort te flechtsjen mei alle besittings dy't se drage kinne. Mank dy groep is Cloud, soan fan Cloud, soan fan Jin 4, in soan fan Ma Pia dy't mei Elly Flanahan-Gutierrez troud wie. Mei syn frou en bern, syn suster Pia en syn beppe Elly wit er yn 'e nacht te ûntkommen. Underweis pikke hja Dean op, dy't ek op 'e tiid útpykt is. Hja flechtsje nei it suden, mei't Dean fan satellytfoto's wit dat dêr in oare grutte rivier streamt. Oan 'e mûning dêrfan sette hja har nei wenjen en meitiid jouwe alle oare flechtlingen har dêr by harren. De rivier wurdt nei Cloud Cloud's River neamd. Dean, dy't de âlde lochboeken fan Marco Gutierrez lêze kin, wurdt in foaroansteand lid fan 'e mienskip, en trout mei Cloud syn suster Pia.
Yn jier 188 binne de Gehennezen ferdield oer ta steatsferbannen: Styxside en Cloudside. Op beide plakken hawwe se in foarm fan symbioaze mei de calibans en de ariels berikt en libje se mei dyselden gear yn spiraalfoarmige tuorren fan ierde, ûnderstipe troch hout en oare materialen. Oan 'e Styx regearret de line fan Jin 8, wylst oan 'e Cloud de line fan Dean en Pia Flanahan it bewâld fiert. De Styxsiders binne lykwols ferfallen ta in jager-sammelderkultuer wêrby't jagers de heechste maatskiplike klasse foarmje en froulju net yn tel binne. Grize calibans wurde bejage en opiten. De Cloudsiders foarmje in maatskippij fan fiskers en lânbouwers, dy't de calibans en de ariels mei respekt behannelje.
Dizze seksje fan it ferhaal begjint as Elizabeth McGee, in ksenologe fan 'e Alliânsje, yn 'e kunde komt mei it tinerfamke Elai (in ferbastering fan 'Elly'), de erfgenamte fan 'e hearskeresse fan Cloudside. Elai dreamt derfan om nei de eilannen te swimmen dy't se foar de kust lizzen sjen kin, mar as sy en har caliban Scar dat besykje, wurde se oanfallen troch ien fan it 'seefolk', in wierskynlik oan 'e calibans besibbe soarte fan reptilen dy't yn 'e see libbet. Elai soe op it strân deablet wêze as McGee de regels net oertrêde hie om har te helpen. Nei't bemuoienis fan Elai har mem en de direkteur fan 'e basis kontakt tusken McGee en Elai jierrenlang ûnmooglik makket, lit Elai McGee yn jier 204 wer by har bringe, as har mem ferstoarn is en sysels hearskeresse oer Cloudside wurden is.
Yn Styxside hat de wrede hearsker Jin 12 al jierren guon wittenskippers fan 'e Alliânsje yn syn hofhâlding. Nettsjinsteande it feit dat de wittenskippers formeel inkeld observearje meie, lit harren lieder Genley him troch Jin ynpakke. No't se der de kâns ta kriget, wifelet McGee mar hiel koart om itselde soarte help oan Elai te jaan, wêrûnder antybiotika dy't de stadichoan weikwinende frou fan har oanhâldende lege koarts ôfhelpe. Nei ferrin fan tiid giet McGee mei Scar en de weirds nei de ûndergrûnske hoalen ta, dêr't se as earste bûtensteander, nei't it skynt holpen troch in langere perioade fan sintúchdeprivaasje, leart hoe't se yn patroanen mei de brune calibans kommunisearje kin.
Uteinlik liket Jin 12 in iepentlike oarloch te begjinnen tsjin Cloudside, mar letter docht bliken dat er dêrby wierskynlik manipulearre is troch de calibans. Elai en har folk ride him yn 'e mjitte, en yn 'e fjildslach sneuvelet Jin as syn caliban Thorn troch de âlde Scar deade wurdt. Dêrnei slane de Cloudsiders al rillegau op 'e flecht, mooglik, sa wurdt suggerearre, om't de calibans net foar harren fjochtsje wolle. Neitiid wurde alle tuorren fan Styxside troch de calibans fan Cloudside omsmiten. De oerlibjende Gehennezen dêrwei jouwe har by de Cloudsiders. Elai en McGee oerlibje de slach, mar Scar rekket sa swier ferwûne dat er neitiid stjert. Elai lit dan de moedfearren hingje en hat sûnder eigen caliban ek net mear it gesach om oaren har wil op te lizzen. Boppedat is har erfgenamt Din (in ferbastering fan Dean) noch mar sân jier en lizze har rivalen op 'e loer, dat it sjocht der nei út dat ek Cloudside útinoar falle sil.
McGee eigenet har dan it rjocht ta om oan 'e igge fan 'e Cloud in eigen patroan fan sân en stiennen te meitsjen, wêryn't se Elai har Earste Toer ferbynt mei de rivier, de kust, de eilannen, oare kontininten en de basis, it romtestasjon en sels oare planeten, ynsafier't se sokke begripen dúdlik werjaan kin. De calibans reitsje troch dit nije patroan alhiel yn ûnstjoer en geane allegear út Cloudside wei, wêrnei't se oare kant de rivier oan it graven slane. Patroanen ferrize en ferdwine wer ear't se folslein binne, en McGee konkludearret dat de calibans mei-inoar yn berie binne. Se beseft dat sysels, yn har ûnwittendheid, foar it alderearst minsklike ideeën útlein hat op in wize dy't calibans begripe kinne, mei't de kommunikaasje earder hast útslutend ienrjochtingsferkear fan 'e calibans nei de minsken ta west hie. As de calibans nei ferrin fan tiid weromkeare, ferwachtet eltsenien dat se de tuorren en ikkers fan Cloudside ferrinnewearje sille sa't se mei Styxside dien hawwe, mar dat bart net. In brune caliban dy't twaris sa grut is as de âlde Scar, komt op Elai ôf en jout him by har troan del. Syn namme is Sun, en hy sjocht goedkarrend ta as de Cloudsiders úteinsette mei de bou fan in earste skip om nei de eilannen te farren.
Forty Thousand in Gehenna einiget mei in koarte epilooch. Yn jier 305 befynt Marik, soan fan Cloud, soan fan Elai, him oan board fan it romtestasjon om 'e planeet Fargone hinne, yn 'e Uny. Hy is mei syn brune caliban Walker op reis nei in planeet dêr't in nije foarm fan yntelligint libben ûntdutsen is. De wittenskippers kinne der lykwols gjin tou oan fêstknoopje, dat dêrom binne se nei Gehenna ta kommen. "Gehennezen sjogge de dingen op oare manearen," seine se. "Gean der ris hinne en sjoch ris wat jimme derfan meitsje, josels en Walker." Dat dat soene se dwaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|