Fúljeton
In fúljeton is in ferfolchferhaal yn in krante of tydskrift, en tsjintwurdich teffens op 'e radio of de tillefyzje. De term komt fan it Frânske feuilleton, dat weromgiet op feuillet, wat "sydsje" betsjut (de ferlytsingsfoarm fan in side út in boek). De oarspronklike fúljetons wiene dan ek losse siden fan in boek, ôfkomstich fan 'e útjouwerij, dy't tegearre mei in tydskrift ferkocht waarden. De bedoeling wie om 'e lêzers dêrmei nijsgjirrich te meitsjen nei de rest fan it boek, sadat se it keapje soene. Letter waarden fúljetons ferhalen dy't yn har folsleinens as ûnderdiel fan in tydskrift oer in stikmannich ôfleverings ferdield publisearre waarden.
Hoewol't fúljetons hjoed-de-dei amper mear serieus nommen wurde, waarden yn it ferline (fral yn 'e njoggentjinde iuw) ek grutte literêre wurken op dizze wize wol útbrocht (benammen as de skriuwer muoite hie en fyn in útjouwer). Sa binne suver alle boeken fan 'e Ingelske skriuwer Charles Dickens as fúljeton úteinset, en ek de measte Sherlock Holmes-ferhalen fan sir Arthur Conan Doyle ferskynden oarspronklik as fúljeton. Op it mêd fan 'e Fryske literatuer binne bygelyks in protte oersettings út oare talen as fúljeton publisearre, lykas De Reade Pimpernel, fan baronesse Orczy, en De Dominy fan Vejlby, fan 'e Deenske skriuwer Steen Steensen Blicher.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |