Springe nei ynhâld

Jeropeeske Uny

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Europeeske Uny)
Jeropeeske Uny
Europaflagge
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Motto: In varietate concordia
(Latynsk: Ferienige yn Ferskaat)
Folksliet: Ode an die Freude
Lidsteaten 27
Ynwennertal 447 miljoen (2021) [1]
Oerflak 4.233.262 km² (2021)
Ynstellingsstêden Brussel
Frankfurt am Main
Lúksemburch
Straasburch
Grutste stêden Milan
Parys
Madrid
Feestdei 9 maaie
Muntienheid Euro
Tiidsône
 - simmertiid
UTC 0 o/m +2
UTC 1 o/m +3.
Ynternet TLD .eu

De Jeropeeske Uny (ôfkoarting: JU) of Europeeske Uny (ôfkoarting: EU) is in steatebûn mei 27 Jeropeeske lidsteaten. De oarspronklike uny waard yn 1992 mei it Ferdrach fan Maastricht oprjochte. De uny sa't dy no is, is basearre op it Ferdrach fan Lissabon, dat op 1 desimber 2009 fan krêft wurden is. De Jeropeeske Uny hat 447 miljoen ynwenners (2021),[1] en in oerflak fan 4.233.262 km².

Beskriuwing en status

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Europeeske Uny is mear as in steatebûn (konfederaasje) fan soevereine lannen, mar is gjin federale steat. Lykwols hawwe de lidsteaten fan de Jeropeeske Uny yn de rin fan 'e tiid in stik fan harren soevereiniteit ôfdroegen oan de EU. Troch it foech op in heger nivo (fan EU-lidsteat nei EU) del te lizzen, liket de Jeropeeske Uny hieltyd mear op in federaasje, dêr't de klam hieltyd mear op de EU as op de yndividuele lidsteaten komt te lizzen.

De Jeropeeske Uny wurket as in rjochtsteat. Soks betsjut dat alles wat dien wurdt út ferdraggen wei komt dy't frijwillich en demokratysk goedkard binne troch alle lidsteaten. Earder tekene ferdraggen binne feroare en bywurke om maatskiplike ûntjouwings by te hâlden.[2] De uny hat in nij type federale opbou dy't net te omskriuwen is mei de tradisjonele juridyske yndielingen.

De seis lannen dy't yn 1951 de EMKS oprjochten.
De Wikipedy hat ek in side Gronologysk oersjoch fan de skiednis fan de EU.

Al nei de Earste Wrâldkriich wienen der inisjativen om ta in uny fan Europeeske steaten te kommen, lykas yn 1922 mei de Paneuropeeske Uny. Dy insjativen wienen lykwols fergees. Mei de ein fan de Twadde Wrâldkriich begjint it proses fan Europeeske yntegraasje. Troch ekonomyske sektoaren mei militêre relevânsje yntinsyf mei-inoar oparbeidzje te litten soe in nije oarloch tusken eardere fijannen foarkommen wurde kinne of suver ûnmooglik wêze. Sa soe der politike stabiliteit komme en in duorsume yntersteatlike fertrouwensbân ûntstean. Der wienen ek feilichheidsaspekten dy’t meispilen. Yn ’t begjin fan de Kâlde Oarloch woenen de Westeuropeeske steaten better gearwurkje en de nije Bûnsrepublyk Dútslân polityk ûnderdiel meitsje fan it westlike blok.

Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 maaie 1950 hold Robert Schuman as minister fan Bûtenlânske saken fan Frankryk in taspraak dy’t letter de Schuman Ferklearring neamd wurde soe. Yn dy taspraak stelde hy foar om in Europeeske Koalen en Stiel Mienskip op te setten.[3] Dy dei is letter as "jierdei" fan de Europeeske Uny keazen. It Schuman Plan late op 18 april 1951 ta de oprjochting fan de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel. De oprjochtingslannen fan de mienskip wienen Belgje, Dútslân, Frankryk, Itaalje, Lúksemboarch en Nederlân. Mei it oprjochtsjen fan dizze mienskip waard der in basis lein foar de lettere Europeeske Uny. Bygelyks de ynsituten fan de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EMKS) lykje op dy fan de hjoeddeistige Europeeske Uny: Hege Autoriteit mei supranasjonale kompetinsjes (hjirút ûntstie letter de Europeeske Kommisje), in Ministerried as wetjouwend orgaan (de hjoeddeistige Ried fan de Europeeske Uny) en in Riejouwende Gearkomste (it lettere Europeesk Parlemint). De taken en ferantwurdlikheden fan dy ynstituten binne lykwols bot feroare troch de tiid.

Europeeske Mienskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De seal dêr't yn 1957 it Ferdrach fan Rome ûndertekene waard.

It súkses fan de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel wie sa grut dat yn 1957 mei it Ferdrach fan Rome de Europeeske Mienskip foar Atoomenerzjy (Euratom) en de Europeeske Ekonomyske Mienskip (EMM) oprjochte waarden. Troch Euratom soe der yn Europeesk ferbân wurke wurde oan de freedsume tapassing fan kearnenerzjy. Doel fan de Europeeske Ekonomyske Mienskip wie in mienskiplike merk mei frij ferkear fan guod, tjinsten, kapitaal en arbeidskrêften.

De EMKS, EMM en Euratom hienen sûnt 1957 elk in eigen kommisje en in eigen ried. Yn 1965 waard it Fúzjeferdrach (fan krêft yn 1967) tekene. Mei it Fúzjeferdrach waarden de trije separate kommisjes en rieden gearfoege foar alle trije Europeeske Mienskippen, sadat der tenei noch sprake wie fan ien Europeeske Kommisje en ien Europeesk Parlemint.

Yn 1973 is de mienskip útwreide mei Denemark, Ierlân en Grut-Brittanje. Yn juny 1979 wurde foar it earst direkte ferkiezings foar it Europeesk Parlemint holden. Yn 1981 kaam Grikelân by de mienskip, en yn 1986 kamen Spanje en Portegal der by. Mei de werieniging fan Dútslân yn 1990 groeide it tal ynwenners fan de Europeeske Mienskip mei 16 miljoen minsken dy't ôfkomstich wienen út de eardere DDR.

Ferdrach fan Maastricht (1992)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it Ferdrach fan Maastricht (tekene 1992, fan krêft op 1 jannewaris 1993) waard de Europeeske Uny oprjochte. Mei it ferdrach waard de oprjochting fan in ekonomyske en monetêre uny besletten, dat úteinlik ta de ynfiering fan de muntienheid Euro late. Mei it ûndertekenjen fan it ûndertekenjen fan it ferdrach waard de pylderstruktuer fan de Europeeske Uny ynfierd. De eardere trije Europeeske Mienskippen waarden omfoarme ta de earste pylder fan de Europeeske Uny. De oare twa pylders wienen sûnt 1993 it Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied en de Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken.

Yn 1995 waard de uny útwreide mei Eastenryk, Finlân en Sweden. Yn 2004 folge de grutste útwreiding fan de uny yn de skiednis fan de EU doe't Estlân, Hongarije, Letlân, Litouwen, Malta, Poalen, Syprus, Sloveenje, Slowakije en Tsjechje lid waarden fan de uny. Op 1 jannewaris 2007 waarden Roemeenje en Bulgarije as 26e en 27e steat lid fan de uny. Op 1 july 2013 waard Kroatië as 28e steat lid fan de uny.

De ûndertekening fan it Ferdrach fan Lissabon yn 2007.

Mei it Ferdrach fan Amsterdam (1997) en it Ferdrach fan Nice (2001) waard it Ferdrach fan Maastricht oanpast om sa de wurkwize fan de ynstituten te optimalisearjen.

Ferdrach fan Lissabon (2007)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2005 lei der in útstel om ta in Europeeske Grûnwet te kommen dy't lykwols troch in referindum yn Frankryk en Nederlân opkeard waard. Dêrfoar yn it plak kaam it Ferdrach fan Lissabon (2007). Mei dat ferdrach waard it Ferdrach oangeande de Europeeske Uny foar de tredde kear (nei Amsterdam yn 1997 en Nice yn 2001) wizige. Mei it fan krêft wurden fan it Fedrach fan Lissabon op 1 desimber 2009 kaam der ek in ein oan de pylderstruktuer fan de Europeeske Uny.

Yn 2012 krige de EU de Nobelpriis foar de Frede.[4]

Tiidline mei dêryn de ûntjouwing fan de struktuer fan de Europeeske Uny
1948 1952 1957 1967 1987 1993 1999 2003 2009 2011
Brussel Parys Rome Fúzjeferdrach Europeeske Akte EU-Ferdrach Amsterdam Nice Lissabon
Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EMKS)
Europeeske Atoomenerzjy Mienskip (EURATOM)
Europeese Ekonomyske Mienskip (EEM)
P

Y

L

D

E

R

S
Europeeske Mienskip (EM) Europeeske Uny (EU)
↑Europeeske Mienskippen↑ Justysje en Ynlânske Saken (JYS)
Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken (PJGS)
Europeeske politike gearwurking (EPG) Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied (GBFB)
West-Europeeske Uny (WEU)

Polityk systeem

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Ynstellings fan de Jeropeeske Uny.

De EU-ynstellingen wurkje mei ferskillende ferdraggen as grûnslach. Under titel III (Bepalingen oangeande de ynstellingen) fan it Ferdrach oangeande de Europeeske Uny en ûnder it sechsde diel (Ynstitusjonele en finansjele bepalingen) fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny is de rjochtlike grûnslach, foech en wurkwize fan de EU-ynstellingen beskreaun. De opbou fan de EU-ynstellingen is sûnt de oprjochting yn 1952 aardich lyk bleaun.

Jeropeesk Parlemint Jeropeeske Rie Rie fan de Jeropeeske Uny Jeropeeske Kommisje
Sit yn Straasburch, mei siktariaat yn Lúksemburch. Sit yn Brussel Sit yn Brussel Sit yn Brussel
(wetjouwende macht) ("heechste orgaan" fan politike lieders lidsteaten) (wetjouwende, somtiden útfierende macht) (útfierende macht)
Jeropeesk Parlemint Jeropeeske Rie Rie fan de Jeropeeske Uny
(wetjouwende macht) ("heechste orgaan" fan politike lieders lidsteaten) (wetjouwende, somtiden útfierende macht) (útfierende macht)
Hôf fan Justysje Rekkenkeamer Jeropeeske Sintrale Bank Jeropeeske Ynvestearringsbank
Húsmannet yn Lúksemboarch Húsmannet yn Lúksemboarch Húsmannet yn Frankfurt am Main Húsmannet yn Lúksemboarch
(Rjochterlike macht) (Unôfhinklik tafersjoch) (Sintrale bank) (Ynvestearringsbank)
Rekkenkeamer Sintrale bank Jeropeeske Ynvestearringsbank


De EU hat sân offisjele ynstellings.[5] Dy kinne kategorisearre wurde yn fjouwer politike en trije net-politike ynstellingen:

Politike ynstellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Europeesk Parlemint is mei Rie fan de Europeeske Uny de wetjouwende macht fan de EU. It Europeesk Parlemint wurdt as iennige Europeeske ynstelling direkt troch it folk keazen. Yn de Rie fan de Europeeske Uny komme de ministers (útfierende macht) fan de lidsteaten gear. De gearstalling fan de Rie is ôfhinklik fan it tema dat op it aljemint komt. De Europeeske Kommisje is it útfierende orgaan fan de Jeropeeske Uny en kin as 'it regear' sjoen wurde. Yn de Europeeske Rie sitte de politike lieders fan de lidsteaten. De Europeeske Rie is gjin wetjouwende macht, mar jout jout de Uny ympulsen dy't nedich binne foar syn ûntjouwing en leit dêrfoar algemiene politike doelstellingen en prioriteiten fêst. De Europeeske Rie is it fjirde politike orgaan fan de EU.

It meitsjen fan wetjouwing en it generale belied fan de Europeeske Uny wurdt dien troch de trije belangrykste politike ynstellingen: de Rie fan de Europeeske Uny (fertsjintwurdiging lidsteaten), it Europeesk Parlemint (folksfertsjintwurdiging, direkt keazen troch de ynwenners fan de EU) en de Europeeske Kommisje (polityk ûnôfhinklik fan lidsteaten en tsjinnet it kollektyf belang fan de Uny). By de EU-wetjouwing kin in skieding makke wurde tusken wetjouwing wêrfoar ymplemintaasje op nasjonaal nivo nedich is en wetjouwing dêr't gjin ymplemintaasje op nasjonaal nivo nedich is. De wichtichste typen wetjouwing binne feroardeningen en rjochtlinen.[6]

Net-politike ynstellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net-politike mar wol offisjele ynstellings binne it Hôf fan Justysje fan de Europeeske Uny, de Europeeske Rekkenkeamer en de Europeeske Sintrale Bank. It Hôf fan Justysje fan de Europeeske Uny hâldt tafersjoch op it neilibjen fan de EU-wetjouwing. It is de rjochterlike macht en draacht by oan de goede ynterpretaasje en tapassing fan wetten yn alle lidsteaten. De Europeeske Rekkenkeamer hâldt tafersjoch op de finansiën fan de EU. De Europeeske Sintrale Bank yn Frankfurt is de sintrale bank fan de eurosône.

De Europeeske Uny hat in begrutting fan sa'n EUR 130 miljard per jier, finansiere troch bydragen fan de lidsteaten. De EU-útjeften fine foar it grutste part plak yn de lidsteaten en ûnder de ferantwurdlikheid fan de lidsteaten. De Europeeske Rekkenkeamer beoardielet alle jierren oft dy útjeften rjochtmittich binne.

De Europeeske Uny joech yn 2011 sa’n 130 miljard euro út. Dat is sa likernôch 1% fan it bruto ynlânsk product fan de (op dat stuit 27) lidsteaten by elkoare. Ta ferliking, it nasjonale budzjet fan Frankryk leit om de 800 miljard euro. De Europeeske Uny mei gjin begruttingstekoart hawwe yn tsjinstelling ta de nasjonale begruttingen. Alle útjeften moatte dutsen wurde troch ynkomsten.

Sa likernôch trijekwart fan de EU syn ynkomsten bestiet út bydragen fan de lidsteaten. De rest binne eigen middelen. De eigen ynkomsten binne:

  • Ynfierrjochten dy’t troch de EU-lannen heft wurde op produkten út lannen fan de bûten de EU.
  • Lânbouheffingen op goedkeapere lânbouprodukten dy’t ôfkomstich binne fan bûten de EU.
  • In fêst persintazje fan de btw-ynkomsten fan de lidsteaten.

De bydragen fan de lidsteaten binne bûn oan de grutte fan de nasjonale ekonomy, it bruto nasjonaal ynkommen (bni). De BNI-ôfdracht fan elke lidsteat is fan twa faktoaren ôfhinklik. De begrutting fan de EU mei gjin tekoart hawwe. De BNI-ôfdracht is dêrom fariabel en beslacht it ferskil tusken totale útjeften en de eigen middelen fan de EU. It oandiel fan it BNI fan de lidsteaten yn it EU-totaal wurdt brûkt as ferdielkaai.

Mear as 40% fan de totale EU-budzjet giet nei lânbou en plattelânsûntwikkeling. Dat is dêrmei de grutste útjeftepost yn de begrutting.

In oare grutte útjeftepost fan de EU wurdt foarme troch de saneamde struktuer- en koheezjefûnsen. Dy fûnsen foar duorsume groei hawwe ta doel it ferminderjen de ûnderlinge ekonomyske ferskillen tusken regio’s en it ferbetterjen fan de ekonomyske struktuer yn de EU. By ’t lêste spylje ynfrastruktuer, plattelânsûntwikkeling en befoardering fan de wurkgelegenheid in wichtige rol. It jild giet benammen nei earme regio’s yn de EU, mar ek nei rikere lannen, bygelyks foar de werstrukturearring fan âlde bedriuweterreinen en opliedingen.

De ferdieling yn 2011 wie as folget:

Omskriuwing Bedrach yn euro % fan totale útjeften
Mienskiplik lânboubelied 57.374.500.000 44,3%
Duorsume groei 54.731.600.000 42,3%
Administraasje 8.359.300.000 6,5%
De Europeeske Uny as mondiale partner 7.102.200.000 5,5%
Boargerskip, frijheid, feiligens en rjocht 1.827.300.000 1,4%
Mei-inoar: 129.394.900.000 100,0%

Hjirboppe stiet te lêzen dat de kosten fan de EU-administraasje sa'n 7% fan de begrutting útmeitsje. Dat giet om de salarissen fan de Europeeske amtners, oersetkosten en wenlêsten. It totale personielsbestân fan de EU is 40.000, fergelykber mei dat fan in ministearje yn in soad lidsteaten.

De Jeropeeske Uny beslacht Jeropa fan de Atlantyske Oseaan yn it westen en Ruslân, Wyt-Ruslân, Oekraïne, Turkije en de Swarte See yn it easten. Yn it suden grinzet de Jeropeeske Uny oan de Middellânske See mei oarekant it wetter Afrika. Binnen dit gebiet binne de neikommende lannen gjin lidsteat, mar dogge allegear wol mei yn gearwurkingsprojekten: Yslân, Noarwegen, Switserlân en it eardere Joegoslaavje (útsein Kroaasje en Sloveenje). De Jeropeeske Uny grinzet oan 22 oare lannen.

De Jeropeeske Uny hat 27 lidsteaten:

Bysûndere gebieten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Ultraperifeare regio.

De ultraperifeare regio’s hawwe troch harren sosjale en ekonomyske omstannichheden spesifike ôfspraken mei de EU. Se binne wol folweardich ûnderdiel fan it EU-gebiet.

De Wikipedy hat ek in side Lannen en gebieten oersee.

De lannen en gebieten oersee (LGO) binne lannen of gebietsdielen dy’t in spesjale relaasje mei ien fan de EU-lidsteaten ûnderhâlde. Foarbylden binne de Curaçao, de Falklâneilannen en Grienlân. Lykwols binne der ek ôfhinklike gebieten lykas it eilân Man en de Faeröer dy’t gjin LGO binne en dêrtroch (sa goed as) hielendal bûten de ynfloedsfear fan de EU-ferdraggen falle.

Kandidaat lidsteaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Utwreiding fan de Jeropeeske Uny.

Lannen dy't jerne lid wurde fan de EU wurde kandidaat lidsteaten neamd. Dêrby wurdt it ferskil makke tusken kandidaten en mooglike kandidaten.

Kosovo is net fan alle EU-lidsteaten erkend en hat dêrtroch in aparte posysje.

Utstapte lannen en gebietsdielen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grienlân wie as ûnderdiel fan Denemarken earst ek ûnderdiel fan de Europeeske Mienskip. Sa koenen Europeeske seefiskers yn de wetters om Grienlân hinne fisken en Europeeske bedriuwen sykje nei boaiemskatten. In protte Grienlanners wienen it dêr net mei iens en woenen in referindum ha. Dat krigen se op 23 febrewaris 1982 en stapten nei ûnderhannelingen út de EU. Grienlân hold lykwols de status fan LGO (lannen en gebieten oersee).

Op 23 juny 2016 waard yn it Feriene Keninkryk in referindum oer it lidmaatskip fan de Europeeske Uny holden (Ingelsk: United Kingdom European Union membership referendum, ek EU referendum). De kiezers stimden mei in mearderheid fan 51,9% fan de stimmen foar de Brexit, dus foar opsizzing fan it EU-lidmaatskip. De opkomst by dat referindum wie 72,2%%.[8] It referindum wie lykwols fan riejouwende aard en dus gjin binende útslach. It Britske parlemint moast dus foar de útstap stimme. It wie net dúdlik of de parleminten fan Noard-Ierlân, Skotlân en Wales in feto-rjocht hienen. De ûnderhannelingen oer de útstap duorren mear as twa jier. Per 1 febrewaris 2020 hat it Feriene Keninkryk de Jeropeeske Uny ferlitten.

De Jeropeeske Uny hat sa likernôch 447 miljoen ynwenners (jannewaris 2021).[1]

De Wikipedy hat ek in side Talen fan de Jeropeeske Uny.

De offisjele talen fan de ynstituten fan de Jeropeeske Uny binne:

De EU hat gjin formele bining mei hokfoar leauwen dan ek. Kêst 17 fan it "Ferdrach oangeande de wurking fan de Jeropeeske Uny" ferwiist nei nasjonale wetjouwing.[9]

De dominante religy yn de Jeropeeske Uny is it Kristendom. It Kristendom lit him yn trije haadstreamingen yndiele: It Protestantisme, de Roomsk-katolike tsjerke en de Eastersk-Ortodokse Tsjerke. Neist it Kristendom leaut in minderheid fan de ynwenners oan it Joadendom en de Islam, respektivelik 1 miljoen Joaden [10] en 13 miljoen moslims.[11]

Haadkertier fan Nokia yn Finlân

As men de Europeeske Uny as ienheid sjocht, dan hat de EU mei in BYP fan 18.394 miljard USD yn 2008 de grutste binnenmerk fan de wrâld.[12] It persoanlik ynkommen leit yn de súdlike en eastlike lidsteaten leger as yn it westen en noarden. It heechste gemiddelde hat Lúksemboarch mei 113.044 miljard dollar per jier, yn Bulgarije wurdt mei 6.857 dollar per jier it minst fertsjinne. De ferwachting is dat troch de komst fan nije lidsteaten en harren ekonomyske groei de EU syn titel as grutste ekonomy op de wrâld hâlde kin.

Yn 1969 en 1970 wienen der al plannen foar in monetêre uny. Lykwols krigen dy plannen mei it Ferdrach fan Maastricht yn 1993 in earste grûnslach. De mienskiplik munt waard yn 1999 foar de sintrale banken ynfierd en yn 2002 as wettich betelmiddel. Op dat stuit hienen tolve lannen de euro as betelmiddel ynfierd. Hjoed-de-dei meitsje 18 lannen diel út fan de eurosône, it lêste lân dat lid waard wie Litouwen op 1 jannewaris 2015.

De Jeropeeske Sintrale Bank is ferantwurdlik foar it monetêr belied yn de eurosône.

In binnenmerk is in gebiet dêr't gjin grinzen binne as it om guod, (wurksykjende) minsken, tsjinsten of kapitaal giet. De Jeropeeske Uny foarmet, mei Yslân, Lychtenstein en Noarwegen (ferienige yn de Jeropeeske Frijhannelassosjaasje) de Jeropeeske Ekonomyske Romte. De EU hat yn 1999 mei Switserlân sân bilaterale ferdraggen tekene. De EU hat ek in eigen dûane-uny. Yn dat gebiet wurdt gjin tol frege. De Jeropeeske Dûane-uny hat in mienskiplike toltaryf mei lannen bûten de EU. Neist de Jeropeeske Dûane-uny is der ek noch in aparte dûane-uny fan de EU mei Andorra, San Marino en Turkije.

In inisjatyf dat mei in protte omtinken rekkenje kin is de titel Kulturele Haadstêd fan Europa. Sûnt 1985 wurdt de titel ferliend oan ien as mear Europeesk stêden. Sa'n Europeeske Haadstêd organisearret yn it oanbelangjende jier in grut ferskaat oan kulturele eveneminten. De Europeeske haadstêden kinne yn sa'n jier rekkenje mei mear publisiteit en mear toeristen dy't nei de stêd komme.

Dêrneist hat de EU ferskillende programma's foar minderheden en taalferskaat. It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLUL) waard yn 1982 oprjochte, yn 1987 waard it Mercator netwurk opset.

Underwiis en wittenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stundinten fan it Erasmus program yn Grins.

It foech foar ûnderwiis leit by de lidsteaten. De rol fan de EU beheind him inkeld ta stipe oan de nasjonale oerheden. De klam leit yn it ûnderwiis op útwiksels.

It Lifelong Learning Programme 2007-2013 (LLP) is de opfolger fan it Sokrates program. It LLP hat ferskillende ûnderdielen, dêr’t it Erasmus program faaks noch de bekendste fan is. Yn 1987 begûn it Erasmus program foar ynternasjonale útwiksels tusken studinten en dosinten. Sûnt it begjin hawwe sa likernôch 2 miljoen studinten gebrûk makke fan it program. In oar ûnderdiel fan it LLP is it Comenius program dat partnerskippen tusken skoallen, basisskoallen en fuortset ûnderwiis, befoarderet. Lingua is in program foar it learen fan frjemde talen. It Leonardo da Vinci program ûndernimt aktiviteiten foar studinten dy’t in beropsoplieding dogge.

It Bolognaproses is in inisjatyf fan de Ried fan Jeropa en net fan de EU. Troch syn stipe oan it Bolognaproses draacht de EU by oan in Jeropeeske standardisaasje yn it heger ûnderwiis. It European Credit Transfer System (ECTS) wurdt sûnt de ynfiering fan de Bachelor-masterstruktuer yn it heger ûnderwiis brûkt om de swierte fan (dielen fan) opliedingen fan hegeskoallen en universiteiten mei oan te jaan.

De Jeropeeske Rie foar Undersyk (European Research Council - ERC) is in organisaasje dy’t jildstipe jout foar wittenskiplike ûndersyk. De ERC begûn yn 2007 en wie in inisjatyf fan de Jeropeeske Kommisje. De Jeropeeske Kommisje hat fierders in waarnimmersstatus yn de CERN. De Jeropeeske Uny is ien fan de partners binnen it ITER-projekt, in ynternasjonaal gearwurkingsprojekt dat wittenskiplik ûndersyk docht nei kearnfúzje.

Nettsjinsteande it lytse persintaazje fan it BYP hat it Europeeske lânboubelied in bysûndere rol spile yn de Europeeske ienwurding. Yn 1960 die de Europeeske Kommisje it inisjatyf en kom mei in mienskiplik belied op dat mêd. It Europeeske Lânboubelied waard troch de Rie fan Ministers yn 1962 goedkard en kaam alsa yn wurking. Doel wie in ferheging yn produktiviteit en it foarkommen fan priisskommelingen, sadat de itensproduksje feilich steld wie en de konsumint wis wêze koe fan in passende priis.

It systeem mei priisgarânsjes hie in njonkeneffekt dat net winsklik wie. Produsinten krigen in minimumpriis foar harren produkten. Oerproduksje waard opkocht. Yn it begjin like it belied noch in súkses, mar de oerproduksje boaze hieltyd fierder oan. De gefolgen wienen saneamde de 'bûterberch'. 'molkesee' en 'wynsee'. Omdat de Europeeske Ekonomyske Mienskip de garânsje joech en keapje de oerskotten op, moasten de Europeeske húshâldingen dêr desennialang oan meibetelje. It lânboubelied besloech jierrenlang mear as de helte fan útjeften fan de Europeeske Ekonomyske Mienskip. Dêrneist kaam der troch it priisgarânsjesysteem in rem op ymport út ûntwikkelingslannen. De oerskotten waarden mei Europeeske subsydzjes dumpt yn de ûntwikkelingslannen en de boeren yn dy lannen moasten it belije.

Troch Mc Sharry-herfoarming fan 1992 waard it systeem stadichwei ôfboud. Lykwols kamen der oare subsydzjes foar yn 't plak dy't los steane fan produksjehoemannichten. De grûnslach fan it hjoeddeistige lânboubelied hat twa pylders: it merk- en ynkomstebelied (Pylder I) en it plattelânsûntwikkelingsbelied (Pylder II). Yn it tiidrek 2014-2020 sil it lânboubudzjet, foar beide pylders, jierliks 38,9 persint fan it totale EU budzjet beslaan.[13]

De Sontbrêge tusken Denemark en Sweden is ûnderdiel fan it trans-Europeeske netwurk.

It ynfrastrukturele belied fan de EU rjochtet him benammen op it ferbetterjen fan it grinzeleaze ferfier fan minsken en guod yn de Europeeske binnenmerk. It projekt trans-Europeeske Netwurken (TEN) is ornearre om dat belied om te setten. By it TEN-projekt sil wurke wurde oan de op- en útbou fan sneldiken, treinspoaren, farrûtes, havens, fleanfjilden, mar ek it ferbetterjen navigaasje- en ferkearsmanagementsystemen en it harmonisearjen fan bygelyks ynformaasjesystemen.

In oar Europeesk netwurk is it satellytnavigaasjesysteem Galileo. It wurdt boud troch de Europeeske Uny yn gearwurking mei de Europeeske Romtefeartorganisaasje (ESA). It hiele systeem soe yn 2019 operasjoneel wurde moatte. Dêr binne meiïnoar 30 satteliten foar nedich. Galileo wurdt foaral boud om de Europeeske ôfhinklikens fan de Feriene Steaten lytser te meitsjen, om dat de Feriene Steaten de hiele kontrôle oer it global positioning system (gps) hat.[14]

In oar projekt is Single European Sky. It Europeeske loftferkear wurdt op dit stuit noch kontrolearre troch de lidsteaten dy't elk in eigen loftferkearslieding hawwe.

Ynlânske feiligens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it tekenjen fan it Ferdrach fan Maastricht yn 1992 krige de Europeeske Uny nije taken op it mêd fan justysje en ynlânske polityk. Foar it útfieren fan de ôfspraken neffens de ferdraggen fan de Europeeske Uny binne ferskate agintskippen oprjochte. Europol foar gearwurking tusken plysjes, Eurojust foar gearwurking tusken rjochterlike autoriteiten, en Frontex foar gearwurking tusken grinswachten. Troch it Ferdrach fan Schengen waarden de binnengrinzen tusken de Schengen-lannen iepen steld. De EU brûkt it Schengen Ynformaasje Systeem as mienskiplike databank foar plysjes en grinswachtautoriteiten.

Tema:Europeeske Uny – Wikipedy hat ek in temaside oer de Europeeske Uny

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Jeropeeske Uny – foto, fideo en harktriemmen
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Jeropeeske Uny – geografyske en histoaryske kaarten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Eurostat
  2. Europa - Treaties and law (sjoen op 28 july 2010)
  3. Europa.eu: The Schuman Declaration - 9 May 1950 (sjoen op 1 augustus 2016)
  4. Oersjoch fan de Nobelpriiswinners op nobelprize.org
  5. Ferdrach oangeande de Europeeske Uny, Kêst 13.
  6. agentschap.nl oer EU-wetjouwing
  7. DiePresse.com: EU-Erweiterung: EU-Tür für Albanien bleibt zu (publisearre; 18 desimber 2013) (sjoen op 14 juny 2014)
  8. EU referendum results, BBC News, 24. Juni 2016 (englisch)
  9. Consolidated versions of the Treaty on European Union and the Treaty on the Functioning of the European Union (sjoen op 28 july 2010)
  10. Terms of Survival: The Jewish World Since 1945 (side 2) skreaun troch Robert S. Wistrich (sjoen op 28 july 2010)
  11. Mapping the Global Muslim Population: A Report on the Size and Distribution of the World’s Muslim Population fan it Pew Research Center (sjoen op 28 july 2010)
  12. The World Factbook CIA: oer de Europeeske Uny
  13. Europa.eu: Budget (sjoen op 16 juny 2014)
  14. Europa Nu: Galileo (sjoen op 22 maaie 2014)
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje